Top 10 similar words or synonyms for landhuis

vpon    0.916848

archéologie    0.902775

individueel    0.900592

idenburg    0.896523

superslet    0.896382

archeologische    0.896335

decline    0.896329

conodonta    0.893996

gielegouwen    0.893524

lès    0.892860

Top 30 analogous words or synonyms for landhuis

Article Example
Daniël de Blocq van Haersma de With (1797-1857) Yn 1841 krige de famylje besite fan de keninklike famylje, dy't dan in besite bringt oan de twa noardlike provinsjes. Dit wie kening Willem II mei syn frou Anna Pawlona fan Ruslân. Underweis nei Grinslân gienen se oan by huzinge Haersmastate. De Ljouwerter Krante skreau ûnder oare: "Het landhuis van den Heer Grietman was met smaak versierd, vele Aanzienlijken waren aldaar genoodigd en een keurig Dejeunée werd aangeboden". Neffens oerlevering binnen de famylje Van Haersma soe de kening by fertrek út Bûtenpost sein hawwe dat hy wat foar de hear grytman dwaan woe. De hear Van Haersma de With soe doe sein hawwe: ""Sire, mijn enige wens zou kunnen zijn dat U de tot mijn dochter gesproken woorden waar maakt. U begroette haar met: "Goedemorgen, Freule"". De kening soe op dizze frijpostige útlitting andere hawwe: "Mijnheer, ik nobileer U". By Keninklik Beslút fan de dei fan de keninklike besite op Haersmastate, 26 july 1841, waard mr. Daniël de Block van Haersma de With troch de kening út eigener beweging ferheft yn de adelstân, dus sûnder dat dêrta rekestearre is. Syn neisieten mochten it predikaat jonkhear en jonkfrou fiere. Njoggen jier letter, yn 1852, brocht kening Willem III in besite oan de famylje op Haersmastate. De beide wethâlders fan Achtkarspelen Zijlstra en Gorter, twa riedsleden Buma en Hulshoff en de gemeentesekretaris Van de Schaaf wienen by de ûntfangst. Op eigen fersyk waard Haersma de With yn de lêste funksje ûntheft nei de steatkundige herfoarmingen fan 1851. Hy wie de lêste dy't dêrmei de funksje fan grietman beklaaide. Tenei wie der sprake fan de gemeente Achtkarspelen mei oan it haad in boargemaster.