Top 10 similar words or synonyms for mcqueen

errol    0.907888

frankie    0.904037

shakira    0.900515

melanie    0.897988

selena    0.897903

orr    0.895095

carole    0.894791

vicky    0.893710

alicia    0.892882

garland    0.892415

Top 30 analogous words or synonyms for mcqueen

Article Example
Quigley Down Under Senarioskriuwer John Hill sette yn 1978 al útein mei it skriuwen fan it skript fan "Quigley Down Under", en sawol Steve McQueen as Clint Eastwood waarden yn 't earstoan yn omtinken nommen foar de haadrol. Uteinlik foel de kar op McQueen, mar tsjin 'e tiid dat men ree wie en begjin mei de opnamen, yn it foarjier fan 1980, wie McQueen te siik om noch te wurkjen, en sadwaande waard it projekt doe skrast. Mids jierren tachtich krige Tom Selleck lucht fan it senario, en hy besocht om 'e film fan 'e grûn te krijen by Warner Bros., mei himsels yn 'e haadrol en Lewis Gilbert as regisseur, mar it spul rûn op 'e non wylst it noch yn 'e pre-produksjefaze siet.
Gemma Ward Ward waard 16 jier âld yn de Amerikaanske Vogue oanrekkemandearre as ie fan de njoggen "it-girls" yn de modellewrâld. Sy die shows foar Prada, Versace, Gucci, Chanel, Valentino en Alexander McQueen. Se pronke op de omslach fan ûnder oaren "Vogue" en "W".
Jacqueline Bisset Bisset makke har debút yn 1967 yn de film "Two for the Road" en spile dêrnei de rol fan Miss Goodthighs yn de James Bond-parody "Casino Royale". Yn 1968 ferfong se Mia Farrow yn "The Detective" en spile mei Steve McQueen yn "Bullitt".
Preemjejager Preemjejagers foarmje in ynteressant en dêrom tankber ûnderwerp foar de Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood. Sadwaande binne der frijwat films oer dit ûnderwerp. Foarbylden binne "The Hunter" (1980), mei Steve McQueen; "Wanted: Dead or Alive" (1987), mei Rutger Hauer en Gene Simmons; "Midnight Run" (1988), mei Robert De Niro; "Domino" (2005), mei Keira Knightley; "The Bounty Hunter" (2010), mei Jennifer Aniston; "One for the Money" (2012), mei Katherine Heigl; en "Django Unchained" (2012), fan regisseur Quentin Tarantino.
Robert Vaughn Vaughn syn trochbraak kaam yn 1959 doe't er foar syn rol yn 'e film "The Young Philadelphians" nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en teffens foar in Golden Globe yn deselde kategory. Yn 1960 folge ien fan syn bekendste filmrollen, as de traumatisearre revolverman Lee yn 'e western "The Magnificent Seven", mei û.o. Yul Brynner, Steve McQueen, Charles Bronson en Eli Wallach. Tweintich jier letter soed er frijwol deselde rol nochris ferfolje yn 'e science fiction-film "Battle Beyond the Stars" (1980), dy't krekt as "The Magnificent Seven" basearre wie op 'e Japanske film "Shichinin no Samurai" ("Sân Samoerai"), fan regisseur Akira Kurosawa.
Ai Tominaga Sy ferkynde op de omslach fan "Vogue" yn har heitelân en op de "catwalk" foar ûnder oaren John Galliano, Vivienne Tam, Anna Sui, Christian Dior, Karl Lagerfeld, Gucci, Michael Kors, Ralph Lauren, Dolce and Gabbana, Givenchy, Elie Saab, Alexander McQueen en Valentino. Tominaga hat yn tal fan moadeblêden te sjen west, lykas "Vogue" (yn Amearka, Frankryk, Grut-Brittanje, Japan, Ruslân en Dútslân), "Harper's Bazaar", "i-D" en waard fotogravearre troch fotograven mei in protte ynfloed sa as Annie Leibovitz, Nick Knight, Steven Meisel, Ellen von Unwerth, Mert and Marcus en Peter Lindbergh. Earder hie se al in grutte rol yn reklamekampanjes foar Yves Saint Laurent (mei topmodellen Jacquetta Wheeler, Carmen Kass en Caroline Ribeiro), Gucci, Hermès, Tag Heuer, Banana Republic, en se is no it gesicht fan Moschino. Yn 2004 stie hja op de Pirelli-kalinder.
Remake In remake is in term út 'e filmyndustry foar in nije ferzje fan in al earder makke film, of foar in filmferzje fan in âlde tillefyzjesearje. Minder faak wurdt it brûkt yn tillefyzjefermiddens, dêr't der in nije searje mei bedoeld wurdt op basis fan in âldenien. Soms tsjut men ek in nije ferzje fan in besteand kompjûter- of fideospultsje sa oan. In foarbyld út 'e filmyndustry is "The Thomas Crown Affair", in film út 1999 mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan en Rene Russo, dat in "remake" wie fan 'e film mei deselde namme út 1968, mei yn 'e haadrollen Steve McQueen en Faye Dunaway. In foarbyld fan 'e tillefyzje is de science fiction-rige "Battlestar Galactica", wêrfan't de oarspronklike ferzje út 1978 datearret, mar wêrfan't yn 2004 in "remake" makke waard.
Nicole Beharie Yn 2011 song Beharie fiif lieten yn 'e musical en romantyske komeedzje "My Last Day without You", as tsjinspylster fan 'e Dútske akteur Ken Duken. Datselde jiers wie se ek te sjen as Marianne yn 'e film "Shame", fan Steve McQueen, oer in seksferslaafde man, dy syn myriaden seksuële eskapades en wat der bart as syn koppige jongere suster by him ynlûkt. Yn 2012 hie Beharie de rol fan Piper, in jonge frou mei psychyske problemen dy't as klúzner yn har appartemint libbet, yn 'e filmadaptaasje fan it toanielstik "Apartment 4E" fan regisseur en toanielskriuwer Russell Leigh Sharman. Yn 2013 spile Beharie fierders Rachel Robinson, de frou fan honkballer Jackie Robinson (spile troch Chadwick Boseman), yn it biografyske sportdrama "42".
Mr. T Nei ferrin fan tiid wist Mr. T syn baan as útsmiter om te setten yn in karriêre as liifwacht, dy't hast tsien jier duorre. Yn dy snuorje beskerme er û.o. 16 prostituees, 10 leararen, 9 útkearingsberjochtigen, 5 predikanten en 4 winkellju. Neigeraden dat syn reputaasje oanwoeks, krige er in almar better beteljende kliïntêle, wêrûnder 8 bankiers, 7 moadeûnwerpers, 7 rjochters, 6 topsporters, 5 modellen, 3 politisy en, úteinlik, 42 miljonêrs. Bekende klanten fan sines wiene boksers Muhammad Ali en Joe Frazier, sjongers Diana Ross en Michael Jackson en akteur Steve McQueen. Foar sokke klanten rekkene er $3.000 oant maksimaal $7.000 deis, ôfhinklik fan it risiko dat er rûn en de lokaasje dêr't er hinne reizgje moast. In protte fan dat jild gie op oan 'e oankeap fan nije juwiellen, en tsjin it begjin fan 'e jierren tachtich rûn Mr. T om mei halskeatlings, earmbannen, ringen en earbellen ter wearde fan $300.000, dêr't er moarns in oere mei oan 'e gong wie om it om te dwaan, en de measte jûnen noch langer om it skjin te meitsjen en op te poetsen.