Top 10 similar words or synonyms for random

penguin    0.909671

group    0.868269

house    0.818027

corp    0.813657

macmillan    0.808740

corporation    0.796832

publishers    0.790461

books    0.784221

doubleday    0.772098

harpercollins    0.770112

Top 30 analogous words or synonyms for random

Article Example
Random House Random House is in Amerikaanske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1927 en fêstige is yn New York (om persiis te wêzen oan Broadway 1745 yn Manhattan). It is hjoed de dei de grutste útjouwerij fan algemiene literatuer yn 'e wrâld. Sûnt 1998 is Random House eigendom fan Bertelsmann AG, en it makket diel út fan Penguin Random House, in "joint venture" fan Bertelsmann en Pearson PLC. Njonken syn (wichtichste) útjouwerijtûke omfiemet Random House ek in entertainmentproduksjetûke op it mêd fan tillefyzje en film, dy't Random House Studio hjit. Fierders produsearret dy difyzje ek eftergrûnkontekst (de "ferhaallinen") foar fideospultsjes, sosjale ynternetmedia en mobile platfoarms.
Random House De earste grutte oernames fan oare útjouwerijen troch Random House wiene dy fan Alfred A. Knopf, Inc. yn 1960 en fan Pantheon Books yn 1961. Letter folgen noch withoefolle oaren, wêrfan't de bekendsten Ballantine Books, Bantam Books, Dell Publishing, Doubleday Publishing en Transworld Publishers binne. Random House giet noch altyd troch mei it útbringen fan titels ûnder de nammen fan 'e oernommen útjouwerijen, dy't sadwaande no ymprints wurden binne. Sels waard Random yn 1998 oernommen troch it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dat dêrnei yn 2013 in "joint venture" oangie mei it Britske Pearson PLC troch Random House en de Penguin Group tegearre ûnder te bringen by Penguin Random House.
Random House Random House waard yn 1927 oprjochte troch de Amerikaanske útjouwers Bennet Cerf en Donald Klopfer, twa jier nei't dy de Modern Library-ymprint (foar werútjeften fan literêre klassiken) oernommen hiene fan Horace Liveright. Cerf sei dêroer: ""We seine tsjininoar dat we as njonkenaktiviteit gewoan op willekeurige basis in pear boeken útjaan soene."" En út dy útspraak soe de namme Random House ("random" is Ingelsk foar "willekeurich") berne wêze. Yn 1947 joech Random House foar it earst in wurdboek út, te witten it "American College Dictionary", dat yn 1966 folge waard troch Random House syn earste ûnferkoarte wurdboek fan 'e Ingelske taal. Tsjintwurdich hearre it "Random House Dictionary of the English Language" en it "Random House Webster's College Dictionary" ta de heechst oanskreaune wurdboeken dy't yn 'e Feriene Steaten útjûn wurde.
Random House In opsomming fan 'e difyzjes en ymprints fan Random House:
Penguin Random House Penguin Random House leit him ta op it útjaan fan sawol literatuer foar folwoeksenen as bernelektuer, en publisearret sawol fiksje as non-fiksje. It bedriuw is yn prinsipe yn 'e hiele wrâld aktyf, mar benammen yn 'e Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Kanada, Ierlân, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Yndia, Dútslân, Spanje, Meksiko, Argentynje, Oerûguay, Kolombia en Sily. Der wurkje wrâldwiid mear as 10.000 minsken by Penguin Random House, en it bedriuw omfiemet krapoan 250 ymprints en dochterútjouwerijen, dy't jiers mei-inoar mear as 15.000 nije titels publisearje.