Top 10 similar words or synonyms for hachette

livre    0.824509

lagardère    0.813851

group    0.812935

penguin    0.812854

macmillan    0.773702

doubleday    0.771712

knopf    0.770802

random    0.767065

harpercollins    0.759731

berkley    0.756809

Top 30 analogous words or synonyms for hachette

Article Example
Hachette Livre Hachette waard yn 1826 oprjochte troch de Frânske ûndernimmer Louis Hachette, as in boekhannel anneks útjouwerij, mei as namme Brédif. Yn 1846 waard it bedriuw omneamd ta L. Hachette et Compagnie; yn 1919 ta Librairie Hachette; en yn 1977 ta Hachette SA. Yn 1981 waard it bedriuw oernommen troch de Lagardère Group, dy't yn 1992 by in reorganisaasje alle útjouwersaktiviteiten fan Hachette gearbrocht ûnder de namme Hachette Livre ("livre" is Frânsk foar "boek"), wylst alle oare aktiviteiten fan Hachette oerpleatst waarden nei oare difyzjes. Hachette Livre is sûnt de wichtichste ymprint fan Lagardère Publishing, de útjouwerstûke fan Lagardère.
Hachette Livre Yn 1996 waard de útjouwerij Hatier by Hachette Livre ûnderbrocht, en yn 2004 kocht Lagardère de wurdboekútjouwer Éditions Larousse oan, wêrnei't dy ek ûnderdiel fan Hachette Livre waard. Yn 2006 teach Lagardère de Amerikaanske merk op troch de Time Warner Book Group oan te keapjen, dy't dêrnei omneamd waard ta de Hachette Book Group en sûnt in Amerikaanske dochterûndernimming fan Hachette Livre foarmet.
Hachette Livre Hachette Livre (útspr.: ['aʃɛt 'li:vʀ]) is de grutste útjouwerij fan Frankryk. It bedriuw waard yn 1826 oprjochte en is fêstige yn it fyftjinde arrondisemint fan Parys. Sûnt 1981 makket it ûnderdiel út fan 'e Lagardère Group. De Amerikaanske dochterûndernimming de Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrâld.
Hachette Book Group De Hachette Book Group (HBG), of ek wol de Hachette Book Group USA, is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw bestiet sûnt 2006 en is in dochterûndernimming fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dy't wer eigendom is fan 'e Lagardère Group. De Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld (yn 'e mande mei HarperCollins, Holtzbrinck/Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It bedriuw publisearret jiers likernôch 800 nije titels foar folwoeksenen, 200 titels foar jongfolwoeksenen en bern en 300 audioboeken.
Hachette Book Group Yn 1996 liet it Amerikaanske multymediaconcern Time Warner syn útjouwersdifyzjes yn 'e Feriene Steaten fúzjearje ta Time Warner Trade Publishing, dat letter omneamd waard ta de Time Warner Book Group. Yn 2003 besocht Time Warner dizze difyzje fan 'e hân te dwaan, mar krige der gjin heech genôge bedragen foar bean. Op 31 maart 2006 slagge de ferkeap dochs noch, en gie de Time Warner Book Group oer yn 'e hannen fan 'e Frânske Lagardère Group. Dy pleatste de difyzje ûnder syn eigen útjouwerstûke, Hachette Livre, en joech it de namme fan 'e Hachette Book Group. Neitiid waard yn juny 2013 Hyperion Books noch oankocht fan Walt Disney Company.