Top 10 similar words or synonyms for macmillan

publishers    0.915558

harpercollins    0.864851

books    0.848270

harcourt    0.846535

penguin    0.842811

publications    0.841001

publishing    0.835257

ace    0.834617

group    0.829525

putnam    0.829049

Top 30 analogous words or synonyms for macmillan

Article Example
Macmillan Publishers Macmillan Publishers Ltd., ek wol bekend as de Macmillan Group, is in Britske útjouwerij, dy't oprjochte waard yn 1843 en dy't fêstige is yn Londen. It is ien fan 'e grutste en meast foaroansteande útjouwerijen fan it Feriene Keninkryk, dy't wrâldwiid aktyf is, mei kantoaren yn 41 ûnderskate lannen. Sûnt 1995 makket Macmillan ûnderdiel út fan 'e Dútske Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.
Macmillan Publishers Yn 'e tweintichste iuw brocht Macmillan Publishers wurken út fan bygelyks William Butler Yeats en Margaret Mitchell. Yn 1964, nei't er him weromlutsen hie út 'e polityk, waard de eardere Britske premier Harold Macmillan presidint-direkteur fan 'e útjouwerij, in funksje dy't er oant syn dea yn desimber 1986 útoefenje soe. Nei't yn 1987 de earder selsstannige útjouwerij Pan Books folslein oernommen wie troch Macmillan, waard ek úteinset mei it útjaan fan boeken ûnder de ymprint Pan Macmillan. Macmillan Publishers wie ien fan 'e âldste selsstannige útjouwerijen yn Grut-Brittanje, doe't de famylje Macmillan yn 1995 in mearderheidsbelang fan 70% yn it bedriuw ferkocht oan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH. De restearjende 30% waard yn 1999 troch Holtzbrinck opkocht, wêrmei't in ein kaam oan 'e bemuoienissen fan 'e famylje Macmillan mei de útjouwerij. It Amerikaanske Macmillan kaam ûnderwilens yn 1998 yn 'e hannen fan Pearson PLC, dat it yn 2001 trochferkocht oan Holtzbrinck. Sadwaande binne fan dy tiid ôf alle rjochten op 'e namme Macmillan wer yn ien hân.
Macmillan Publishers Macmillan waard yn 1843 yn Londen oprjochte troch Daniel en Alexander Macmillan, twa Skotske bruorren dy't ôfkomstich wiene fan it eilân Arran, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Hebriden. Fan dy beiden hie Daniel ferstân fan saken, wylst Alexander niget hie oan literatuer. Tegearre soargen se derfoar dat sokke grutte nammen as Charles Kingsley, Thomas Hughes, Christina Rossetti, Lewis Carroll, Alfred Lord Tennyson, Thomas Hardy en Rudyard Kipling harren wurk by Macmillan publisearren. Behalven literatuer brocht de útjouwerij ek non-fiksje út, wêrûnder standertneislachwurken lykas it "Grove Dictionary of Music and Musicians" (1877) en it "Dictionary of Political Economy" (1894-1899).
Macmillan Publishers Macmillan fêstige yn 1869 troch syn folmacht George Edward Brett ek in kantoar yn New York, mar ferkocht syn belangen yn 'e Feriene Steaten yn 1896 oan Brett syn soan en pakesizzer, George Platt Brett sr. en George Platt Brett jr. Dy besleaten fanwegen nammebekendheid om 'e namme fan Macmillan Publishers te behâlden, ek al wie it Amerikaanske Macmillan fan dy tiid ôf in folslein selsstannich bedriuw. It Britske Macmillan bejoech him yn 1952 op 'e nij op 'e Amerikaanske merk fia syn dochterûndernimming St. Martin's Press.
Macmillan Publishers USA Yn 1869 ferfear George Edward Brett, in wurknimmer fan 'e Britske útjouwerij Macmillan Publishers, nei de Feriene Steaten, om yn New York in Amerikaanske fêstiging fan it bedriuw op te setten. Yn 1896 ferkocht de Britske memme-ûndernimming al syn belangen yn 'e Feriene Steaten oan Brett syn soan en pakesizzer, George Platt Brett sr. en George Platt Brett jr., sadat Macmillan Publishers USA in folslein selsstannich bedriuw waard. Lykwols bestiene der yn dy tiid tige nauwe freonskiplike bannen tusken de famyljes Brett en Macmillan, en de Bretts besleaten om fanwegen nammebekendheid de bedriuwsnamme "Macmillan Publishers" oan te hâlden.