Top 10 similar words or synonyms for oukbih

psychologe    0.796120

belkin    0.794535

sagan    0.785814

lecouvreur    0.782899

soine    0.780624

heaney    0.779258

bellamy    0.778751

kundera    0.777939

gabor    0.777069

timosjenko    0.776286

Top 30 analogous words or synonyms for oukbih

Article Example
Mustapha Oukbih Yn 1985 en 1986 wie Oukbih belutsen by de gearstalling fan it tillefyzjeprogramma "Hollandse Nieuwe", oer allochtoanen yn Nederlân, dat troch jonge ymmigranten sels makke waard. Neitiid wied er ferskate jierren wurksum as freelance-sjoernalist foar û.o. "Trouw" en "De Groene Amsterdammer". Yn 1987 wûn Oukbih tegearre mei Elma Verhey de ADO Mediapriis foar in rige artikels oer de multikulturele maatskippij, dy't yn it tydskrift "Vrij Nederland" publisearre waard yn in taheakke mei as titel "De Hollandse Droom".
Mustapha Oukbih Mustapha Oukbih (útspr. ['mustafa 'ukbi], likernôch: "mûstafa ûkby; Rabat, 20 jannewaris 1964 – Amsterdam, 22 april 2017) wie in Nederlânsk sjoernalist, ferslachjouwer en dokumintêremakker fan Marokkaansk komôf. Hy begûn as freelance-sjoernalist en wurke letter jierrenlang foar de VPRO. De measte bekendheid krige er as Midden-Easten-ferslachjouwer foar de NOS.
Mustapha Oukbih Nei sân jier yn Jordaanje wenne te hawwen, kearde Oukbih yn 2010 werom nei Nederlân. Hy waard bûtenlânredakteur by de nijsredaksje fan 'e NOS, mar moast dy funksje neitiid al rillegau opjaan doe't er oanhelle rekke mei kanker. Yn 2017 kaam Oukbih nei in lang siikbêd yn 'e âlderdom fan 53 jier yn Amsterdam te ferstjerren.
Mustapha Oukbih Yn 2003 kaam Oukbih yn 'e tsjinst by de NOS, en waard er ferslachjouwer yn it Midden-Easten foar it "Radio 1 Journaal", as opfolger fan Joris Luyendijk. Syn stânplak wie Amman, yn Jordaanje, dêr't er it hiele Midden-Easten wei bestriek, Noard-Afrika oant en mei de Magreb ynbegrepen. Om't it Arabysk syn memmetaal wie, hied er dêrby fuortendaliks in foarsprong op 'e measte oare Westerske sjoernalisten, dy't dy taal net of amperoan machtich wiene. Oukbih lies de Arabyske kranten en folge op dy wize ek de Arabyske kant fan it pleatslike nijs. Fierders wied er ien fan 'e mar in pear Nederlânske korrespondinten dy't ferslach diene fan 'e Irakoarloch. Fan 2006 ôf wurke Oukbih nau gear mei Nicole le Fever, dy't ek Amman as stânplak hie, en mei Sander van Hoorn, dy't te Tel Aviv stie. Trijeresom foarmen se it buro Midden-Easten fan 'e NOS.
Mustapha Oukbih Oukbih waard yn 1964 berne yn 'e Marokkaanske haadstêd Rabat. Yn 1975 kaam er mei njoggen jier mei syn mem oer nei Nederlân yn it ramt fan gesinsweriening mei syn heit, dy't hjir gastarbeider wie. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, begûn er te skriuwen foar it "Buitenlanders Bulletin", sûnder in sjoernalistike oplieding folge te hawwen. Dat krantsje wie in útjefte fan it Nederlânsk Sintrum Bûtenlanners (NCB) en behannele ymmigraasjefraachstikken.