Top 10 similar words or synonyms for personal

words    0.923271

sketches    0.921245

complete    0.920482

being    0.917630

sense    0.916780

other    0.914387

papers    0.911958

selected    0.911665

certain    0.911113

change    0.911020

Top 30 analogous words or synonyms for personal

Article Example
David Copperfield (roman) Personal History, Adventures, Experience and Observation of David Copperfield the Younger (film), in film út 1935
Jeanne d'Arc Har persoan en libben hat skriuwen troch de iuwen hinne ynspirearre, wêrûnder grutheden as Shakespeare (dy't har yn "Henry VI" as heks delsette), Voltaire ("La pucelle d'Orléans"), Schiller ("Die Jungfrau von Orleans"), George Bernard Shaw ("Saint Joan"), Jean Anouilh ("L'Alouette"), Mark Twain ("Personal Recollections of Joan of Arc") en Bertolt Brecht ("Die heilige Johanna der Schlachthöfe").
Persoanlike kompjûter In personal computer (pc) | persoanlike kompjûter, ôfkoarte as pk (net gongber, op dizze side tenei koartwei "kompjûter") is in kompjûter foar eigen gebrûk. Dy kompjûter wurdt brûkt foar it útfieren fan ferskate saken, lykas administraasje, tekstbewurking, ynternetferbining, programmearjen, kompjûterspultsjes, en oare saken. Men kin in kompjûter foar it wurk, ûnderrjocht en hobby brûke.
Mekka Ien fan mar in pear net-moslims dy't it slagge de stêd te besykjen wie de Britse ûntdekker Sir Richard Burton yn 1853. Troch himsels as in Afghaanske moslim te fermommen wist er Mekka yn te kommen. Hy lei syn ûnderfinings fêst yn "Personal Narrative of a Pilgrimage to Al Madinah and Meccah". De Nederlanner Christiaan Snouck Hurgronje besocht de stêd yn 1887, wylst er him foardie as bekearling.
Dick Cheney Hoewol't it suver wenst is dat in fise-presidint him nei de uterste termyn fan syn presidint ferkiesber steld foar it Amerikaanske presidintskip, seach Cheney dêr yn 2008 fanôf, mei it each op syn ympopulariteit en syn sûnensswierrichheden. Sûnt er begjin 2009 fise-presidint-ôf waard, hat er him ferskate kearen tige kritysk útlitten oer it belied fan 'e regearing-Obama. Yn 2011 ferskynde syn autobiografy, dy't er tegearre mei syn dochter Liz skreaun hie: "In My Time: A Personal and Political Memoir".
Microsoft Windows Microsoft Windows is de namme fan de bestjoeringssystemen fan Microsoft foar de personal computer. It waard yn 1985 lansearre en dominearret sûnt de yntroduksje fan Windows 95 yn 1995 de merk foar persoanlike kompjûters. Yn 2004 hie Microsoft 90% fan de persoanlike-kompjûtermerk yn hannen. De oarspronklike beslissing fan Microsoft om de earste ferzje fan Windows te ûntwerpen wie grif sterk beynfloede troch eardere inisjativen fan Xerox en Apple, dy't harren kompjûters al in grafyske brûkeromjouwing joegen.
John Gibbon John Gibbon ferstoar yn 1896 yn Baltimore, yn 'e âlderdom fan 68 jier. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Behalven syn ynfloedrike kriichskundige wurk "The Artillerist's Manual", út 1859, wie hy ek de skriuwer fan it autobiografyske "Personal Recollections of the Civil War" ("Persoanlike Oantinkens oan de Boargeroarloch"), dat postúm yn 1928 útjûn waard, en "Adventures on the Western Frontier" ("Aventoeren yn it Wylde Westen"), dat pas yn 1994 publisearre waard. Dêrnjonken skreau Gibbon ek ferskate artikels oer it Amerikaanske regearingsbelied foar de Yndianen oer.
David Copperfield (roman) David Copperfield, mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk, al is de folsleine titel eins "The Personal History, Adventures, Experience and Observation of David Copperfield the Younger of Blunderstone Rookery (Which He Never Meant to Publish on Any Account)", is in roman fan 'e hân fan 'e grutte Britske skriuwer Charles Dickens (1812-1870). Dit boek, dat beskôge wurde kin as in ûntwikkelingsroman, fertelt it ferhaal fan 'e jonge David Copperfield fan syn jonge bernejierren oant syn folwoeksenens. It is ien fan Dickens syn bekendste romans, en stiet derom bekend dat de skriuwer der in protte autobiografyske eleminten yn ferwurke. "David Copperfield" waard foar it earst publisearre yn 'e foarm fan in fúljeton yn 'e jierren 1849-1850, en dêrnei as boek yn 1850. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2015.
Theodora Kracaw Kroeber Kroeber wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology, en hy behelle geregeldwei syn frou yn syn wurk. Sa rekke Theodora Kroeber û.o. belutsen by Ishi, fan wa't beweard waard dat er de lêste oerbleaune Jahy ("Yahi") wie, dy't it slachtoffer wurde wiene fan opsetlike útrûging troch blanke kolonisten. Nije ynformaasje makket it lykwols oannimlik dat Ishi fan mingd etnysk komôf west hawwe kin, mei in heit dy't mooglik ta de Wintû, Maidû of Nomlaky hearde. Theodora Kroeber skreau in bekende biografy fan Ishi, mei as titel "Ishi in Two Worlds". Tsien jier nei Kroeber syn ferstjerren, yn 1960, skreau hja ek in biografy fan him, mei as titel "Alfred Kroeber: A Personal Configuration". Theodora Kroeber ferstoar yn 1979, yn 'e âlderdom fan 82 jier.
Sibling It belang en de krekte definysje fan it begryp 'sibling' ferskilt al neigeraden it ôfstammingssysteem dat yn in maatskippij hantearre wurdt. Yn 'e Westerske kultuer dominearret datoangeande in foarm fan siblingskip dy't yn 'e antropology oantsjut wurdt mei de term "personal kindred" ("persoanlike besibskip"). Dat is in foarm fan bilaterale ôfstamming wêrby't útslutend folle siblings ta deselde "kindred" (besibskipskategory) rekkene wurde as de ik-persoan. De oare foarm fan bilaterale ôfstamming is de "descending kindred" ("ôfstammingsbesibskip"), wêrby't net útgien wurdt fan 'e âlden, mar fan eardere foarâlderpearen, lykas pakes en beppes, oerpakes en oerbeppes, betoerpakes en betoerbeppes of in noch earder pear. Ofhinklik fan 'e fraach hoefier't men weromgiet, wurde dan dus ek neven en nichten, efterneven en efternichten, ensfh. ta jins siblings rekkene.