Top 10 similar words or synonyms for toanielrollen

typisch    0.789004

kwakye    0.778720

disco    0.775404

surrealistyske    0.774084

oppassen    0.770831

itensprodukten    0.770787

stax    0.765854

harkspullen    0.764709

kojak    0.763017

rhylee    0.761961

Top 30 analogous words or synonyms for toanielrollen

Article Example
Michelle Lukes Lukes waard yn 1984 berne yn Londen, en wie ferskate jierren yn it Londenske West End wurksum foar't se in aktearoplieding yn 'e "Bristol Old Vic" folge. Se helle yn 2007 har diploma en wûn dêrby de "Newton Blick Award" foar alsidich talint. Neitiid hie Lukes withoefolle toanielrollen foar selskippen as de "Royal Shakespeare Company", it "Royal National Theatre" en "Salisbury Playhouse".
Annemieke Verdoorn Earder hie Verdoorn benammen toanielrollen (ek yn musicals), al spile se ek yn films as "Les Branchés à Saint-Tropez" (1983) en de "Grijpstra en De Gier"-detektive "De Ratelrat" (1987) (as seksy motoraginte). Yn 1985 naam se ûnder de skûlnamme Margo mei fiif oare artysten (wêrûnder Ireen Sheer, Malcolm Roberts en Chris Roberts) foar Lúksemboarch diel oan it Eurofyzjesongfestival, mei it ferske "Children, Kinder, Enfants", dat op it trettjinde plak einige.
Geert de Jong De Jong waard yn 1951 berne yn it stedsje Dyst (Diest), yn Flaamsk-Brabân. Se studearre yn 1972 ôf by de Studio Herman Teirlinck yn Antwerpen en spile sûnt 1973 by Toneelgroep De Appel yn De Haach. Dêr fertolke se in grut tal toanielrollen, wêrûnder de titelrol yn 'e Shakespeariaanske komeedzje "De Fekke Nuet", yn it seizoen 1978-1979. Sûnt 2004 is De Jong by De Appel ek wurksum as regisseur.
Rudi Falkenhagen Njonken syn tillefyzjewurk spile Falkenhagen ek withoefolle toanielrollen, faak mei de selskippen "Studio" en "Ensemble", mar gauris ek los dêrfan. Sa wied er yn in grut tal kluchten te sjen, lykas "Goeie Buren", "Huwelijk in de Steigers" en "Joost Mag Het Weten", trije stikken dêr't er yn gearwurke mei Piet Bambergen. Yn 'e regel fertolke Falkenhagen op it toaniel wichtige byrollen, mar gjin haadrollen. Fral it spyljen fan plysjes of oare gesachsdragers lei him goed. Ek yn films wie Falkenhagen te sjen, bgl. as in ûnmeilydsume poaier yn "De Poolse Bruid" (1998) en as dr. Boom yn 'e bernefilm "Sinterklaas en het Geheim van de Robijn" (2003).
Myra Ward Ward spile al mei tolve jier har earste toanielrollen. Teffens trede se op yn ballet en by de Fritz Hirsch Operette. Yn 1935 debutearre hja by it Rotterdamsch Hofstad Tooneel fan Cor van der Lugt Melsert yn De Haach. Sy wie troud mei Louis de Bree fan 1941 oant en mei 1949. By it "Rotterdamsch Hofstad Tooneel" krige se kunde oan har twadde man Paul Steenbergen; sy boasken op 2 oktober 1950). Fan 1946 oant 1949 siet se yn it selskip fan Cor Ruys. Fan 1949 ôf oan wie se ferbûn oan de "Haagse Comedie". Se wûn de Theo d'Or yn 1957, de toanielpriis foar de bêste frouljus haadrol. Yn 1973 gie hja tegearre mei har man by de Haachske Komedy wei.