Top 10 similar words or synonyms for tilted

eatery    0.701072

leaflingskont    0.678295

weegee    0.676324

pennsylvanicus    0.674198

chicklit    0.654763

sanctuary    0.653169

volans    0.649776

products    0.643857

foxe    0.641439

orb    0.641130

Top 30 analogous words or synonyms for tilted

Article Example
Tilted Kilt Pub & Eatery Doe't DiMartino syn plan oan ynvestearders foarlei, duorre it mar in oere ear't er troch harren skille waard om te fernimmen hoe gau't er sa'n restaurant iepenje koe. De restaurantkeatling wreide him fluch út oer de hiele Feriene Steaten en ek nei Kanada. Yn augustus 2015 wiene der 107 filialen, wêrby't it yn prinsipe allegear gie om franchisenimmers. Om't der yn febrewaris 2014 berjochte waard dat Tilted Kilt 93 lokaasjes hie en dêropta nochris 27 yn ûntwikkeling, liket it tige wierskynlik dat der sûnt augustus 2015 alwer nije filialen bykommen binne.
Tilted Kilt Pub & Eatery Tilted Kilt en syn hjoeddeistige eigner, Ron Lynch, wiene it ûnderwerp fan in ôflevering út 'e realitytillefyzjesearje "Undercover Boss" út novimber 2012, wêrby't Lynch mei in ferburgen kamera "undercover" gie as wurknimmer yn ien fan 'e filialen fan Tilted Kilt.
Tilted Kilt Pub & Eatery Tilted Kilt Pub & Eatery is in Amerikaanske sportbar- en restaurantkeatling mei in Keltysk tema, dy't ek yn Kanada aktyf is. It is in saneamd "breastaurant", dat him foarstean lit op syn krap klaaide, kreaze servearsters, dy't in unifoarmke drage dat bestiet út in "miny-kilt" en in lyts plaid- en wytkleurich topke, dat it dekolletee en de búk bleat lit. Der binne ek obers, dy't in kilt fan gewoane lingte drage. De namme "Tilted Kilt" betsjut "brike kilt", in term dêr't de suggestje yn besletten leit dat men ûnder de rokjes fan 'e servearsters sjen kinne soe.
Tilted Kilt Pub & Eatery It earste filiaal fan 'e Tilted Kilt Pub & Eatery waard yn 2003 yn Las Vegas iepene, as ûnderdiel fan it Rio Hotel and Casino. De oprjochters wiene restauranteigner Mark DiMartino en syn sakepartners Shannon Reilly en John Reynaud. It konsept foar de ûndernimming wie basearre op oare "breastaurants": in moderne sportbar dêr't tsjeppe en healneakene servearsters it iten en drinken optsjinje. Inkeld troch it konsekwint trochfierde Keltyske tema wykte Tilted Kilt ôf fan soartgelikense horekagelegenheden.
Tilted Kilt Pub & Eatery Tilted Kilt hat sûnt 2009 ferskate Amerikaanske autokoereurs sponsore.
Tilted Kilt Pub & Eatery Tilted Kilt omskriuwt himsels as "in moderne Amerikaanske, Skotske en Ierske sportpub". It menu is in miks fan tradysjoneel en modern iten dat yn pubs servearre wurdt, lykas fish and chips, "Aldierske Dublinstoofpot" en "T.K. Ierske nacho's". Elts filiaal hat teminsten 24 ûnderskate biersoarten op 'e taap, wêrûnder it Ierske biermerk Guinness, dat min ofte mear it fêste taapbier is. Fierders binne der yn elts filiaal tillefyzjes oanwêzich dy't oanhâldend ôfstimd binne op sportstjoerders, en teffens biljerttafels en dartsbuorden en ferskate oare wenstige kroechspultsjes.
William Frost "The flying machine is propelled into the air by two reversible fans revolving horizontally. When sufficient height is gained, wings are spread and tilted by means of a lever, causing the machine to float onward and downward. When low enough the lever is reversed causing it to rise upward & onward. When required to stop it the wings are tilted so as to hold against the wind or air and lowered by the reversible fans. The steering is done by a helm fitted to front of machine."
Amy Brooke Amy Brooke waard yn 1988 berne yn Chicago. Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it cheerleaderstiim, en letter wurke se as servearster yn in Tilted Kilt Pub & Eatery, in saneamd "breastaurant" (in restaurant dat him foarstean lit op syn krap-klaaide servearsters). Ek hie se twa jier lang in baan yn 'e marketingsektor.
Breastaurant Dit soarte ytgelegeheden waard fan 'e iere 1990-er jierren ôf tige populêr yn 'e Feriene Steaten. De âldste en bekendste "breastaurant"-keatling is Hooters, dat oprjochte waard yn 1983. Oaren binne Tilted Kilt Pub & Eatery, Redneck Heaven, Twin Peaks, Bikinis Sports Bar & Grill, Mugs & Jugs en Heart Attack Grill. Dizze restaurants ûnderskiede har net inkeld troch it betsjinjend personeel, mar faak ek troch in dûbelsinnige merknamme. Sa is Hooters bygelyks ferneamd nei de ûle yn it logo, want it Ingelske tiidwurd "to hoot" betsjut it lûd fan in ûle meitsje. Mar "hooters" is ek in Amerikaansk-Ingelsk sprektaalwurd foar "titen". De namme Twin Peaks ("twillingberchtoppen") slacht ek op boarsten, en "jugs" út Mugs & Jugs is ek in sprektaalterm foar "titen", al betsjut it ek "krûken" en soe de namme dus útlein wurde kinne as "mokken en krûken".