Top 10 similar words or synonyms for kweaferneamde

ranald    0.793195

animation    0.764071

stated    0.757951

infanterie    0.755265

loudoun    0.752331

damascus    0.751605

ôfskaffe    0.751467

brockhampton    0.744947

tasicht    0.744127

fetterman    0.743397

Top 30 analogous words or synonyms for kweaferneamde

Article Example
Gefjocht by Drexel Mission Op 29 desimber 1890 rjochte it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder lieding fan kolonel James W. Forsyth yn it ramt fan 'e Geastedûnsoarloch it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee oan ûnder oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging dy't yn 't foar grutdiels ûntwapene wiene. Under barre winterske omstannichheden hie dat 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.
James W. Forsyth James W. Forsyth (folút: James William Forsyth; Maumee (Ohio), 8 augustus 1834 – Columbus (Ohio), 24 oktober 1906) wie in Amerikaansk militêr, dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. Under de Boargeroarloch tsjinne er yn 'e stêf fan generaal Philip Sheridan. Forsyth waard lykwols fral bekend troch it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, fan ein 1890, dêr't hy ferantwurdlik foar wie.
John G. Neihardt Yn 1920 ferhuze Neihardt mei syn gesin nei Branson. Yn 'e simmer fan 1930 socht er yn it ramt fan syn oangeande ûndersyk nei de geastedûns kontakt mei de foaroansteande Lakota-medisynman Swarte Wapity ("Black Elk"), dy't oanwêzich west hie by sawol de Slach oan de Little Bighorn as it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Dyselde dielde mei Neihardt syn libbensferhaal en gie dêrby djip yn op 'e hillige fizioenen dy't er ûndergien hie.
Sû-Oarloggen De Geastedûnsoarloch wie in wapene konflikt yn desimber 1890 en jannewaris 1891 tusken de Feriene Steaten en de Lakota. Hoewol't it in oarloch neamd wurdt, foldocht dy namme mar amperoan, om't it konflikt der eins te lyts en te iensidich foar wie. It draaide om 'e ûnderdrukking troch it Amerikaanske Leger fan 'e geastedûnsbeweging, dy't beskôge waard as in opstannige organisaasje. De Geastedûnsoarloch omfieme trije wapene konfrontaasjes, wêrfan't it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee it bekendst wurden is.
George D. Wallace (militêr) George D. Wallace (folút: George Daniel Wallace; York County (Súd-Karolina), 29 juny 1849 – Wounded Knee (Súd-Dakota), 29 desimber 1890) wie in Amerikaansk militêr fan mingd Skotsk en Ingelsk etnysk komôf, dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw dielnaam oan ferskate oarloggen tsjin 'e Yndianen. Sa focht er mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, dy't er oerlibbe, en wied er letter behelle yn 'e Nez Persé-Oarloch en de Kampanje tsjin 'e Noardlike Sjajinnen. Wallace kaam yn 1890 om by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee.
Grutte Flakten (Noard-Amearika) Ien fan 'e bekendste en bloedichste konflikten út dy snuorje wie de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Lakota en Sjajinnen it Amerikaanske Leger yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn Montana, in slimmen nederlaach tabrochten. Dêrop besochten de blanken moedwillich en rûgje de bizon út, dêr't de Flakte-Yndianen foar harren iten ôfhinklik fan wiene. Sadwaande moasten de Flakte-Yndianen úteinlik belies jaan. It lêste ferset tsjin 'e blanke oerhearsking fan 'e Grutte Flakten, troch de pasifistyske geastedûnsbeweging, waard yn 1890 troch it Amerikaanske Leger yn bloed smoard ûnder it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee.
Myles Moylan Yn 1877 focht Moylan yn 'e Nez Persé-Oarloch yn 'e Slach by Canyon Creek en de Slach by Bear Paw, yn westlik Montana, tsjin 'e Nez Persé, wêrby't er slim ferwûne rekke. Tsien jier letter, yn 1887, naam er diel oan in koarte strafekspedysje tsjin guon opstannige Kro, dy't bekend kaam te stean as de Kro-Oarloch. Neitiid wie Moylan ek oanwêzich by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, op 29 desimber 1890, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.
Winfield S. Edgerly Winfield S. Edgerly (folút: Winfield Scott Edgerly; Farmington (Nij-Hampshire), 29 maaie 1846 – dêre, 10 septimber 1927) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 tsjinne er by it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint en oerlibbe er de beruchte Slach oan de Little Bighorn. Yn 1890 wied er belutsen by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Letter naam Edgerly diel oan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch en de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. Hy gie yn 1909 mei de rang fan brigadegeneraal mei pinsjoen, mar kearde ûnder de Earste Wrâldoarloch koart yn aktive tsjinst werom.
Winfield S. Edgerly Edgerly hie it befel oer C Kompanjy fan it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee. Dêrby slachte it Amerikaanske Leger op 28 desimber 1890 ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôf, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Neitiid rikkemandearre Edgerly sersjant Frederick E. Toy oan foar in Medal of Honor, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, foar "betoande dapperheid by it deasjitten fan fijannige Yndianen." (De ûnderskieding waard takend, mar Edgerly syn formulearring waard weilitten.)
Laytonville Rancheria De Laytonville Rancheria is in rancheria dy't yn 1906 troch it Amerikaanske regear stifte waard foar de Kato, in Yndiaansk folk fan Atapaskysk komôf yn noardlik Kalifornje. It reservaat leit yn in krite dêr't de lânseigen befolking yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw swier troffen waard troch etnyske suverings en genoside fan 'e hân fan 'e blanke kolonisten, benammen ûnder de kweaferneamde Mendocino-oarloch fan 1859-1860. Foar't de Laytonville Rancheria stifte waard, wiene de Kato twongen om mei oare Yndiaanske etnyske groepen dy't fan âlds harren fijannen wiene, gear te libjen yn it Round Valley Yndianereservaat.