Top 10 similar words or synonyms for myer

loudoun    0.833515

tindal    0.829780

stearns    0.828876

staircase    0.828050

polly    0.827516

mclane    0.826394

barnet    0.825718

yates    0.824755

kirani    0.824321

caryl    0.823642

Top 30 analogous words or synonyms for myer

Article Example
Black Jack (hynder) Black Jack (Fort Reno (Oklahoma), 19 jannewaris 1947 – Fort Myer (Firginia), 6 febrewaris 1976) wie in hynder yn it besit fan it Amerikaanske Leger, dat yn 'e Feriene Steaten lanlike bekendheid krige troch syn dielname oan 'e lykprekaasjes fan ferskate Amerikaanske presidinten.
Black Jack (hynder) Op 22 novimber 1952 waard Black Jack oerbrocht nei Fort Myer, yn Firginia, dat de rest fan syn libben syn thús wêze soe. Hy tsjinne dêr yn it affuitpeloton fan it Amerikaanske 3e Ynfanteryregimint, byneamd de Alde Garde ("the Old Guard"). As ruterleas hynder naam Black Jack diel oan mear as tûzen seremoniële begraffenissen, wêrfan de measten op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.
Winfield S. Edgerly Yn july 1902 kearde Edgerly werom nei de Feriene Steaten, dêr't er oant 19 febrewaris 1903 wer by it 7e Kavaleryregimint tsjinne. Yn april fan dat jier folge in befoardering ta kolonel, wêrnei't er oant desimber 1903 kommandant fan 'e legerbasis Fort Myer wie, yn Firginia. Fan febrewaris 1904 oant jannewaris 1907 focht Edgerly ûnder de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch op 'e Filipinen, in eardere Spaanske koloanje dy't de Amerikanen ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch ferovere hiene. Yn dy tiid fierde er efterinoar it befel oer de legerbases Camp Wallace de Union, Camp Stotsenburg en Camp McKinley. Op 23 juny 1905 waard er befoardere ta brigadegeneraal.
Black Jack (hynder) Op 6 febrewaris 1976 gie Black Jack dea nei in glânsrike militêre karriêre. Hy waard kremearre en syn jiske krige in lêste rêstplak yn Summerall Field, by Fort Myer, op 60 m noardeastlik fan 'e flaggemêst yn 'e súdeastlike hoeke fan it paradefjild. Black Jack wie ien fan mar twa hynders út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't in militêre útfeart mei folsleine militêre eare krigen (it oare hynder wie Comanche, de iennichste oerlibbene fan Custers detasjemint yn 'e Slach oan de Little Bighorn).
Nelson A. Miles Under syn tiid yn Fort Keogh ûntwikkele Miles yn gearwurking mei generaal Albert J. Myer in rige fan heliograafposten, wêrmei't er troch it gebrûk yn spegels opfongen sinnestrielen kommunikaasjesynjalen oer in ôfstân fan 230 km ferstjoere koe fan syn legerpost nei Fort Custer. Yn desimber 1880 waard Miles befoardere ta brigadegeneraal. Neitiid tsjinne er fan 1881 oant 1885 as kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Kolumbia, yn it Amerikaanske Noardwesten, en fan 1885 oant 1886 as kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Missoury.