Top 10 similar words or synonyms for kwakye

petroro    0.873115

stripped    0.871619

xene    0.869472

kronology    0.861035

serpento    0.859746

manto    0.859514

ceremony    0.859489

sensual    0.859227

tropic    0.857860

raye    0.857654

Top 30 analogous words or synonyms for kwakye

Article Example
Georgina Kwakye Georgina Kwakye (útspr.: [ʤɔ:r'ʤi:na 'kwa:ʦi], likernôch: "dzjôrdzjiina kwaatsy"; Utert, 18 juny 1979) is in Nederlânsk aktrise, presintatrise, model en tillefyzjeprodusinte fan mingd Ganeesk-Hongaarsk etnysk komôf. Hja waard bekend mei har rol as Gladys Bloem, yn 'e soapsearje "Goede Tijden, Slechte Tijden". Tsjintwurdich is Kwakye benammen aktyf as produsinte en dokumintêremakster.
Georgina Kwakye Kwakye sette har karriêre yn har tinerjierren útein as model, wêrby't se meiwurke oan fotoreportaazjes en as mannekên yn moadeshows rûn. Yn 1999 waard se frege en doch audysje foar de rol fan Bibi Zuidgeest yn 'e soapsearje "Goudkust". Kwakye besleat dêrfan ôf te sjen om ynstee in algehiele screentest te ûndergean. Yn 2000 die se audysje foar de rol fan Terra Bloem, yn "Goede Tijden, Slechte Tijden". Dy rol gie úteinlik nei Chanella Hodge, mar de makkers fan 'e rige wiene sa fan har ûnder de yndruk, dat se spesjaal foar Kwakye de rol fan Gladys Bloem, de jongere suster fan Terra, skreaune.
Georgina Kwakye Yn earste ynstânsje gie it by Kwakye har meiwurking oan "Goede Tijden, Slechte Tijden" om in gastrol fan in fearnsjier, mar úteinlik rûn it út op in haadrol dy't hast twa jier duorre. Yn 2002 waard yn ûnderling oerlis besletten dat it kontrakt net nochris ferlinge wurde soe, mei't de rol fan Gladys eins útspile wie en it personaazje goed en wol beskôge neat mear yn Meerdijk (it fiktive plak dêr't "Goede Tijden, Slechte Tijden" spilet) te sykjen hie. Boppedat wie Kwakye sels op dat stuit al yn ûnderhanneling mei de muzykstjoerder MTV.
Georgina Kwakye Yn 2006 rjochte Kwakye har eigen bedriuw op, mei as namme "Georgies", dêr't se mei produsearret en presintearret op eveneminten as it muzykfestival Lowlands en it Drum Rhythm Festival. Teffens jout se workshops oer presintaasje. Ek makket se tillefyzjeprogramma's oer minsken, kultueren en earlike hannel, û.o. foar de digitale stjoerder GoedTV. Fierders wurket Kwakye ek noch altyd as presintatrise op 'e tillefyzje, û.m. yn 'e programma's "RTV op Reis", "Z@ppelin Kindertelefoon", "Flex M", "Jouw Milieu op de Buis", "Heel Holland Helpt" (fan 'e EO) en har eigen "Ghanasi TV", mei projektynformaasje oer har ûntwikkelingswurk yn Gana.
Georgina Kwakye Neitiid presintearre Kwakye yn 2004 foar de NCRV it berneprogramma "Buya Backstage". Tegearre mei har kollega Edgar Wurfbain makke se yn 2005 in dokumintêre oer de projekten fan har Ganeeske heit, dy't hertsjirurch is. Teffens rjochte se doe de stifting "Ghanasi" op, mei as doel om it ûnderwiis en de sûnenssoarch yn Gana te ûnderstypjen. Har earste stap op dat mêd wie de oprjochting fan in middelbere skoalle yn har heite bertedoarp.