Top 10 similar words or synonyms for latyn

gryksk    0.832570

hebriuwsk    0.817092

skrift    0.756062

arameesk    0.749899

aldingelsk    0.735328

aldfrysk    0.729122

perzysk    0.708866

ioanysk    0.699885

sanskryt    0.688909

aldnoarsk    0.683638

Top 30 analogous words or synonyms for latyn

Article Example
Latyn It Latyn (Latyn: "lingua latīna") is in âlde (en no deade) taal út de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't ta de Italjaanske tûke fan 'e stambeam beheart. It Latyn wie de taal fan de Romeinen en wie om de jiertelling hinne de wichtichste taal yn it Middellânske-Seegebiet.
Latyn Yn de rin fan de 2e iuw f.Kr. waard it Latyn stadichoan de literêre taal sa as wy dy tsjintwurdich kinne; de taal waard normaliseare, krige in konservative ynslach en yn de sinbou waard systematysker. De ôfstân ta de omgongstaal, dy't "folkslatyn" of fulgêr Latyn neamd wurdt, naam dêrtroch hiel bot ta. Benammen Sisero en Caesar hawwe yn de 1e iuw f.Kr. de toan set foar it klassike Latyn.
Latyn Trochdat Latyn de taal fan de tsjerke woarn waard, en de mûntsen yn de Midsiuwen de wichtichste wittenskippers wienen, waard it Latyn ek ta de taal fan de wittenskip. Nei't de universiteiten oergongen op de lânstaal hie it dy rol net mear, mar ek no noch wurdt Latyn yn ferskate lannen noch as skoallefak ûnderwiisd, lykas bygelyks yn Nederlân op de middelbere skoalle. De taal wurdt ûnder oaren ek noch brûkt by it takennen fan nammen foar planten en bisten.
Latyn Troch de iuwen, it Latyn seach syn útspraak yn ferskillende soarten ferbrutsen. Dêrom fint men no in konflikt tusken de oarspronklike útspraak en de "Tsjerkeútspraak" fan hjoeddei.
Latyn De âldste Latynske tekst datearret nei gedachten út de 7e iuw of 6e iuw f.Kr. Yn dy iere tiid waard Rome sterk beynfloede troch de Etrusken, it oanbuorjende folk dat in grut gebiet bewenne benoarden Latium. De Romeinske religy en boukeunst bygelyks binne hiel bot inte op Etruskyske foarbylden. Ek it klassike Latynsk alfabet is basearre op it Etruskysk alfabet (dat op har beurt wer fan it Gryksk alfabet ôflaat wie). Wat de taal sels oangiet hat it Etruskysk net folle ynfloed hân op it Latyn, útsein inkele lienwurden, dêr't "persona" (masker) it bekendste fan is: it wurd dêr't it Fryske "persoan" wer fan ôflaat is.