Top 10 similar words or synonyms for kennelklub

rasnûmer    0.882207

naasjes    0.781409

emiraten    0.781037

eastyndyske    0.779420

metodistyske    0.720749

verenigd    0.690001

handball    0.660373

suvelfabriken    0.653780

steaten    0.647877

keninkryk    0.626257

Top 30 analogous words or synonyms for kennelklub

Article Example
Nijfûnlanner (hûn) Nijfûnlanners hawwe swimfluezzen tusken de teannen en in wetterôfstjittende pels. De skofthichte bedraacht 56-76 sm, en de lichemslingte, sturt ynbegrepen, is likernôch 1,8 m. Rikels hawwe in gewicht fan 60-70 kg, en teven fan 45-55 kg. Yn ekstreme gefallen kinne Nijfûnlanners noch oansjenlik swierder wêze, mei in rekôr fan 120 kg. De tastiene kleuren foar de Nijfûnlanner binne neffens de Amerikaanske Kennelklub (AKC): swart, brún, grizich en swart-wyt bûnt. De Kanadeeske Kennelklub (CKC) stiet inkeld de kleuren swart en swart-wyt bûnt ta. De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI), de meast gesachhawwende kynologyske organisaasje yn Jeropa, stiet de kleuren swart en brún ta, wylst de swart-wyt bûnte hûnen ûnder namme landseer as in apart ras beskôge wurde, dat net mei de Nijfûnlanner krúst wurde mei.
Wetterhûn Hoewol't de wetterhûn ûnder de Twadde Wrâldoarloch as ras suver útstoar, wisten leafhawwers him nei de oarloch mei rjochte en foarsichtige fokkerij wer by de wâl op te helpen. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan 'e wetterhûn beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW) en de Wetterhûnferiening Nederlân (WVN). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje wetterhûnen, mei it rasnûmer 221. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de wetterhûn as in steande hûn. Om utens wurde wetterhûnen promoate as in seldsum ras dat ynteressant is foar lju dy't in ûngewoan húsdier sykje.
Koaikerhûntsje Pas yn 1971 waard it koaikerhûntsje troch de Ried fan Behear op Kynologysk Mêd yn Nederlân, de autoriteit op it terrein fan 'e kynology yn Nederlân, as in apart ras erkend. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan it koaikershûntsje beheard troch de Feriening it Nederlânske Koaikerhûntsje (VNK). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje 2, mei it rasnûmer 314. De Feriene Kennelklub (UKC) erkende it koaikerhûntjse oarspronklik as in steande hûn, mar hat dy klassifikaasje per 1 jannewaris 2014 feroare yn wurkhûn.
Stabij Tsjintwurdich bestiet der yn Nederlân in beskieden tal fanatike stabij-leafhawwers, dy't de hûn ornaris foar selskip of sport hâlde. It stamboek fan 'e stabij wurdt beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW). Ek yn it Feriene Keninkryk, Noard-Amearika en Skandinaavje wint it ras oan populariteit. Wrâldwiid wurdt de stabij erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 7, seksje 1, mei it rasnûmer 222. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de stabij (noch) net. Yn 2013 waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld, mar it oantal nimt stadichoan ta. Der binne op 't heden wrâldwiid sa'n 3.500 orizjinele stabijen. Sûnt de milenniumwiksel binne guon stabij-eigners dermei úteinset om har hûnen te krusen mei Labrador-retrievers. De resultearjende hûnen lykje sterk op Labradors, mar hawwe mear it (koppiger) karakter fan 'e stabij.