Top 10 similar words or synonyms for you

that    0.938966

me    0.935554

your    0.933622

can    0.927531

they    0.918148

there    0.917941

not    0.914910

never    0.914868

what    0.913839

if    0.913136

Top 30 analogous words or synonyms for you

Article Example
We Will Rock You (liet) We Will Rock You is ien fan de beroemdste wurken fan de Ingelske rockband Queen, skreaun troch de gitarist Brian May. De komposysje hat de lietfoarm. It liet komt fan it album News Of The World en stiet ek op it sammelalbum Greatest Hits.
We Will Rock You (liet) De orizjiele single-útjefte fan it nûmer, yn 1977, hie in dûbelde A-kant mei We Are The Champions. Dizze single helle wrâldwiid súkses. Yn Nederlân berikte de single it twadde plak yn de Top 40. Beide nûmers binne noch altyd populêr by grutte sporteveneminten.
We Will Rock You (liet) By liveoptredens fan Queen waard "We Will Rock You" faak as ôfsluter spile tegearre mei We Are The Champions en God Save the Queen. Ek is in oantal konserten iepene mei in hard rock ferzje fan it nûmer. By it Jeropeesk kampioenskip fuotbal in 1992 en it WK fuotbal yn 1994 is yn Nederlân in live-ferzje fan "We Will Rock You/We Are The Champions" útbrocht. Yn 1992 waard it tolfte plak yn de Nederlânske Top 40 berikt, yn 1994 it 32e.
The Devil You Know (film) The Devil You Know is in Amerikaanske skrillerfilm út 2013, regissearre troch James Oakley nei in senario troch Alex Michaelides, mei yn 'e haadrollen Lena Olin, Rosamund Pike en Dean Winters.
All I Want for Christmas Is You Yn 'e Feriene Steaten berikte "All I Want for Christmas Is You" yn 'e earste wike fan 1995 it sechsde plak op 'e hitlisten. Yn desimber fan 1995 en desimber 1996 krong it op 'e nij de hitlisten binnen, al helle it doe net sa'n heech plak. Fan 2005 ôf stiet it nûmer eltse desimbermoanne wer op 'e Amerikaanske hitlisten op in plak earne yn 'e tweintich. Dêrmei hat it it yn Carey har heitelân nea sa goed dien as yn it bûtenlân.
All I Want for Christmas Is You Foar de "So So Def-remix" waard yn 2000 in trêde klip makke, mar dêr komme Carey noch de hiphopartysten dy't de "remix" makken yn foar. It is in tekenfilmke dat basearre is op in sêne út 'e klip fan Carey har liet "Heartbreaker" (1999). De "cast" bestiet út animearre ferzjes fan Carey, Jermaine Dupri, Bow Wow, Luis Miguel (Carey har doetiidske freon), har hûn Jack en de krystman. De rezjy soe dien wêze troch Kris Kringle (in oare namme foar de krystman).
All I Want for Christmas Is You It liet waard goed ûntfongen troch sawol de muzykresinsinten as de fans, en helle it earste plak op 'e hitlisten yn Itaalje en it twadde plak yn Nederlân, Grut-Brittanje en trije oare lannen, al bleau it yn 'e Feriene Steaten sels stykjen op plak seis. "Al I Want for Christmas Is You" is sûnt withoefaak "covere", û.m. troch Shania Twain, Michael Bublé en Miley Cyrus. Mei 14 miljoen ferkochte eksimplaren is it Carey har grutste ynternasjonale hit, en fral bûten de Feriene Steaten is it foar in hiele generaasje popfans it ultime krystliet wurden.
All I Want for Christmas Is You Nei't Mariah Carey yn it begjin fan 'e jierren njoggentich in stikmannich tige súksesfolle albums útbrocht hie, kaam har platemaatskippij "Columbia Records" mei it idee op 'e lapen om in spesjaal krystalbum te meitsjen. De bedoeling wie om dêrmei Carey har doelpublyk te ferbreedzjen en teffens om har mear as in "allround"-sjongster del te setten ynstee fan simpelwei as in popartyste. It album, dat úteinlik "Merry Christmas" kaam te hjitten, moast in mjuks wurde fan tradysjonele kristlike krysthymnen, en nije poplieten. Carey hie der gjin beswieren tsjin doe't it plan oan har foarlein waard, en sette mei lietsjeskriuwer, komponist en muzykprodusint Walter Afanasieff útein om 'e nije ferskes te skriuwen. It nûmer "All I Want for Christmas Is You" skreaune se yn 'e simmer fan 1994. Neffens eigen sizzen waard Carey dêrby ynspirearre troch har eigen romantyske gefoelens foar har doetiidske man, muzykprodusint Tommy Mottola.
All I Want for Christmas Is You Yn totaal binne der wrâldwiid mear as 14 miljoen eksimplaren fan "All I Want for Christmas Is You" oer de toanbank gien, wêrfan 1,1 miljoen allinnich al yn Japan. Dêrmei is dit liet fierwei Mariah Carey har grutste ynternasjonale hit. Tsjin mids desimber 2012 wie it nûmer boppedat goed 2.311.000 kear download wurden fia it ynternet.
All I Want for Christmas Is You "All I Want for Christmas Is You" is romantysk leafdesliet mei in flot tempo, dat yn 'e orizjinele útfiering gebrûk makke fan û.o. bellen, synthesizers en eftergrûnsang. It omfiemet eleminten fan pop, soul, R&B, gospel, dance-pop en it "adult contemporary"-sjenre. De tekst lit witte dat de sjongster neat jout om krystpresintsjes en oare omballingen dy't mankgeane mei de feestdagen fan ein desimber, mar inkeld dy tiid trochbringe wol mei har frijer.