Top 10 similar words or synonyms for philosopher

cure    0.846446

shuffles    0.838691

vagina    0.831530

visitor    0.831312

monologues    0.825441

gathering    0.822941

catcher    0.814055

simpsons    0.811734

jew    0.811680

sundering    0.807669

Top 30 analogous words or synonyms for philosopher

Article Example
The Philosopher Kings (roman) Pytheas, dy't as Apollo de god fan sawol muzyk as poëzij is, hat gjin twifel dat er de wedstryd winne sil. En sa net, en Kebes deadet him, dan kin er einlings syn godlike macht wer opnimme en yn in hânomdraai weromkeare om Kebes in koekje fan eigen daai te jaan. As de wedstryd yn 'e arena fan Lucia foar in grut publyk holden wurdt, sjongt Pytheas in liet mei in drege meldij, wêrby't er himsels mei yngewikkelde akkoarden begeliedt op 'e liere. Kebes, lykwols, komt op 'e lapen mei in panfluit, in ynstrumint dat útfûn wie troch Pallas Atene, en it is in riedsel hoe't hy deroan komt. Mei't Plato fûn dat blaasynstruminten de minske weak makken, wiene sokke ynstruminten yn 'e Rjochtfeardige Stêd ferbean; sadwaande hawwe de lju dêrwei sokke muzyk noch nea earder heard. Boppedat spilet Kebes der sa'n fleurige deuntsje fan swingende ritmes op, dat de minsken har suver betwinge moatte om net op te springen en te dûnsjen. Neitiid freget de sjuery om beide stikken nochris te hearren. Dêrop draait Pytheas de liere op 'e kop, sadat de snaren ferkeard om sitte, en begeliedt himsels dan dochs noch, en boppedat mei de lofterhân, like foutleas as earder mei de goede kant omheech en mei de rjochterhân.
The Philosopher Kings (roman) Der wurdt besletten dat der in Luciaanske delegaasje meifarre sil werom nei de Restant-Stêd. As de reizgers dêr weromkeare, wurkje Pytheas en Maia gear om in konferinsje byinoar te roppen fan fertsjintwurdigers fan alle fiif stêden, û.m. om in ein te meitsjen oan 'e keunstoerfallen. Dan komt oan it ljocht dat de oerfal dy't Simmea it libben koste, útfierd is troch in troep jongerein út 'e Stêd fan 'e Amazônes. As Ikaros (eins Giovanni Pico della Mirandola) as fertsjintwurdiger fan dy stêd it oangeande keunstfoarwerp weromjout, is Pytheas by steat en lit de saak fierders gewurde. Hy set no al syn talinten yn om in bliuwende frede tusken de stêden ûnderling en mei de Lucianen te bewurkmasterjen. Dat slagget, mar in ûnoplosber probleem liket de preking fan it kristendom troch de Lucianen te wêzen, dy't de Grykske Aldheid foargoed feroarje sil, en dêrmei de hiele rin fan 'e skiednis.
The Philosopher Kings (roman) Seus lit it yn him omgean om 'e minsken dy't Pallas Atene sa eigenmachtich nei de iere Aldheid ferpleatst hat en de beskaving dy't se dêr stifte hawwe, mar hielendal te ferdylgjen, mar Apollo smeket syn heit om dat net te dwaan. Dan komt Porphyrius, dy't nea Delos besocht hat mar op 'e Olympus dochs syn eigen (profetyske) krêften as healgod ûntdekt, mei de oplossing om 'e fiif Platoanyske en acht Luciaanske stêden oer te bringen nei de fiere takomst, nei in plak yn 'e tiid krekt foar't de Ierde troch de ûntwikkeling fan flugger-as-ljochtreizgjen wer yn kontakt komt mei in grut tal minsklike koloanjes op oare planeten dy't dêr stifte binne yn it tiidrek dat romtereizen stadiger as ljocht giene. In protte fan dy koloanjes hawwe har tsjin dy tiid yn hiel aparte rjochtings ûntjûn, en de Platoanyske-Luciaanske beskaving kin maklik foar sa'nent trochgean.
The Philosopher Kings (roman) Hoewol't Seus net almachtich is, om't alle goaden bûn binne oan it lot en de needsaak en de beheinings dy't de tiid oan har opleit, draait er syn hân net om foar it ferpleatsen fan trettjin stêden mei alle ynwenners en tabehearren fan 'e iene planeet nei de oare. Yn in epilooch fertelt Apollo hoe't it fierder giet. De nije planeet komt fansels Plato te hjitten, en mei nije robots om it swiere wurk op te knappen ûntjout de beskaving him dêr fluch. Maia wurdt konsul fan 'e Restant-Stêd en tsjinnet trijeris as earste konsul fan 'e planetêre Senaat fan Plato. Nei har dea wurdt hja opfolge troch Neleus, wylst de oare bern fan Apollo in nij panteön foar de nije wrâld foarmje. As de koloanje ûntdutsen wurdt troch bûtenierdske wêzens, hat Arete einlik wat oan har fermogen om frjemde talen te ferstean. Tsjin 'e tiid dat de earste skippen fan 'e Ierde Plato berikke, is de minsklike koloanje djip behelle yn in konfederaasje mei de bûtenierdsen, wêrfan't dan ûnderwilens frijwat oerhelle binne om yn in platoanyske konstekst te stribjen nei rjocht en treflikens.
The Philosopher Kings (roman) Op Samos ûntdekke de opfarrenden fan 'e "Treflikens" in delsetting dêr't leden fan 'e "Goedens"-groep gearlibje mei Grykske oarlochsflechtelingen út Lyts-Aazje. Hja moetsje der ien fan 'e masters dy't nei it Lêste Debat mei Kebes fuortsyld is, Aristomache (dy't earder Ellen Francis Mason wie). Dyselde fertelt dat de "Goedens"-groep it Grykske heidendom ôfsward hat en weromkeard is nei it kristendom, dat foar alle leden fan 'e groep de oarspronklike godstsjinst wie. Boppedat binne hja begûn om it kristendom te preekjen oan 'e oarlochsflechtelingen, en hawwe se acht ûnderskate delsettings stifte, wêrfan't de stêd Lucia, op it eilân Lesbos, de âldste en grutste is.
The Philosopher Kings (roman) Sadwaande sylt de "Treflikens" fan Samos nei Lesbos, mei oan board ek Aristomache en ferskate oare lju fan 'e delsetting op Samos dy't de oerstek nei Lucia meitsje wolle. Yn Lucia treffe Pytheas en syn bern einlings en te'n lêsten de ferfijde Kebes oan, dy't him no wer Matthias neame lit en de funksje fan kristlik preester útoefenet. Pytheas nimt him te wacht om iten noch drinken oan te nimmen fan 'e Lucianen, sadat er net oan 'e regels fan 'e gastfreonskip bûn is. Hy konfrontearret Kebes mei de dea fan Simmea, en hoewol't al rillegau dúdlik wurdt dat noch Kebes, noch oare leden fan 'e "Goedens"-groep wat mei de keunstoerfal te krijen hiene, wegeret Pytheas om 'e saak rêste te litten. Hy beskuldiget Kebes der yn it iepenbier fan syn frou ferkrêfte te hawwen, en easket foldwaning. Aristomache, Klymene en oaren besykje it spul del te bêdzjen, mar Kebes noch Pytheas hawwe dêr earen nei. Uteinlik wurdt besletten ta in wedstryd: Pytheas en Kebes sille elk in orizjineel, eigenkomponearre muzykstik hearre litte, en in sjuery gearstald út ynwenners fan Lucia en bemanningsleden fan 'e "Treflikens" sil dan de winner oanwize. Neitiid mei de winner mei de ferliezer dwaan wat him goedtinkt. Sa wurdt besocht om in fete tusken de Luciaanske delsettings en de Restant-Stêd foar te kommen.
The Philosopher Kings (roman) Uteinlik stimt de mearderheid fan 'e sjuery foar it stik fan Pytheas, mar as er dat heart, ropt Kebes lûd ""Ferrie!"" Dêrop lûke syn oanhingers de wapens en falle de bemanningsleden fan 'e "Treflikens" oan en ek Lucianen dy't tuskenbeiden besykje te kommen. Arete, dy't de beide swurden fan har heit yn bewarring hat, fljocht dan (letterlik) nei de sjuery ta, in feit dat se wit te fertsjustermoanjen as in ûnbidich grutte sprong, om't har ûnwapene healbroer Neleus dêr oanfallen wurdt. Wylst sy, Neleus en ferskate oaren de oanfallers fan harren ôfslane, besiket ien keardel har fan efteren del te stekken, mar de âlde Marsilio Ficino stapt der kalm tusken en fangt sa it foar Arete bedoelde swurd op. As de oanfallers úteinlik allegear deade binne of har oerjûn hawwe, sjocht Arete dat de âldman oan har fuotten yn 't stjerren leit. Hy sjocht Pytheas, en seit: ""Apollo! Fansels!"" en stjert foar't Phaedrus, mei syn genêzende jefte, him berikke kin.
The Philosopher Kings (roman) Neitiid martelet Pytheas Kebes dea troch him mei syn eigen ark libben te strûpen, in metoade dy't Kebes foar him yn petto hie (en nei't it skynt ek al tapast hat op lju dy't it net mei syn religieuze ideeën iens wiene en dy't er ta ketters ferklearre hie). Pytheas docht dit net om't er der aardichheid oan hat, noch as wraak foar de ferkrêfting fan Simmea, mar om't Kebes de boel bedragen hie. Want, sa bringt Pytheas inkeld oan 'e lêzer út, it muzykstik dat Kebes op 'e panfluit spile, wie hielendal gjin eigen komposysje, mar "Summertime", fan Gershwin. Sok plagiaat is anatema foar de god fan 'e skiene keunsten. Kebes ferpoft it lykwols en antwurdzje op 'e flústere fragen fan Pytheas wêr't er syn kennis fan dat muzykstik wei hat.
The Philosopher Kings (roman) Letter docht bliken dat de oanhingers fan Kebes ek in wraam op 'e "Treflikens" dien hawwe, en hoewol't der in sterke wacht oan board efterbleaun wie (mei dêrûnder Kallikles), hie dat wierskynlik net genôch west om 'e oanfal ôf te slaan as der net wjerljocht út in heldere himel kommen wie dy't ferskaten fan 'e oanfallers deasloech. Dit wurdt útlein as it yngripen fan Seus om't Kebes-en-dy it heidendom ôfsward hiene. Nei't Kebes-en-dy de slach ferlern hawwe, kin der mei de Lucianen yn alle ridlikheid oerlein wurde, mei't in protte fan harren har skamje foar it brekken fan 'e gastfreonskip troch Kebes en syn oanhingers.
The Philosopher Kings (roman) Resinsint Amal El-Mohtar, dy't tige ûnder de yndruk wie fan Walton har "The Just City", hie yn 't earstoan muoite mei it feit dat de skriuwster mei "The Philosopher Kings" in sprong fan fyftjin jier yn 'e tiid makket. Hoewol't se mei dêrom "The Philosopher Kings" minder goed fûn as "The Just City", ferlear se harsels dochs al rillegau wer yn it ferhaal, en se priizget Walton dan ek om har tagonklike proazastyl. It tydskrift "Publishers Weekly" skreau dat it Walton mei "The Philosopher Kings" wûnderwol slagge om sjen te litten dat Plato syn ideeën net yn 'e praktyk te bringen binne, mar fûn ek dat har gebrûk fan godlike krêften, en yn 't bysûnder de "deus ex machina" oan 'e ein fan it boek, de spanning út 'e roman weisûgde. "Kirkus Reviews", dy't minder posityf wie oer "The Just City", fûn "The Philosopher Kings" krekt in stik better. Walton wie hjir neffens "Kirkus" ""dryster, mear op har eigen terrein; de plot en de personaazjes binne riker yn wat begjint as fantasy en dan, krekt foar de ein, ynienen en yntrigearjend fansiden wipt nei science fiction."" Hoewol't Kebes neffens "Kirkus" in iendiminsjonale smjunt bliuwt, hat it rouproses dat Pytheas trochmakket, in moai stik fuortbeitele fan 'e godlike heechmoed dy't Apollo yn "The Just City" noch karakterisearre.