Top 10 similar words or synonyms for schwarzenegger

stan    0.757666

humphrey    0.746088

nick    0.742430

billy    0.741815

eddie    0.737801

hughes    0.736119

charlie    0.734113

luke    0.733366

bassist    0.729186

gilbert    0.728361

Top 30 analogous words or synonyms for schwarzenegger

Article Example
Akteur Der kin ûnderskied makke wurde yn it soart rolle dat ien spilet. Sa beskikke minsken as Sylvester Stallone en Arnold Schwarzenegger dúdlik oer oare kwaliteiten as bygelyks in Robin Williams of Dustin Hoffman. In bepaald slach akteur past mear yn in komeedzje, in oar yn in romantyske film en wer in oar yn in aksjefilm.
Bill Paxton Yn 1975, doe't er tweintich jier wie, ferfear Paxton nei Los Angeles, dêr't er besocht in aktearkarriêre oan 'e gong te krijen. Dat woe yn 't earstoan net bot slagje, en dêrfandinne figurearre er jierrenlang yn hiele lytse roltsjes. Sa wied er yn 1984 te sjen as in strjitkrimineel yn 'e film "The Terminator", mei Arnold Schwarzenegger, en ferfolle er de rol fan 'e narjende âlder broer Chet yn "Weird Science", fan regisseur John Hughes, út 1985.
United States Marshals Service Mei't it wurk fan 'e USMS him tige lient om ferfilme te wurden, binne der troch de jierren hinne in grut tal films makke dy't U.S. marshals yn 'e haadrol hawwe. Guon fan 'e bekendsten binne "The Fugitive", út 1993, mei Harrison Ford en Tommy Lee Jones yn 'e haadrollen, it ferfolch dêrop "U.S. Marshals", út 1998, mei Tommy Lee Jones en Wesley Snipes, en "Eraser", út 1996, mei Arnold Schwarzenegger en Vanessa Williams.
Heather Graham Graham har earste rol yn in film wie as in figurante yn "Mrs. Soffel" (1984). De earste kears dat se mei namme neamd waard op 'e ôftiteling wie yn 'e tillefyzjefilm "Student Exchange", út 1987. Yn dyselde tiid die se fral modellewurk, û.m. yn ferskate reklamespotsjes, en yn 1986 die se mei oan 'e kwis "Scrabble", op 'e stjoerder NBC. Har earste bekendheid krige Graham yn 1988 mei de rol fan Mercedes Lane, yn 'e searje "License to Drive", mei akteurs Corey Haim en Corey Feldman. Datselde jiers wie se koart te sjen yn in flashback as de mem fan twillingen Arnold Schwarzenegger en Danny DeVito yn 'e film "Twins".
Jaimie Alexander Om utens krige Alexander yn 2011 bekendheid mei har rol as Sif, de Germaanske goadinne fan nôt en wyn, yn 'e superheldefilm "Thor". Sûnt fertolke hja dyselde rol noch trijeris, ntl. yn 'e ferfolchfilm "Thor: The Dark World" (2013) en twa kear yn in "crossover"-gastrol yn 'e tillefyzjerige "Agents of S.H.I.E.L.D." (2014 en 2015). Fierders sil se yn 2017 op 'e nij fan 'e partij wêze as Sif yn film "Thor: Ragnarok". In oare bekende rol fan Alexander wie dy fan help-sheriff Sarah Torrance yn 'e film "The Last Stand" (2013), mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol.
Haadrol In skaaimerk fan haadrollen is faak dat sokke personaazjes de measte tekst hawwe yn in fiksjewurk (útsein fansels yn stomme films). Mar dat giet lang net altyd op. Arnold Schwarzenegger (as cyborg yn "The Terminator"), Dustin Hoffman (as de autistyske Raymond yn "Rain Man") en Rowan Atkinson (as de swijsume "Mr. Bean") hawwe bygelyks krúsjale haadrollen út harren karriêre spile wêrby't se mar kwealk in stom wurd seine. De bêste fertolkings fan haadrollen wurde by in protte prizen op it mêd fan toaniel, film en tillefyzje bekroane mei oerwinnings yn 'e kategoryen 'bêste akteur' of 'bêste aktrise'. Dat is bygelyks sa by de Oscars, Emmys, Tonys, BAFTA's, Gouden Keallen, ensfh.
Sasha Rionda Rionda waard yn 1977 berne yn 'e Meksikaanske haadstêd Meksiko-Stêd. Mei fanwegen in mingde etnyske eftergrûn (Meksikaansk en Switserdútsk) sprekt hja floeiend Spaansk en Ingelsk en kin hja in petear fiere yn it Frânsk en it Dútsk. Se begûn har karriêre mei 8 jier, doe't se yn 1985 har earste reklamespotsje die foar de Meksikaanske tillefyzje. Yn 1989 hie se in lyts roltsje yn 'e film "Old Gringo", en yn 1990 wie se te sjen as mutantebern yn in sêne mei akteur Arnold Schwarzenegger yn 'e film "Total Recall", fan regisseur Paul Verhoeven. Neitiid presintearre Rionda op 'e Meksikaanske tillefyzje in programma foar tiners en jongere bern oer sûnens en iten.
Sharon Stone Dat feroare yn 1990, doe't hja in rol krige yn Paul Verhoeven syn "Total Recall", dêr't se in heak fan in frou fan Arnold Schwarzenegger yn spile. Dat jier posearre se ek foar de Playboy. Dochs duorre it noch twa jier eardat se in rol fan bestjutting krige, it waard in haadrol yn wer in film fan Verhoeven,"Basic Instinct", neist Michael Douglas. Dy film makke fan Stone in wiere stjer. Sy spilet in iiskâlde biseksuele ferliedster; fral de sêne op it plysjeburo dêr't se yn sjen lit dat se gjin slipke oan hat, is wrâldferneamd wurden.
Mary Carey (pornografysk aktrise) Krekt foar't yn 2003 de Kalifornyske gûverneur Gray Davis ôfset waard, hie Carey in kontrakt tekene mei de lytse studio "Kick Ass Pictures". As in publisiteitsstunt waard doe besletten dat Carey harsels kandidaat stelle soe foar de gûverneursferkiezings. Dat wie in snoade set, want Carey har ynnimmende persoanlikheid, har selsspot en har gefoel foar humor oangeande pornoyndustry en polityk makken har op slach in publyksleafling. Har ferkiezingsprogramma omfieme punten as de legalisearring fan it homohoulik, de ynfiering in belesting op boarstymplantaten en in ôflûkpost foar "lapdances", en de oprjochting fan in "porn for pistols"-programma, wêrby't men fjoerwapens by de plysje ynruilje koe foar pornografy. Hoewol't de measte polityk analisten har en har kampanje weisetten as ûnsinnich, skonken de media rûnom oandacht oan har en wist se úteinlik 11.174 stimmen te lûken (0,2%), wêrmei't se twa fan 'e "serieuze" kandidaten fersloech, mar ferlear fan akteur Arnold Schwarzenegger.
Kalifornje It politike lânskip fan Kalifornje wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Lykwols is it hiele politike spektrum yn Kalifornje in stik linkser (Amerikanen neame dat "liberaler", mar dat betsjut eins hiel wat oars) as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten. Sa kin it wêze dat Republikeinen út Kalifornje soms progressiver binne as Demokraten út bgl. Teksas of Nebraska. Hoewol't de Kalifornyske befolking yn 'e regel (en by presidintsferkiezings altyd en yn grutte mearderheid) op Demokratyske kandidaten stimd, kinne de Republikeinen yn 'e Kalifornyske steatspolityk beslist net fuortsifere wurde. Sa wie de filmstjer en Republikein Arnold Schwarzenegger fan 2003 oant 2011 noch twa terminen gûverneur fan Kalifornje.