Top 10 similar words or synonyms for kojak

playlist    0.951765

fiend    0.951551

quintessential    0.949393

sliders    0.946939

girlz    0.946676

barnaby    0.946330

blueprint    0.945244

disappearance    0.944972

delivered    0.944840

clone    0.944045

Top 30 analogous words or synonyms for kojak

Article Example
Roger E. Mosley Yn 1963 sette Mosley útein mei in karriêre as akteur, wêrby't er meast op 'e planken stie. Yn 1974 rjochte er it toanielselskip de Watts Repertory Company op. Njonken syn toanielwurk spile Mosley ek yn ferskate films en tillefyzjesearjes. Syn bekendste filmrol hied er as it titelpersonaazje yn 'e spylfilm "Leadbelly", út 1976, ûnder rezjy fan Gordon Parks. Op 'e tillefyzje hied er gastrollen yn searjes as "Night Court", "Starsky and Hutch", "Kojak", "The Rockford Files", "Baretta" en "Sanford and Son". Dêrnjonken spile er ek yn 'e minysearje "Roots: The Next Generation".
Héctor Elizondo As tillefyzje-akteur hie Elizondo gastrollen yn fiif desennia oan Amerikaanske searjes, wêrûnder "All in the Family", "Kojak", "Baretta", "Kolumbo", "Hill Street Blues", "Matlock", "Early Edition", "The West Wing", "Without a Trace" en "Grey's Anatomy". Fan 1994 oant 2000 hied er ien fan syn bekendste rollen yn 'e sikehûsrige "Chicago Hope", as dokter Phillip Watters. Dêrfoar wûn er yn 1997 in "Emmy Award" (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis). Yn 2011 waard Elizondo cast yn 'e rol fan 'e eksintrike Baskyske suvivalwinkeleigner Ed Alzate, de baas fan it personaazje fan Tim Allen, yn 'e komeedzjesearje "Last Man Standing", dy't mids 2015 noch altyd rint.
Robert Loggia Yn 'e jierren santich spile Loggia yn searjes as "The Untouchables", "Ellery Queen", "The Big Valley", "Rawhide", "Charlie's Angels", "Starsky and Hutch", "Columbo", "Kojak" en "Hawaii Five-0". Letter wied er ek te sjen yn gastrollen yn "The Little House on the Prairie", "Falcon Crest", "Magnum, P.I.", "Frasier" en "The Sopranos", wêryn't er de gewelddiedige maffioso Feech La Marna spile. Dêrnjonken wie Loggia ek as tillefyzjeregisseur aktyf, û.m. fan ôfleverings fan 'e detektivesearjes "Quincy M.E.", "Magnum, P.I." en "Hart to Hart". Regisseur Blake Edwards caste Loggia fierders gauris yn byrollen yn syn films, wêrûnder "Revenge of the Pink Panther" (1978) en "S.O.B." (1981).
John Hillerman Syn tillefyzjedebút makke Hillerman yn 1972 yn 'e tillefyzjesearje "The Sixth Sense". Letter hied er ek gastrollen yn searjes as "Mannix", "Kojak", "Serpico", "Hawaii Five-O", "Wonder Woman", "The Love Boat", "Hart to Hart" en "Lou Grant". Yn it tillefyzjeseizoen 1975-1976 hied er syn earste fêste rol yn 'e searje "Ellery Queen", as tsjinspiler fan Jim Hutton. Fan 1976 oant 1980 hied er in weromkearende rol yn "One Day at a Time", en yn 1977 hearde er ta de fêste cast fan 'e "The Betty White Show", as de eks-man fan aktrise Betty White.