Top 10 similar words or synonyms for milysjes

fuery    0.679259

kroaten    0.675750

militante    0.669926

loyalistyske    0.663553

cooperstown    0.662326

welsen    0.658908

fermontster    0.654103

grinsoarloch    0.653432

besettingsmacht    0.652676

blackfeet    0.651558

Top 30 analogous words or synonyms for milysjes

Article Example
William Barret Travis Dat doe't Santa Anna besocht om hurdhannich in ein oan it trelit te meitsjen, ferienen de Teksanen har yn wapene milysjes, dy't de arsenalen yn 'e steat yn beslach namen. De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch briek yn oktober 1835 út doe't de Teksaanske milysjes yn 'e Slach by Gonzales koarte metten makken mei in lytse ôfdieling Meksikaanske troepen. Net lang dêrnei foel San Antonio yn Teksaanske hannen, wêrby't it Meksikaanske garnizoen ferdreaun waard út 'e fersterke missypost dy't bekendstie as de Alamo.
Lot De lottersdei, de dei dat foar de milysjes lotte wurde moast, wie oant yn de 20e iuw raar ferneamd. Benammen op It Amelân, dêr't de lottelingen yn de folksmûle 'Amelanner guten' neamd waarden.
Kigaly Fan 7 april 1994 ôf wie Kigaly it toaniel fan de Rûandeeske genoside, de moard op sa'n miljoen Tûtsy's en matige Hûtû's troch Hûtû-milysjes ("interahamwe") en leden fan it Rûandeeske leger. Yn Kigaly wie ek de striid tusken it leger, dat troch Hûtû's dominearre waard, en it "Front Patriotique Rwandais" (FPR, Patriottysk Front fan Rûanda), dat meast út Tûtsy's bestie.
Salomonseilannen De stabiliteit en it maatskippelik libben hat sûnt 1997 lit fan etnysk geweld, regearingsmisdragings en misdie. Yn juny 2003 is in leger ûnder it bewâld fan Austraalje fanút meardere lânnen, de "Regional Assistance Mission to the Solomon Islands" (RAMSI) ('De Regionale Help Misje oan de Salomonseilânnen') oankaam om de frede werom te bringen en om etnyske milysjes te ûntwapenjen.
Firginia Op 15 maaie 1776 rôp de Konvinsje de ûnôfhinklikheid fan Firginia út, en waard de Firginiaanske Rjochteferklearring oannommen, dy't opsteld wie troch George Mason. In oare Firginiaan, Thomas Jefferson, borduerre op Mason syn wurk fuort by it opstellen fan 'e nasjonale Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring. Doe't yn 1774 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch begûn, waard de Firginiaan George Washington oansteld as haad fan it opstannige Kontinintale Leger, dat gearstald wie út 'e milysjes fan 'e trettjin koloanjes. Under de oarloch waard op oantrún fan gûverneur Thomas Jefferson de haadstêd fan Firginia ferpleatst fan Williamsburg nei Richmond, mei't Williamsburg, troch syn lizzing oan 'e kust, kwetsber wie foar oanfallen troch de Britske marine.
William Barret Travis Op 19 desimber waard Travis oansteld as kavalery-ofsier yn it nijfoarme reguliere Teksaanske leger, mei de rang fan luitenant-kolonel. Hoewol't it de bedoeling wie dat der 384 man ûnder him tsjinje soene, moast Travis dy allegear eigenhandich rekrutearje. Dat foel noch net ta, mei't de measte leden fan 'e pleatslike milysjes der neat foar fielden om har ûnder militêre tucht en it gesach fan ofsieren pleatsen. Hoewol't er doe noch mar achttjin man byinoar skrabe hie, krige Travis al rillegau de opdracht om him mei syn kompanjy reguliere soldaten nei de Alamo te bejaan, om it garnizoen dêre, dat bestie út milysjeleden, te fersterkjen.
Concord (Massachusetts) Concord spile in haadrol oan it begjin fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich, doe't moarnsier 19 april 1775 de earste militêre konfrontaasjes wiene tusken Amerikaanske boargermilysjes, de Minutemen, en it Britske leger. Earder dy dei dag waren er skermutselingen tusken de Amerikaanske milysjes en Britske legerienheden yn it tichteby lizzend Lexington, dêr't de Amerikanen ferslein waarden. Dêrnei gienen de Britten fierder nei Concord, dêr't fjildslach by de Alde Noardbrêge ("Old North Bridge") útfjochte waard en de Amerikaanske frijheidsstriders de Britske soldaten op de rin wisten te krijen.
Lânmacht In steand leger ferwiist nei in lânmacht dy't bestiet út foltiidssoldaten, yn tsjinstelling ta de reservestriidkrêften, dy't inkeld oproppen wurde foar oefenings of yn tiid fan oarloch. In oare tsjinstelling bestiet tusken it geregelde of reguliere leger en ûngeregelde troepen of milysjes, dy't gearstald binne foar in beskaat doel, faak bûten de autoriteiten fan 'e steat om (sij it soms wol mei goedkarring fan dyselde autoriteiten). In ekspedysjeleger ferwiist nei in diel fan 'e lânmacht dat yn in oerseesk gebiet of lân ynset wurdt.
New Orleans Op it lêst fan 'e Oarloch fan 1812 (dy't sa hjit om't er yn dat jier útbriek), stjoerden de Britten in leger fan 11.000 man om New Orleans op 'e Amerikanen te feroverjen. De jonge Andrew Jackson, dy't letter presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soe, socht in striidmacht byinoar dy't bestie út pleatslike milysjes, frije kleurlingen, geregelde Amerikaanske legertroepen, frijwilligers út Kentucky wei en seerôvers fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, en fersloech dêrmei de Britten op 8 jannewaris 1815 yn 'e bloedige Slach om New Orleans. Pas neitiid die bliken dat yn Jeropa de Frede fan Gint al tekene wie op 24 desimber 1814.
Patriottetiid yn Boalsert De patriotten yn Boalsert hawwe op 21 jannewaris in frijwillige skutterij oprjochte, wêr't eltsenien lid fan wurde koe en de offisieren demokratysk keazen wurde soenen. Mar ien boargemaster, G. Rondaan, stimde úteinlik foar, in beslissing dy't mooglik noch swier op him rêste soe. De froedskip protestearre meio in útset lûd tsjin de ôfwêzigens fan safolle magistraatsleden, wêrûnder fansels de fjouwer prinsgesinde boargemasters. Twa eardere patriotten keazen wyls foar in evenrediger koers. Ald-boargemaster Tichelaar wegere elke meiwurking, mar ek boargemaster Elgersma drukte syn snor, wylst hy n.b. inkele moannen earder 2.600 gûne út de tegoeden fan it Sint Antonygasthûs helle hie foar de oanskaf fan wapens en unifoarms. It lot fan Johan van Oldenbarnevelt wie blykber genôch om hoeden te wêzen mei it setten fan hântekenings foar it organisearjen fan pleatslike of provinsjale milysjes.