Top 10 similar words or synonyms for sindelingen

misjonarissen    0.741837

flechtlingen    0.737291

hannelers    0.731052

lânferhuzers    0.729262

jeropeanen    0.717236

grutmachten    0.714334

slaven    0.713582

keaplju    0.712684

kristenen    0.709574

serven    0.703625

Top 30 analogous words or synonyms for sindelingen

Article Example
Swahily (folk) Mids njoggentjinde iuw arrivearren ek de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en sindelingen oan 'e Swahilykust, om dêrwei it Afrikaanske binnenlân yn te reizgjen. De sindelingen, lykas de ferneamde David Livingstone, besochten oan 'e kust, dy't tsjin dy tiid stevich yn 'e gryp fan 'e islaam ferkearde, om 'e nocht it kristendom te bringen en wiene skokt troch de eksessen fan 'e slavehannel. Nei ûntdekkingsreizgers en de sindelingen folgen de ympeariumbouwers, en tsjin 1880 wie Sansibar yn 'e Britske ynfloedssfear lutsen. Yn 1884 stiften de Dútsers harren koloanje Dútsk East-Afrika (dêr't letter Tanganjika út fuortkomme soe) en yn 1886 fêstigen de Britten har bewâld oer Britsk East-Afrika, it lettere Kenia.
Malawy Sindelingen út Ingelân festigen harren yn 1875 yn it gebiet om de Nyassamar dat yn 1891 in Britsk protektoraat waard en yn 1907 by Rodeezje foege as de federaasje fan Rodeezje en Nyassalân. Yn 1964 krige Malawy selstannigens.
Grand Rapids (Michigan) It gebiet dêr't Grand Rapids ûntstien is, waard earst nei 1820 troch sindelingen en pelshannelers besocht, dy't yn it generaal freedsum mei de lânseigen Ottawa-yndianen libben, dy't sûnt likernôch 1700 oan de iggen fan de rivier Grand tahâlden.
Keninkryk Hawaï Geandewei de njoggentjinde iuw fêstigen har op 'e Hawaï-eilannen in protte blanken, benammen Amerikanen. Yn 't earstoan wiene dat fral sindelingen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom besochten te bekearen. Yn 1824 boekten se in grut súkses doe't se keninginne Ka‘ahumanu, safier krigen dat hja har dope liet. Mar fral ûnder it regear fan kening Kamehameha III, de earste kristlike kening fan Hawaï, krigen sindelingen in protte ynfloed en waard ien fan harren, Hiram Bingham I, in prominint keninklik riedshear. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking bekeard ta it protestantisme of it roomsk-katolisisme.
Hawaï Underwilens hiene har in protte blanken, benammen Amerikanen, op 'e eilannen nei wenjen setten. Yn 't earstoan wiene dat fral sindelingen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom besochten te bekearen. Yn 1824 boekten se in grut súkses doe't se keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha de Grutte, safier krigen dat se har dope liet. Mar fral ûnder it regear fan kening Kamehameha III, de earste kristlike kening fan Hawaï, krigen sindelingen in protte ynfloed en waard ien fan harren, Hiram Bingham I, in prominint keninklik riedshear. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking bekeard ta it protestantisme of it roomsk-katolisisme.