Top 10 similar words or synonyms for otterdoksy

eastersk    0.865541

etiopysk    0.840413

oriïntaalsk    0.838247

otterdokse    0.837298

ortodokse    0.795706

otterdoksen    0.738990

memmetsjerke    0.730763

protestantske    0.724696

autosefale    0.722596

roomsk    0.721130

Top 30 analogous words or synonyms for otterdoksy

Article Example
Eastersk-otterdoksy De saneamde âldkalindristen binne groepen dy't wegeren om 'e oanpaste Juliaanske Kalinder yn te fieren foar it fêststellen fan 'e hjeldagen. De wichtichste tsjerken út dizze groep binne:
Oriïntaalsk-otterdoksy Dit is in list fan 'e oriïntaalsk-otterdokse tsjerken mei de autosefale tsjerken ûnder harren gesach.
Eastersk-otterdoksy De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.
Eastersk-otterdoksy As tsjerke-organisaasje los fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke giet de eastersk-otterdoksy werom op it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't de paus fan Rome, Leo IX, de patriarch fan Konstantinopel, Michael Caerularius, ekskommunisearre en de patriarch de op syn beurt de paus yn 'e ban die. De oarsaak foar dy brek moat socht wurde yn 'e kulturele ferskillen en teologyske skelen dy't altyd al tusken it Gryksktalige easten en it Latynsktalige westen bestien hiene, mar dy't sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk, yn 476, almar grutter wurden wiene. Dêrnjonken spilen ek de fersteurde politike ferhâldings tusken east en west derby in rol. De paus, as biskop fan Rome, easke it gesach oer de eastlike patriargaten op, wylst de patriarch fan Konstantinopel fan betinken wie dat hysels, as fertsjintwurdiger fan it "Nije Rome" (Konstantinopel), it measte rjocht hie om as spiritueel lieder fan 'e easterske tsjerke te fungearjen. In oar wichtich punt dat it skisma yn 'e hân wurke, wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it "Filioque" oan 'e leauwensbelidenis; om't dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen wie, woe de easterske tsjerke him net akseptearje en beskôge dy it "Filioque" as teologysk ynkorrekt (oftewol kettersk).
Eastersk-otterdoksy Dan binne der noch twa groepen lytsere tsjerkegenoatskippen dy't fanwegen dogmatyske skelen fan 'e fêstige eastersk-otterdokse tsjerken ôfspjalte binne.