Top 10 similar words or synonyms for selassie

haile    0.898340

komnenos    0.880680

aleksios    0.860665

honoarius    0.855895

fipsanius    0.853895

silvester    0.853565

manlius    0.852507

palaiologos    0.851761

dieckmannjonas    0.851234

konstantinus    0.850483

Top 30 analogous words or synonyms for selassie

Article Example
Etioopje Fan 1935 oant 1941 wie Etioopje beset troch Itaalje, dêrnei krige Haile Selassie it wer foar it sizzen. Yn 1952 kaam de eardere Italjaanske koloanje Eritrea by Etioopje. Yn de rin fan de jierren sechstich naam it oantal fersetaksjes tsjin it bewâld fan de autokratyske keizer hieltyd mear ta. Doe't as gefolch fan lange drûchte slimme hongersneed hearske yn de noardlike provinsjes en troch korrupsje misstannen ûntstienen, kaam it leger begjin 1974 yn opstân. It leger twong it regear ôf te treden, fierde in nije grûnwet yn en beheinde de macht fan de Koptyske tsjerke. Keizer Haile Selassie waard ôfset en in sosjalistyske republyk waard útroppen mei in ienpartijstelsel. Op grutte skaal waard der nasjonalisearre en lânherfoarmings trochfierd.
Ras (titel) Ras (Geëz: ራስ, "ras"; letterlik: "haad", besibbe oan it Arabyske raïs, "kaptein") is in Etiopyske aadlike titel dy't neffens de histoarikus Harold G. Marcus lykslein wurde kin mei de Westerske titel hartoch, mar dy't ornaris oerset wurdt as "prins". De bekendste drager fan dizze titel wie "ras" Tafari, dy't yn 1916 as Haile Selassie keizer fan Etioopje waard. Nei dyselde is ek de religieuze beweging fan it rastafarianisme neamd, wêrfan't de oanhingers inoar soms de earenamme "ras" tapartsje.
Spaanske gryp Tafari Makonnen (dy’t letter Haile Selassie neamd wurde soe) wie ien fan de earste Etyoopjers dy’t de sykte ûnder de lea krige; hy wist te oerlibben. In soad fan syn ûnderdanen kamen lykwols al om. Rûzings foar it dal deaden yn de haadstêd fan it lân, Addis Ababa, lizze fan 5.000 oant 10.000 en sels heger. Yn Britsk Somalylân konstatearre in amtner dat 7% fan de ynlânske befolking om kaam.
Negus Under it regear fan keizer Menelik II (1889-1913) waarden frijwol alle negus-titels oernommen troch de keizer sels. De lêste persoan dy't ta negus kroane waard, wie keizer Haile Selassie, yn 1928. Nettsjinsteande dat holden Jeropeeske boarnen noch lang fêst oan it gebrûk fan 'e titel 'negus' (ornaris as synonym mei de keizer fan Etioopje), en giene se pas oer op it modernere 'keizer' doe't nei de Twadde Wrâldoarloch ek de âlde namme Abessynje (foar 'Etioopje') út 'e moade rekke.
Salomo Etiopyske kristenen leauwe dat de keninginne fan Skeba swier rekke fan Salomo en in soan krige dy't de namme fan Menelik krige. Yn'e âldens fan tweintich jier soe Menelik nei Jeruzalim west ha en yn'e weromreis nei Etioopje de Arke fan it Ferbûn mei dêryn de stiennen tafels meinommen hat. Menelik bestjoerde in lân dat earst as it Joadske Ryk fan Etioopje en dêrnei it Kristilike ryk fan Etioopje regeard waard, oant keizer Haile Selassie yn 1974 ôfset waard. De arke waard nei Aksum brocht, dêr't in pryster syn libben lang de arke bewake moat.