Top 10 similar words or synonyms for otterdokse

eastersk    0.858866

otterdoksy    0.837298

etiopysk    0.835991

otterdoksen    0.811889

oriïntaalsk    0.787269

ortodokse    0.773279

georgysk    0.758726

roomsk    0.752676

protestantske    0.752373

katolike    0.744598

Top 30 analogous words or synonyms for otterdokse

Article Example
Syrysk-Otterdokse Tsjerke Neffens resinte skattings soene der no 680.000 Syrysk-otterdoksen yn Syrje libje; 50.000 yn Libanon; minder as 50.000 yn Irak; 30-40.000 yn Jordaanje; 5.000 yn súdeastlik Turkije; 5.000 yn Palestina; en 2.000 yn Israel. De diaspoara is it sterkst konsintrearre yn 'e Feriene Steaten, Sweden en Dútslân. Yn Nederlân binne der likernôch 15.000 Syrysk-otterdoksen, dy't benammentlik út Turkije komme en har yn Twinte nei wenjen set hawwe. De Syrysk-Otterdokse Tsjerke hat alve parochys yn Nederlân: 3 yn Hingelo, 3 yn Ynskedee, 2 yn Amsterdam en 1 elk yn Rijssen, Oldenseal en Badhoevedoarp.
Syrysk-Otterdokse Tsjerke De Jakobityske Syryske Kristlike Tsjerke, yn 'e Súdyndiaaske steat Kerala, foarmet in yntegraal, sij it fierhinne selsbestjoerend diel fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke, en erkent it gesach fan 'e Syrysk-Otterdokse patriarch fan Antiochië. Mei de 2 miljoen leden fan dy tsjerke komt de totale oanhing fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke op 3.430.000.
Syrysk-Otterdokse Tsjerke De Syrysk-Otterdokse Tsjerke is tige aktyf yn oekumenyske dialogen mei oare tsjerken, en is sûnt 1960 lid fan 'e Wrâldrie fan Tsjerken. Patriarch Ignatius Zakka I Iwas hat in oantal jierren foarsitter fan dy organisaasje west. Fierders ûnderhâldt de Syrysk-Otterdokse Tsjerke oekumenyske relaasjes mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en mei de eastersk-otterdokse tsjerken. Sûnt 1998 moetsje de lieders fan 'e trije oriïntaalsk-otterdokse tsjerken yn it eastlike Middellânske-Seegebiet (de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en it Katolikosaat fan Silysje fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke) inoar ien kear yn 't jier om te oerlizzen oer mienskiplike problemen en om 'e ûnderlinge bannen oan te heljen. Fia de Middeneastlike Rie fan Tsjerken, dêr't de Syrysk-Otterdokse Tsjerke sûnt 1974 lid fan is, bestiet der ek kontakt mei oare tsjerken yn it Heine Easten.
Koptysk-Otterdokse Tsjerke Fan âlds wie Aleksandrië in sintrum fan leardheid. Benammen de Kategetyske Skoalle, dy't neffens de tradysje troch Jehannes Markus sels noch stifte wie, late in protte teologen op en loek oaren oan foar fierdere stúdzje of foar it debat. Ek it kristlik monastisisme en it kleasterwêzen fynt syn oarsprong yn it iere Koptyske kristendom.
Koptysk-Otterdokse Tsjerke Tusken 395 en 642, doe't Egypte ta it Byzantynske Ryk hearde, hiene de Koptysk-Otterdokse Tsjerke en syn leauwenden slim te lijen ûnder ferfolgings troch de Gryksk-otterdokse patriargen, dy't troch de Byzantynske keizers oansteld waarden as steedhâlders en tagelyk ek as tsjerklike lieders oer Egypte. Withoefolle Egyptners stoaren as ketters de marteldea mei't se wegeren, sels ûnder slimme tramtearrings, om 'e galsedoanyske learstikken te erkennen.