Top 10 similar words or synonyms for traci

ardell    0.845080

bunny    0.843296

fetish    0.834757

chloe    0.834628

reese    0.832434

peaks    0.828529

flower    0.824922

kayla    0.822483

tucci    0.821196

bobbi    0.820519

Top 30 analogous words or synonyms for traci

Article Example
Caballero Home Video Yn 'e jierren tachtich en de iere jierren njoggentich brocht de studio ferskate pornografyske films út dy't klassikers fan har sjenre wurden binne, wêrûnder "Insatiable" (1980), ûnder rezjy fan Godfrey Daniels, mei yn 'e haadrol Marilyn Chambers, en "Traci, I Love You" (1988), de iennichste tsjintwurdich noch legale film fan Traci Lords (want makke twa dagen nei har achttjinde jierdei), dy't de hiele pornoyndustry hast ûnder fuotten helle doe't útkaam dat se oer har âldens liigd hie en jierrenlang minderjierrich as pornoaktrise aktyf west hie.
Ron Jeremy Ek op 'e tillefyzje wie Jeremy yn in ferskaat oan programma's te sjen, fan Amerikaanske realityshow "The Surreal Life", wêryn't er freonskip sleat mei evangeliste Tammy Faye Bakker en op it twadde plak einige, krekt efter aktrise Traci Bingham, oant it Britske praatprogramma "The Frank Skinner Show", wêryn't er mei de eardere Britske minister Mo Mowlam in duët ten gehoare brocht fan it Sonny en Cher-nûmer "I Got You Babe".
Chloe Vevrier Yn 't earstoan die Vevrier allinnich masturbaasjefideo's, mar stadichoan kaam dêr lesbyske pornografy by mei oare grutte-boarstestjerren, lykas Danni Ashe, Traci Topps en Busty Dusty. Se wurke dêrby fral foar "Score" en guon oare studio's dy't har spesjalisearje yn it grutte-boarstesjenre, lykas "Napali Video" en "Big Top Video". Pas yn 1999 die Vevrier har earste heteroseksuële sêne, yn 'e film "Ultimate Chloe". Har iennichste oare heteroseksuële pornofilm, "Ultimate Encore", kaam yn 2000 út. Yn totaal spile Vevrier, neffens de "Internet Adult Film Database" (IAFD), yn 38 pornofilms, al hie se yn 11 dêrfan in net-pornografyske rol.
Jazzy Jamison Jazzy Jamison (27 desimber 199?), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, dy't berne is yn Albuquerque, yn 'e steat Nij-Meksiko. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2015. Hoewol't "FreeOnes" har bertejier as 1997 jout, is it frijwol ûnmooglik dat dat wier is, mei't se dan as minderjierrige yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurksum wêze soe. Sûnt it skandaal mei Traci Lords hast de ûndergong fan 'e hiele yndustry betsjutte, is men dêr tige skerp op. Nei alle gedachten is hjir dus sprake fan in simpele typflater. Neffens har offisjele opjefte is Jamison 1.73 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 32C.
Penthouse (tydskrift) It septimbernûmer fan 'e "Penthouse" út 1984 joech nochal wat opsjoch. Yn it foarste plak wie de "Pet" fan dy moanne de beruchte Traci Lords, dy't doe noch oan it begjin stie fan har karriêre as pornografysk aktrise. Jierren letter kaam út dat se de hiele pornoyndustry en in ferskaat oan oerheidsynstânsjes foar de gek holden hie mei in fakkundich ferfalske identiteitsbewiis, en dat se yn 1984 noch mar fyftjin jier west hie. Yn itselde nûmer stie ek de neakenfotografyske rapportaazje oer Vanessa Williams, dy't letter keazen waard ta "Miss America", mar wa't dy titel wer ûntnommen waard nei't oan it ljocht kaam dat se foar de "Penthouse" posearre hie.
Peter North Dat er yn guon films spile hie mei de beruchte aktrise Traci Lords, dy't neitiid minderjierrich west bliek te hawwen, kaam him (en in hiele rige oare akteurs en produsinten út 'e Amerikaanske pornoyndustry) yn 1986 hast op in proses te stean, mar aldergeloks besleat it Iepenbier Ministearje de saak falle te litten, om't it net bewize koe dat North en de oaren op 'e hichte west hiene fan Lords har minderjierrigens. Fan 1988 ôf wie North njonken syn aktearjen út en troch ek aktyf as regisseur, benammen tusken 1998 en 2007. Underwilens hat er mear as santich films makke, mei dêrûnder syn "North Pole"- en "Anal Addict"-searjes. Mear as tweintich films hat er boppedat sels produsearre, mei dêrûnder fyftjin dy't ta de "North Pole"-rige hearden. Yn 2001 rjochte North syn eigen produksjebedriuw op: Northstar Associates. Yn 2007 bewearde North op syn offisjele webside dat er likernôch 100.000 dollar de moanne fertsjinne.
SaRenna Lee Behalven yn 'e blêden ferskynde SaRenna Lee ek yn in stik as tritich pornografyske fideo's, al gie hja dêrby nea fierder as masturbaasje en lesbyske hannelings; heteroseksuële pornografy hat se nea makke. De films waarden almeast útbrocht troch studio's dy't har eksklusyf konsintrearren op it grutte-boarstesjenre, lykas "The Score Group", "Big Top Video" en "Napali Video". Dêryn wurke Lee faak gear mei oare grutte-boarstestjerren, lykas Chloe Vevrier, Lisa Lipps, Erica Everest, Sana Fey, Danni Ashe, Minka, Kayla Kleevage, Maxi Mounds, Traci Topps en Tawny Peaks. Fierders reizge Lee fan 1993 oant 1996 as graach sjoene "feature dancer" by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Njonken sok wurk hat Lee ek in pear kear as "mainstream"-aktrise wurksum west, almeast as figurante. Se hie lykwols ien fan 'e haadrollen yn 'e skriller "Evil Streets", fan regisseur Terry Wickham, út 1998, wêryn't se de stripper Misty spile, dy't hjitfolge waard troch in obsedearre fan.
SaRenna Lee As folwoeksene ferfear se nei it Teksaanske Houston, dêr't se in nije karriêre as stripper begûn nei't se yn kontakt kommen wie mei in oare boarstige eksoatyske dûnseresse, Traci Topps. Fanôf 1992, doe't se ûnderwilens 21 jier wie, posearre Lee ek as neakenmodel foar manljusblêden. Dêrta liet se har D-kupboarsten nochris ekstra fergrutsje troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Neitiid wie se geregeldwei te bewûnderjen yn tydskriften dy't har taleine op it grutte-boarstesjenre, lykas "Score", "Busty Beauties", "Gent", "D-Cup", "Juggs" en "Buxotica". Troch har de kombinaasje fan har boarsten mei har natuerlike likenis mei Marilyn Monroe, dy't Lee noch extra fuortsterke mei make-up en troch har hier te blondearjen en op in beskate manear knippe te litten, waard se binnen de koartste kearen tige populêr. Yn 1998 fear se mei op 'e jierlikse "Boob Cruise" (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan "Score" en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne).