Top 10 similar words or synonyms for sente

brandane    0.971126

zinderen    0.910531

heuven    0.906543

nieumeghen    0.905654

charante    0.903160

tongeren    0.903136

harenstsjerke    0.898719

dort    0.894376

hoornbeek    0.893383

zandbergen    0.892741

Top 30 analogous words or synonyms for sente

Article Example
De Reis fan Sint Brandaan De Fryske oersetting fan "Van Sente Brandane" ferskynde yn 2012 ûnder de titel "De Reis fan Sint Brandaan", as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld" (yn 'e mande mei "It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan", "It Gebed fan Sint Brendan" en "De Seereis fan de Hillige Abt Brendan",) by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't him dêrby basearre op 'e útjefte fan "Van Sente Brandane" fan Maartje Draak, út 1949.
De Reis fan Sint Brandaan Dit manuskript moat tusken 1350 en 1410 skreaun wêze troch teminsten sân ûnderskate skriuwers, en omfettet net inkeld "Van Sente Brandane", mar teffens seis oare dicht- en proazawurken, mei dêrûnder "Van den Vos Reynaerde". It Hulthemske hânskrift is neamd nei in eardere eigner derfan, de Gintske boekeman Karel van Hulthem (1764-1832), dy't it yn 1811 op 'e kop tikke op in feiling fan 'e besittings fan in Brusselske notaris. Nei syn dea kaam it yn 1838 yn 'e hannen fan 'e "Koninklijke Bibliotheek" te Brussel. It Hulthemske hânskrift is om 1410 hinne kopiëarre fan in earder, nei't men oannimt, tolfde-iuwsk orizjineel. It befettet allinne mar "Van Sente Brandane", mar trije siden derfan binne weiwurden of sa slim skansearre dat se ûnlêsber binne.
De Reis fan Sint Brandaan De Reis fan Sint Brandaan, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Van Sente Brandane of De Reis van Sint Brandaen, is in gedicht dêr't in stikmannich anonime skriuwers út 'e tolfde en trettjinde iuw efterinoar oan wurke hawwe, oer de legindaryske seereis fan 'e Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert (±484-±577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris, op Skylge, neamd is. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld".
De Reis fan Sint Brandaan "Van Sente Brandane", ek wol bekend as "De Reis van Sint Brandaen", is in ferhaal yn it Midnederlânsk yn berime foarm, mei 2.288 fersregels, dat syn oarsprong fûn yn it tolfde-iuwske Rynlân, yn in gebiet dat no ûnderdiel fan Dútslân útmakket, mar dêr't doe in taal (of eins in groep dialekten) sprutsen waard dy't tichter by it Nederlânsk stie as by it Heechdútsk. It is oerlevere wurden yn twa hânskriften, it Comburchske hânskrift en it Hulthemske hânskrift. It Comburchske hânskrift tanket syn namme oan it eardere Súddútske "Ritterstift" Comburg am Kocher, dêr't tsjintwurdich de "Württembergische Landesbibliothek" fêstige is en dat no ûnderdiel foarmet fan 'e stêd Stuttgart.
Brandaan fan Clonfert Brandaan wie in roomsk abt, en stifte yn Ierlân ferskate kleasters, wêrûnder (om 568 hinne) dat yn Clúain Forta (Clonfert), yn Konnacht, dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn legindaryske njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske proazaferzje "Navigatio Sancti Brendani Abbatis" ("De Seereis fan de Hillige Abt Brendan") út 'e njoggende of tsiende iuw, en it Midnederlânske gedicht "Van Sente Brandane" ("De Reis fan Sint Brandaan"). Yn 2012 ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-iuwske "Vita Sancti Brendani Clonfertensis" ("It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan") en it "Oratio Sancti Brendani" ("It Gebed fan Sint Brendan"), yn in Fryske oersetting ûnder de titel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld".