Top 10 similar words or synonyms for taiga

tûndra    0.803619

jilin    0.774715

sinaïwoastyn    0.774447

tsjoekotka    0.770685

mantsjoerijske    0.767876

pyreneeske    0.758744

karein    0.754961

noardereach    0.754797

iisbergen    0.753692

steppes    0.753125

Top 30 analogous words or synonyms for taiga

Article Example
Erdenet Fierders sit der yn Erdenet in ynternasjonaal ferneamde tapytfabriek, in fabryk foar libbensmiddels en ferskate houtferwurkjende bedriuwen, dy't hout út de taiga ferwurkje ta timmerhout foar meubels en joerten ("Mongoalsk: in ger").
Tûndra Tûndra's komme ûnder oaren foar yn Ruslân, Yslân, Kanada, Alaska, de Kerguelen en oare eilannen oan de râne fan Antarktika. Yn it suden wurdt de tûndra begrinzge troch de taiga. It tûndragebiet komt foar in part oerien mei de klimaatsône dêr't it tûndraklimaat hearsket.
Ålâneilannen Ålân heart ta de fegetaasjesône fan de Taiga. Njonken de oerhearskjende dinne- en spjirrebeammen kinne ek leafbeammen, yn it bysûnder iken, esken, iepen en beltsje- en linebeammen fûn wurde. Op de eilannen waakse ek orchideeën, dêr't de measten fan ta de likernôch 50 beskerme planten behearre.
Mingd wâld It begryp "mingd wâld" wurdt brûkt ta ûnderskie fan in monokultuer fan itsij leafbeammen, itsij nullebeammen. De fegetaasjesône mei mingd wâld is in oergong tusken de sône mei leafwâld, dy't súdlik dêrfan leit, en de sône dêr't inkeld nullewâld foarkomt, de taiga, dy't him oan 'e noardkant derfan útstrekt.
Sibearje In soad grûn is sompich en net geskikt foar lânbou. Oare grutte gebieten, de taiga, binne beboske; noardlik dêrfan leit in gurdle bosktoendra en it noardlike part fan Sibearje bestiet út ekstreem kâlde toendra dêr't de ûndergrûn altyd fan beferzen is, permafroast.
Mongoalje It lânskip fan Mongoalje wurdt yn it westen domineare troch it Altay-berchtme mei piken oant 4300 meter hichte en it Sjangay-berchtme boppe de 3500 meter hichte. Heechlân tusken de 1000-1500 meter leit yn it easten. It noardeasten bestiet út taiga. It oare part is woastyn en steppe, nei it suden oergeand yn de Gobywoastyn.
Nullewâld Nullewâlden komme yn Jeropa foar yn berchtmen as de Alpen, Pyreneeën, Apeninen, Balkan, Karpaten, Tatra, Kaukasus en Oeral, dêr't se hegerop op 'e berchskeanten groeie, boppe de leafwâlden. Fierders besteane se yn Midden-Jeropa ek op 'e fiedingsearme sângrûnen, dêr't se gefoeliger binne foar de skea dy't tabrocht wurdt troch soere rein, mei bygelyks yn Bohemen gefallen fan wâldstjerte as gefolch. Yn it grutste diel fan Skandinaavje en yn noardlik Ruslân, dêr't de winters te kâld binne foar leafwâld, komme útslutend nullewâlden foar. Dy spesifike nullewâldsône, tusken de sônes fan it mingd wâld en dy fan 'e toendra yn, wurdt de taiga neamd. Bûten Jeropa wreidet de taiga him út oer it grutste part fan Sibearje, noardlik Japan, Alaska en Kanada.
Taigawink De Taigawink is in trekfûgel dy't hieltyd wer deselde bried- en oerwinteringsgebieten opsiket. Hy briedt op de toendra en taiga fan Noard-Skandinaavje ôf oant it easten fan Sibearje. De fûgel hat in protte oerwinteringsgebieten: yn West-Jeropa bygelyks yn Denemark en de Noardseekust, yn Súd-Sweden en de Dútske Eastseekust, en ek wol mear nei it binnenlân yn it streamgebiet fan de Donau. By hiele kâlde winters lûkt de Taigawink fierder nei Spanje en Portugal en somtiden sels nei Marokko.
Ewinken De Ewinken binne ferspraat oer in geweldich grut gebiet yn de Sibearyske taiga fan de Ob yn it westen oant de See fan Ochotsk yn it easten en fan de Noardlike Iissee yn it noarden oant Mantsjoerije en Sachalin yn it suden. It totale gebiet is ± 2.500.000 km², dat is (nei de dat fan de Russen) it grutste wengebiet. De Ewinken libje yn de Oblast Tjoemen, Oblast Tomsk, Kraj Krasnojarsk, Evenkië, Oblast Irkoetsk, Oblast Tsjita, Oblast Amoer, Boerjaatsje, Jakoetsje, Kraj Chabarovsk en de Oblast Sachalin. 3802 Ewinken libje yn Evenkië sels, mear as 18200 in Jakoetsje.
Amoer (rivier) De Amoer ûntstiet út de noardlike rivier de Sjilka, dy't har boarnen yn it Hentigberchtme hat yn Mongoalje en de súdlike rivier de Argoen, dy't ûntspringt yn it Grutte Hinggangeberchtme yn it noardeasten fan Sina en de grinsrivier foarmet tusken Ruslân en Sina ten westen fan de Amoer. Beide rivieren komme byelkoar om de Amoer te formjen by it Sineesk doarpke Moguhe yn de provinsje Heilongjiang. De rivier streamt ferfolgens eastwaarts troch in farieare lânskip fan woastinen, steppe, toendra en taiga yn de rjochting fan de Grutte Oseaankust. Wat te súdwesten fan de Russyske stêd Nikolajevsk streamt de rivier fia har mûning, de Amoerske liman, yn de Strjitte fan Nevelskoj, part fan de Tataresont, dy't it eilân Sachalin skiedet fan it fêstelân. De Tatarensont stiet fuort yn ferbining mei de See fan Ochotsk noardlik derfan en de Japanske See súdlik derfan.