Top 10 similar words or synonyms for sicista

sibiricus    0.940875

mexicanus    0.940048

bjirkemûs    0.938638

sphiggurus    0.935891

polionotus    0.932880

canutus    0.925449

transkaspyske    0.923765

pygmaeus    0.923410

wolhierrige    0.920839

monax    0.920063

Top 30 analogous words or synonyms for sicista

Article Example
Trijekleurige mûs De trijekleurige mûs (Latynske namme: "Sicista subtilis") is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren ("Rodentia"), de famylje fan 'e jerboä's ("Dipodidae") en it skaai fan 'e bjirkemûzen ("Sicista"), dat foarkomt yn súdeastlik Jeropa en Sintraal-Aazje. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e bekendere (gewoane) bjirkemûs ("Sicista betulina"), dy't noardliker libbet.
Bjirkemûs De bjirkemûs (Latynske namme: "Sicista betulina"), ek wol de gewoane bjirkemûs neamd, ta ûnderskie fan oare bjirkemûzesoarten, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren ("Rodentia"), de famylje fan 'e jerboä's ("Dipodidae") en it skaai fan 'e bjirkemûzen ("Sicista"). Dizze soarte komt benammen foar yn noardeastlik Jeropa en westlik en sintraal Sibearje. It is fierwei de bekendste fertsjintwurdiger fan 'e jerboäfamylje, en libbet û.m. ek yn Noard-Fryslân. Yn 'e Benelúks komt er net foar.
Bjirkemûzen De bjirkemûzen (wittenskiplike namme: "Sicista") foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren ("Mammalia"), it skift fan 'e kjifdieren ("Rodentia"), de famylje fan 'e jerboä's ("Dipodidae") en de lyknammige ûnderfamylje fan 'e bjirkemûzen ("Sicistinae") dy't mar ien skaai telt. Ta dit skaai hearre 13 soarten lytse kjifdieren dy't sterk op mûzen lykje, mar dat gjin echte mûzen binne. Bjirkemûzen ûnderskiede har troch in lange sturt en tige lange efterpoaten, dêr't se opmerklike fier mei springe kinne. Se komme foar yn Jeraazje. De bekendste soarte út it skaai is de (gewoane) bjirkemûs ("Sicista betulina"), dy't û.m. yn Denemark en Noard-Fryslân libbet, mar net yn 'e Benelúks.
Trijekleurige mûs De trijekleurige mûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn romme ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en syn populaasje stabyl liket te wêzen. De tastân fan 'e isolearre Hongaarske ûndersoarte "Sicista subtilis trizona", dy't inkeld foarkomt yn it Beskerme Lânskip Borsodi Mezőség, is lykwols krityk, en dêrom is dy strang beskerme. Yn 2006 waard fan dizze ûndersoarte it earste libbene eksimplaar yn 70 jier oantroffen.
Trijekleurige mûs De trijekleurige mûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5½-7⅓ sm, mei in sturtlingte fan 6-9 sm en in gewicht fan 9½-14 g. Krekt as by de bjirkemûs ("Sicista betulina") rint der by de trijekleurige mûs in swarte streek oer de wringe, fan 'e kop oant de sturt, mar by de trijekleurige mûs wurdt dy streek oan wjerskanten flankearre troch in bleke, ljochtgiele bân. De rest fan 'e pels op 'e rêch is griisbrún, wylst de bealch gielgrizich oant wyt kleure is. De sturt is by trijekleurige mûzen minder lang as by de bjirkemûs, mar likegoed bedraacht de sturtlingte noch sa'n 130% fan 'e kop-romplingte.