Top 10 similar words or synonyms for rappahannock

mississippy    0.647268

florida    0.614134

teksaanske    0.607019

delaware    0.600014

oregon    0.593871

arkansas    0.592636

alabama    0.592333

falls    0.591811

tennessee    0.591471

susquehanna    0.587764

Top 30 analogous words or synonyms for rappahannock

Article Example
Northern Neck Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw waarden George Washington, James Madison en James Monroe, dy't alletrije letter presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soene, berne op 'e Northern Neck. Ek Robert E. Lee, de ferneamde Súdlike legerkommandant út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wie op it skiereilân te wrâld kommen. Under de Boargeroarloch (1861-1865) leine de Northern Neck en benammen King George County oan 'e frontliny tusken it Noarden en it Suden. Noardlike troepen behearsken it meastepart fan 'e oarloch de rivier de Potomac en de noardigge fan 'e bopperin fan 'e rivier de Rappahannock. Nei ôfrin fan 'e oarloch besochten John Wilkes Booth, de moardner fan presidint Abraham Lincoln, en syn helper David Herold om fia de Northern Neck oan 'e plysje te ûntkommen. Te Garrett's Farm, yn Caroline County, krekt oare kant de Rappahannock, waarden se lykwols ynsletten, wêrby't Booth deasketten en Herrold finzen nommen waard.
Northern Neck De Northern Neck wurdt yn it easten begrinzge troch de Chesapeakebaai, yn it noarden troch de rivier de Potomac en yn it suden troch de rivier de Rappahannock. De krite omfiemet fjouwer countys, te witten: Lancaster, Northumberland, Richmond en Westmoreland, mei in mienskiplik oerflak fan 1.931 km² en in kustline fan 1.770 km. Soms wurdt ek King George County ta it skiereilân rekkene, wat it oerflak op 2.397 km² bringt. Hoewol't King George County histoarysk yndie ta de Northern Neck hearde, binne de grinzen sûnt dy tiid opskood, sadat in grut diel fan it histoaryske King George County no ta Westmoreland County heart. De Northern Neck hie yn 2007 in befolking fan goed 49.000 minsken (of goed 66.000 minsken as men ek King George County meirekkenet). De befolkingstichtens bedroech 25,6 minsken de km² (King George County ynbegrepen 27,6 de km²).
Firginia Yn it easten wurdt Firginia begrinzge troch de Atlantyske Oseaan, en it leechste punt fan 'e steat is it strân oan 'e Atlantyske kust. It noardlike twatrêde part fan 'e kustline leit eins oan 'e Chesapeakebaai, dat in see-earm fan 'e oseaan is dy't nei it noarden en noardwesten ta Noard-Amearika ynkringt en it fêstelân skiedt fan it Delmarva-skiereilân. Op 'e súdpunt fan dat skiereilân, dat fierders ta it grûngebiet fan 'e steaten Marylân en Delaware heart, lizze twa countys fan Firginia, dy't de saneamde Eastkust fan Firginia foarmje. Mei't in grut part fan 'e rivieren fan Firginia yn 'e Chesapeakebaai útmûnje, wêrûnder de Potomac, de James, de Susquehanna, de Rappahannock en de York, bestiet de Firginiaanske kustline dêre út trije grutte skiereilannen, dy't nei it súdeasten ta útstekke yn 'e baai. Fan noard nei súd binne dat de Northern Neck, it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân.
Northern Neck De Northern Neck (letterlik: "Noardlike Hals", frij fertaald: "Noardlike Lâningte") is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it noardlikste fan in rige fan trije skiereilannen ûnderinoar dy't de deselde rjochting út wize; de oare beide binne it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân. De Northern Neck is in lanlik gebiet mei lytse stedsjes en doarpen, boerespultsjes op 'e romte, wyngerds, strannen en jachthavens. Teffens lizze der fiif steatsparken en oare beskerme natoergebieten, lykas (in grut diel fan) it Nasjonaal Wyldreservaat Rivierdelling fan de Rappahannock. Sûnt de 1970-er jierren is de wynbou fan grut belang foar de Northern Neck. Dêrnjonken nimt it toerisme in wichtich plak yn, fral fan wettersporters.
Middelskiereilân It Middelskiereilân (Ingelsk: "Middle Peninsula") is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it middelste fan in rige fan trije skiereilannen dy't de deselde rjochting út wize; benoarden it Middelskiereilân leit de Northern Neck en súdlik derfan leit it Firginia-skiereilân. It Middelskiereilân wurdt yn it noarden begrinzge troch de rivier de Rappahannock en yn it suden troch de rivier de York. De krite omfiemet seis countys, te witten: Essex, Gloucester, King and Queen, King William, Mathews en Middlesex, mei in mienskiplik oerflak fan 3.320 km². De befolkingsgrutte fan it skiereilân bedroech yn 2007 krapoan 84.000 minsken, sadat de befolkingstichtens op 25,2 minsken de km² útkaam.