Top 10 similar words or synonyms for eastersk

oriïntaalsk    0.916456

otterdoksy    0.865541

otterdokse    0.858866

etiopysk    0.844969

otterdoksen    0.840785

otterdoks    0.784873

syrysk    0.771507

ortodokse    0.770350

roomsk    0.764520

denominaasjes    0.759113

Top 30 analogous words or synonyms for eastersk

Article Example
Eastersk-otterdoksy De saneamde âldkalindristen binne groepen dy't wegeren om 'e oanpaste Juliaanske Kalinder yn te fieren foar it fêststellen fan 'e hjeldagen. De wichtichste tsjerken út dizze groep binne:
Eastersk kristendom It eastersk kristendom is mei it westersk kristendom ien fan 'e beide dielen fan it kristlik leauwe, en beslacht alle kristlike tradysjes dy't net út West-Jeropa stamje. De terminology fan "westersk" en "eastersk" giet yn kristlik ferbân werom op 'e twadieling yn 'e iere tsjerke tusken it Latynske westen en it Gryksktalige, hellenistyske easten, mar it eastersk kristendom is lang sa'n ienheid net as dat it westersk kristendom is, en feitliks hawwe in protte fan 'e "easterske" tsjerken yn histoarysk sawol as teologysk opsjoch folle mear gemien mei it westersk kristendom as mei-inoar. It eastersk kristendom makket sa'n 10% fan alle kristlike leauwenden út en is konsintrearre yn East-Jeropa, de Balkan, it Midden-Easten, de súdlike Kaukasus, Lyts-Aazje, noardeastlik Afrika, de Hoarn fan Afrika en de súdwestpunt fan Yndia. Yn it earste milennium fersprate it him ek nei Sintraal-Aazje en parten fan it Fiere Easten, mar dêr is it neitiid weiwurden.
Eastersk-katolisisme It eastersk-katolisisme is in streaming binnen it eastersk kristendom dy't opmakke is út in rige tsjerken fan sawol nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse as eastersk-otterdokse synjatuer. Se foarmje histoarysk noch teologysk in ienheid, en it iennichste dat al dy tsjerkgenoatskippen gemien hawwe, is dat se har as selsbestjoerende tsjerken mei behâld fan eigen eastersk-kristlike liturgy, teology en earetsjinst weriene hawwe mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, yn folsleine kommuny ferkeare mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en it gesach fan 'e paus fan Rome erkenne. Yn 'e measte gefallen giet it hjirby om ôfspjaltings fan nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse en eastersk-otterdokse tsjerken, dy't njonken har fuortbesteane (lykas de Koptysk-Otterdokse Tsjerke njonken de Koptysk-Katolike Tsjerke). De eastersk-katolike tsjerken binne dan yn 'e regel (folle) lytser as de easterk-kristlike denominaasje dêr't se fan ôfspjalte binne. In útsûndering is de Maronityske Tsjerke, dy't yn syn gehiel eastersk-katolyk is.
Eastersk kristendom It eastersk kristendom bestiet út trije ûnderskate groepen, dy't kwa nomenklatuer frijwat opinoar lykje, mar dy't yn religieus opsjoch tige ferskillend binne:
Eastersk-otterdoksy De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.