Top 10 similar words or synonyms for sire

wherever    0.907776

pruimen    0.903941

blah    0.902710

wait    0.902146

emi    0.902120

anymore    0.901200

buitelingen    0.900630

doggystyle    0.900457

interlude    0.899769

whenever    0.899087

Top 30 analogous words or synonyms for sire

Article Example
Underwiisfilm De sosjale ûnderwiisfilm of foarljochtingsfilm is in sjenre fan de ûnderwiisfilm dêr’t se bern en folwoeksenen yn besykje te learen meiïnoar om te gean. Typyske ûnderwerpen binne drugs, hoflikens, houlik, húshâlding, seksualiteit, alkohol, feiligens en it nimmen fan de eigen ferantwurdlikens. Dy films wurde gewoanwei yn it publike domein publisearre. Foarbylden hjirfan binne "Postbus 51" en "Sire".
Bill Paxton Ein santiger, begjin tachtiger jierren regisearre Paxton sels ferskate koarte films en teffens de fideoklip fan it nûmer "Fish Heads", fan Barnes en Barnes, dy't te sjen wie ûnder it tillefyzjeseizoen 1980-1981 fan it komyske sketcheprogramma "Saturday Night Live". Ek ferfolle Paxton rollen yn in pear fideoklips, wêrûnder dy foar it nûmer "Shadows of the Night", fan Pat Benatar, út 1982, dêr't er in nazy-kommunikaasje-ofsier yn spile. Datselde jiers besochten Paxton en syn maat Andrew Todd Rosenthal om it yn 'e muzykyndustry meitsjen as it duo Martini Ranch. Yn 1988 brochten se by de platemaatskippij Sire Records in album út mei as titel "Holy Cow". De fideoklip foar harren single "Reach" waard regisearre troch James Cameron.
Daniël de Blocq van Haersma de With (1797-1857) Yn 1841 krige de famylje besite fan de keninklike famylje, dy't dan in besite bringt oan de twa noardlike provinsjes. Dit wie kening Willem II mei syn frou Anna Pawlona fan Ruslân. Underweis nei Grinslân gienen se oan by huzinge Haersmastate. De Ljouwerter Krante skreau ûnder oare: "Het landhuis van den Heer Grietman was met smaak versierd, vele Aanzienlijken waren aldaar genoodigd en een keurig Dejeunée werd aangeboden". Neffens oerlevering binnen de famylje Van Haersma soe de kening by fertrek út Bûtenpost sein hawwe dat hy wat foar de hear grytman dwaan woe. De hear Van Haersma de With soe doe sein hawwe: ""Sire, mijn enige wens zou kunnen zijn dat U de tot mijn dochter gesproken woorden waar maakt. U begroette haar met: "Goedemorgen, Freule"". De kening soe op dizze frijpostige útlitting andere hawwe: "Mijnheer, ik nobileer U". By Keninklik Beslút fan de dei fan de keninklike besite op Haersmastate, 26 july 1841, waard mr. Daniël de Block van Haersma de With troch de kening út eigener beweging ferheft yn de adelstân, dus sûnder dat dêrta rekestearre is. Syn neisieten mochten it predikaat jonkhear en jonkfrou fiere. Njoggen jier letter, yn 1852, brocht kening Willem III in besite oan de famylje op Haersmastate. De beide wethâlders fan Achtkarspelen Zijlstra en Gorter, twa riedsleden Buma en Hulshoff en de gemeentesekretaris Van de Schaaf wienen by de ûntfangst. Op eigen fersyk waard Haersma de With yn de lêste funksje ûntheft nei de steatkundige herfoarmingen fan 1851. Hy wie de lêste dy't dêrmei de funksje fan grietman beklaaide. Tenei wie der sprake fan de gemeente Achtkarspelen mei oan it haad in boargemaster.