Top 10 similar words or synonyms for wjukkekrús

krún    0.793487

langwerpige    0.783941

groppe    0.783411

trochreed    0.773028

koetshûs    0.765996

trochboarre    0.762382

foarhûs    0.758185

beweechber    0.755886

leadrjocht    0.753613

foarmige    0.751142

Top 30 analogous words or synonyms for wjukkekrús

Article Example
Fizel De oerbringingsferhâlding fan fizelmoles is meastal 1:2 (1 omwinteling fan it wjukkekrús jout 2 omwintelingen fan de fizel).
Spinnekop It boppehûs mei dêroan de wjukken kin horizontaal draaie, wêrtroch it wjukkekrús it bêste de wyn fange kin.
Nôtmole De hichte fan de ôfstelling hinget ûnder oare ôf fan de oandriuwkrêft, fan it te mealen produkt en de winske finens fan it moal. De bêste mealsnelheid wurdt by in wynmole berikt as it wjukkekrús 60 einen (wjukken) yn de minút rûndraait.
Tsjasker In tsjasker hat oars as 'gewoane' moles gjin kaamrêden. Op de as wêr't de wjukken trochhinne stekke, sit efteroan in tonmole. Dat is in lyts soarte betimmere fizel. Net ten ûnrjochte is troch mûnekenners steld dat de ienige oerienkomst tusken de tsjasker en "alle" oare wynmoletypen it besit fan in wjukkekrús is.
Koartwâld (mûne) De mûne krige yn 1944 in nije roede, de lêste dy't troch de firma "Gebroeders B. Pot" út Kinderdijk makke waard. Dizze hat net lang draaid: yn 1946 ferlear Koartwâld syn wjukkekrús, kape en sturt, doe't by in swiere stoarm de kleppen fan it selsswichtingssysteem tichtblaasd waarden. De mûne waard net wersteld en rekke úteinlik yn ferfal.
Slachdykstermûne De Slachdykstermûne is in mealreeë grûnsiler, dy't ûngefear 750 meter bewesten Feinsum stiet. It is in houten achtkante mûne út 1864, mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De mûne waard yn 1864 boud foar it yn- en útmealen fan de 1350 pûnsmiet (± 500 ha) grutte "Slachdyksterpolder". Hy ferlear yn 1931 syn funksje oan in yn de mûne setten rûchoaljemotor. Fjouwer jier letter waarden it wjukkekrús en de kape fuort helle, mar de romp fan de mûne bleau yn gebrûk as poldergemaal.
Tsjasker By de pealtsjasker wurdt de moleäs skoarre troch in peal en by in boktsjasker leit de foarkant fan de mole op in houten bok. De pealtsjasker mealt it binnewetter fia de bûtenringsleat en de binnenringsleat nei in binnewetter of oarsom. De boktsjasker mealt it wetter út it binnewetter fia de bûtenringsleat nei it bûtewetter. Allinnich de boktjasker hat in kruibaan foar it kruien fan it wjukkekrús op de wyn. De pealtsjasker wurdt mei in keatling op de wyn lutsen.
Rust Roest De achtkante boppekruier hat twa koppels mealstiennen, ien op de stiensouder fan de mole dy't mei wynkrêft oandreaun wurde kin en ien op de grûn dy't mei in diselmotor oansetten wurde kin. De dieselmotor stiet yn in fraai skuorke dat tsjin de eastkant fan de mole oanboud is. It wjukkekrús hat roeden mei in lingte fan mear as 19 meter dy't in fokwjuksysteem mei remkleppen hawwe en seilen. It frijwillige mûnder lit de mole geregeld wurkje.
Teatlum De spinnekopmole Teatlum bemealde eartiids de "Kramershoeke", in partikuliere polder fan ûngefear 68 ha dy't ek wol "Dowehok" of "Dowedak" neamd waard. Om 1960/1961 krige de mole in foarsjenning wêrmei't hy ek middels trekker-oandriuwing mealle koe. De mole ferlear by in stoarm op 2 april 1973 syn wjukkekrús en boppe-as. Teatlum, dy't eigendom is fan de gemeente Frjentsjerteradiel, waard yn 1986 restaurearre. De mole is tsjintwurdich mealree yn sirkwy.
De Mars (De Blesse) De achtkante boppekruier waard yn 1834 boud foar de famylje Schlecht. Yn 1916 ferkocht in neisiet út dizze famylje de mole oan in koöperaasje; Schlecht bleau mûnder. Nei 1919 waard in elekromotor as oanfolling op de oandriuwing troch wyn ynstalearre. Yn 1925 briek in roede en 1927 waard de âlde mealwurk ûntmantele en it wjukkekrús derôf helle. Yn 1958 waard ek it boppe-achtkant sloopt. Nei ferkeap fan de mole oan in partikulier yn 1985 kamen der plannen foar werbou dy't yn 1997 begûn en yn 1999 klear wie. De mole is neamd nei de eigener.