Top 10 similar words or synonyms for publishers

macmillan    0.915558

harpercollins    0.894723

ace    0.868657

publishing    0.868450

books    0.862685

publications    0.857354

group    0.845481

harlequin    0.836788

harcourt    0.830202

penguin    0.824545

Top 30 analogous words or synonyms for publishers

Article Example
HarperCollins Publishers HarperCollins Publishers LLC is in Amerikaansk-Britsk bedriuw dat ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e wrâld foarmet (njonken de Hachette Book Group, Holtzbrinck-Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It waard yn 1989 oprjochte as de útjouwerijdifyzje fan News Corp, en hat syn haadkertier oan Broadway 195 te New York.
HarperCollins Publishers Yn 1987 naam News Corp de Amerikaanske útjouwerij Harper & Row oer, dat in fúzje wie fan Harper & Brothers (oprjochte yn 1817) en Row, Peterson & Co. Nei't yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit fan News Corp kaam, waarden de beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. It logo fan it nije bedriuw wie ek in gearstalling fan it toartslogo fan Harper & Row en it fonteinlogo fan William Collins, Sons, en pleatst de flammen fan 'e toartse op 'e weagen fan 'e fontein.
Publishers Weekly Publishers Weekly (PW) is in Amerikaansk wykblêd en literêr tydskrift, dat him foar syn lêzerspublyk as fakblêd taleit op útjouwers, bibletekarissen, boekferkeapers, literêre aginten en literatuerkritisy. It bestiet sûnt 1872 en ferskynt 51 kear yn 't jier by de eigen útjouwerij PWxyz LLC (foarhinne Publishers Weekly, Inc.). Tsjintwurdich leit de klam benammen op 'e resinsjes fan nijferskynde boeken.
HarperCollins Publishers In oare bekende ymprint fan HarperCollins is HarperVoyager, foarhinne bekend as Voyager, de wrâldwide science fiction- en fantasy-ymprint fan 'e útjouwerij. Dêryn is de Britske ymprint HarperCollins Science Fiction & Fantasy kombinearre mei de Amerikaanske ymprint Eos, dy't earder ûnderdiel útmakke fan Avon Books. Fia HarperCollins Science Fiction & Fantasy, dy't Tolkien syn oarspronklike útjouwer George Allen & Unwin oernommen hie, hat HarperVoyager tsjintwurdich û.m. de rjochten op "The Hobbit" en "The Lord of the Rings" yn 'e hannen.
Macmillan Publishers Macmillan waard yn 1843 yn Londen oprjochte troch Daniel en Alexander Macmillan, twa Skotske bruorren dy't ôfkomstich wiene fan it eilân Arran, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Hebriden. Fan dy beiden hie Daniel ferstân fan saken, wylst Alexander niget hie oan literatuer. Tegearre soargen se derfoar dat sokke grutte nammen as Charles Kingsley, Thomas Hughes, Christina Rossetti, Lewis Carroll, Alfred Lord Tennyson, Thomas Hardy en Rudyard Kipling harren wurk by Macmillan publisearren. Behalven literatuer brocht de útjouwerij ek non-fiksje út, wêrûnder standertneislachwurken lykas it "Grove Dictionary of Music and Musicians" (1877) en it "Dictionary of Political Economy" (1894-1899).