Top 10 similar words or synonyms for swette

trekfeart    0.901597

rykswei    0.890997

tsjonger    0.889581

boarn    0.884328

geau    0.883337

kompanjonsfeart    0.868604

seedyk    0.863439

lits    0.856634

hearresleat    0.854079

wimerts    0.847567

Top 30 analogous words or synonyms for swette

Article Example
De Swette Yn it begjin fan de 16e iuw is de swettesleat súd fan de Harnzer Trekfeart tusken Skinkeskâns en de Dillesyl yn de Krinzer Earm ferbrede ta in feart. Wierskynlik is de feart krekt nei 1507/1508 doe't de feart fan Ljouwert nei Frjentsjer groeven is oanlein, om't hy dêr ek op oanslút.
De Swette De Swette of Snitser Trekfeart is de wetterferbining tusken Snits en Ljouwert. De Swette wie fan oarsprong in binnendyk yn de drûchmakke Middelsee. Letter is by in part fan de dyk del in trekfeart groeven fan Ljouwert nei Snits dy ek de namme Swette krigen hat.
De Swette De Swette is oanlein as binnendyk yn it midden fan it stik drûchmakke Middelsee tusken de Krinzer Earm by Raerd en de Skrédyk oan de súdkant fan It Bilt. De namme swette betsjut fan "grins" en wie de ferfanging fan de Middelsee as grins tusken Eastergoa en Westergoa. De Swettedyk wie tagelyk ek de wetterskieding tusken de beide goaen. De swettesleat dy't oan de westkant fan de dyk lei wie dan ek net om wetter ôf te fieren, dat barde troch sylen yn de âlde Middelseediken nei it âldlân ta.
De Swette Yn 1661 is de Swettedyk geskikt makke as trekwei en koe de feart brûkt wurde as trekfeart.
De Swette Troch de oanlis yndustryterrein de Skinkeskâns by Ljouwert slút de Swette net mear oan op de Harnzer Trekfeart. Op it yndustryterrein leit de Swettehaven, oan de oare kant fan it Van Harinxmakanaal begjint dan de Swette. De Swette folget it midden fan de eardere Middelsee rint troch foarby de Dillesyl tusken Boazum en Dearsum oant de bocht by De Flearen ta. Dêr makket de feart in bocht nei it suden en rint dan troch de eardere Skerhim by Skearnegoutum del nei Snits dêr't de feart oanslút op de stedsgrêften.
De Swette De de start fan de lêste âlvestêdetochten hie syn beslach yn de Swettehaven, dêr't de riders ûnderbine moasten. De Swette is ek it earste part fan de âlvestêderoute.
De Swette (Aldeboarn) De namme "De Swette" jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme "Zwette".
De Swette (Aldeboarn) De Swette is in feart yn de gemeente Boarnsterhim. De feart rint yn polder Jinswâlde en ferbynt Aldeboarn mei de noardliker lizzende Opfeart (Warniahuzen) op de grins mei Smellingerlân. It earste stik fan Aldeboarn ôf rint De Swette bylâns de Prikwei.
Dearsum (Súdwest-Fryslân) Dearsum leit oan de autodyk N354 en de Swette, de lân- en wetterferbinings tusken Ljouwert en Snits. De Dearsumer Opfeart ferbynt it doarp mei de Snitser Aldfeart. In twadde feart foarmet de ferbining mei de Swette.
Swettehoarne De namme komt ek foar as "Swette Horne" en "Swettehorne" en lei yn de hoeke ('herne') fan de Swette benoarden Marsum dêr't dy de feart Harns-Ljouwert kruse skean foar Skinkeskâns oer. De Swette as wie de grins tuske Eastergoa en Westergoa, mar de juridyske grins lei net troch it wetter, mar oer de dyk op de eastlike wâl. Westergoa koe sa de wetterôffier troch de eastlike slinke fan de Midelsee regelje.