Top 10 similar words or synonyms for rasnûmer

kennelklub    0.882207

emiraten    0.825633

naasjes    0.773308

eastyndyske    0.770318

metodistyske    0.710584

emirates    0.701113

societé    0.693625

verenigd    0.690952

staeten    0.690702

arslan    0.685634

Top 30 analogous words or synonyms for rasnûmer

Article Example
Ynternasjonale Kynologyske Federaasje Hûnerassen wurde troch de FCI foarsjoen fan in rasnûmer en yndield by ien fan tsien groepen:
Dútske hardershûn Dútske hardershûnen hawwe in dûbele pels. De langere bûtenlaach ferhierret it hiele jier rûn, wylst de ûnderlaach folle tichter en tsjûker is. Dútske harders komme foar yn twa fariëteiten: langhierrich en koarthierrich (eins middellanghierrich). Om't langhierrigens yn dizze hûnen in resessive eigenskip is, komt it folle minder faak foar. Beide fariëteiten binne akseptabel. De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje hat de Dútske harder it rasnûmer 166 tawiisd, wêrby't de koarthierrige fariëteit 166a is en de langhierrige 166b.
Koaikerhûntsje Pas yn 1971 waard it koaikerhûntsje troch de Ried fan Behear op Kynologysk Mêd yn Nederlân, de autoriteit op it terrein fan 'e kynology yn Nederlân, as in apart ras erkend. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan it koaikershûntsje beheard troch de Feriening it Nederlânske Koaikerhûntsje (VNK). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje 2, mei it rasnûmer 314. De Feriene Kennelklub (UKC) erkende it koaikerhûntjse oarspronklik as in steande hûn, mar hat dy klassifikaasje per 1 jannewaris 2014 feroare yn wurkhûn.
Wetterhûn Hoewol't de wetterhûn ûnder de Twadde Wrâldoarloch as ras suver útstoar, wisten leafhawwers him nei de oarloch mei rjochte en foarsichtige fokkerij wer by de wâl op te helpen. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan 'e wetterhûn beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW) en de Wetterhûnferiening Nederlân (WVN). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje wetterhûnen, mei it rasnûmer 221. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de wetterhûn as in steande hûn. Om utens wurde wetterhûnen promoate as in seldsum ras dat ynteressant is foar lju dy't in ûngewoan húsdier sykje.
Stabij Tsjintwurdich bestiet der yn Nederlân in beskieden tal fanatike stabij-leafhawwers, dy't de hûn ornaris foar selskip of sport hâlde. It stamboek fan 'e stabij wurdt beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW). Ek yn it Feriene Keninkryk, Noard-Amearika en Skandinaavje wint it ras oan populariteit. Wrâldwiid wurdt de stabij erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 7, seksje 1, mei it rasnûmer 222. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de stabij (noch) net. Yn 2013 waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld, mar it oantal nimt stadichoan ta. Der binne op 't heden wrâldwiid sa'n 3.500 orizjinele stabijen. Sûnt de milenniumwiksel binne guon stabij-eigners dermei úteinset om har hûnen te krusen mei Labrador-retrievers. De resultearjende hûnen lykje sterk op Labradors, mar hawwe mear it (koppiger) karakter fan 'e stabij.