Top 10 similar words or synonyms for naasjes

eastyndyske    0.826840

steaten    0.818887

kennelklub    0.781409

emiraten    0.779304

rasnûmer    0.773308

monofysitisme    0.713627

goodwill    0.682249

keninkryk    0.663725

sowjetrepublyk    0.662734

uniting    0.656427

Top 30 analogous words or synonyms for naasjes

Article Example
Feriene Naasjes De siktaris-generaals fan de Feriene Naasjes:
Feriene Naasjes De Feriene Naasjes hat seis bestjoersorganen.
Feriene Naasjes It Ynternasjonaal Gerjochtshof is it wichtichste rjochterlike orgaan fan de Feriene Naasjes. It hof hat 15 rjochters, dy't keazen wurde troch de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. It Ynternasjonaal Gerjochtshof sit yn De Haach yn it Fredespaleis. It Fredespaleis is ek de setel fan it Permanint Hof fan Arbitraazje en it Ynternasjonaal Strafhof.
Feriene Naasjes De Trustskipsried hâldt tafersjoch op it bestjoer fan de gebieten dy't ûnder it ynternasjonale trustskipsstelsel pleatst binne (de mandaatgebieten). De measte mandaatgebieten wienen koloniale gebieten fan lannen dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferslein waarden. It lêste trustgebiet, Palau, krige syn ûnôfhinklikens op 1 oktober 1994. Omdat der gjin mandaatgebieten mear wienen is der yn maaie 1994 besletten oom allinnich noch gear te kommen as de Presidint fan de Trustskipsried of in meardertal fan de lidsteaten dat wol. De ried bestiet sûnt 1975 út de fiif fetolannen; de Folksrepublyk Sina, Frankryk, de Russyske Federaasje, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten.
Feriene Naasjes De foarrinder fan de FN wie it Folkebûn, oprjochte op 25 jannewaris 1919 (de 1e algemiene gearkomste wie op 10 jannewaris 1920). Yn 1946 waard it Folkebûn opheven. De oprjochting fan de Feriene Naasjes fûn plak op 26 juny 1945 yn San Fransisko troch it ûndertekenjen fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes, dat op 24 oktober 1945 fan krêft waard. Alger Hiss wie tydlik Siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes by de oprjochting. Hy moast omtinken jaan oan it lykwicht fan de naasjes by de Konferinsje fan de Feriene Naasjes yn 1945. Fierders hie er it oanlûken fan yn totaal 494 wurkkrêften foar de FN yn syn portefúlje. Hiss wie lykwols gjin "offisjele" siktaris-generaal, om't de organisaasje noch yn oprjochting wie. Doe't de Feriene Naasjes oan de ein fan 1945 formeel oprjochte waard, kamen syn funksjes te ferfallen en waard de Noar Trygve Lie troch de Algiemene Gearkomste keazen as de earste offisjele siktaris-generaal. Yn jannewaris 1946 wienen de earste gearkomsten fan de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. By dy gearkomsten yn Londen wienen 51 lannen fertsjintwurdige. Yn it begjin hie de ynternasjonale organisaasje de offisjele namme United Nations Organization (UNO), mar al gau waard dat yn it deistich brûken fan de namme ôfkoarte ta United Nations (UN). Dizze namme is no formeel fêstlein. Yn 2001 krige de FN de Nobelpriis foar de Frede foar harren krewearjen foar in better organisearre en freedsumere wrâld.