Top 10 similar words or synonyms for kuorbal

gymnastyk    0.910229

badminton    0.893475

folleybal    0.833528

tennis    0.828274

basketbal    0.820692

jeu    0.819998

boules    0.809011

follybal    0.796988

keatsen    0.794479

tafeltennis    0.793529

Top 30 analogous words or synonyms for kuorbal

Article Example
Kuorbal Kuorbal waard yn 1902 betocht troch Nico Broekhuysen, in ûnderwizer út Amsterdam. Hy hie yn Sweden it spul Ringbal leard, en ûntwikkele dêr in ferzje út dy't dúdlik genôch wie om it syn learlingen te learen. De sport waard al gau populêr op skoallen, net allinnich by de bern, mar ek by de grutte minsken. Mei trochdat it in mingde sport wie, sadat it makliker wie genôch spilers te finen, waard de sport yn hast elk doarp spile. Hjoeddedei wurdt kuorbal yn organisearre foarm spile yn 35 lannen.
Kuorbal Kuorbal is in balsport foar mingde partoeren. It is in doelsport foar twa partoeren fan elts fjouwer froulju en fjouwer manlju. If fjild is opdield yn twa fakken, mei yn elts fak fan elts partoer twa froulju en twa manlju. It doel is in koer, 3,5 meter heech oan in peal yn it fak fan de tsjinstanners. De spilers meie net mei de bal rinne, en meie net yn it oare fak komme. Foar 1991 wie it fjild opdield yn trije fakken, sadat in partoer doe 12 spilers hie.
André Kuipers (kuorballer) André Kuipers (Ljouwert, 21 oktober 1981) is in Nederlânsk kuorbal-international.
Wordt Kwiek Wordt Kwiek, koartwei WK, is in kuorbal- en follybal- en gymnastykferiening út Jobbegea.
Poppenwier Foarhinne wie der ek in tafeltennis en jeugdbiljertferiening. Ek wie der eartiids it "Poppenwierster kuorbal".
Sportferiening De Lauwers Sportferiening De Lauwers is in sportklub dy't oprjochte is op 25 maart 1955 en oan fuotbal, kuorbal en follybal docht.
Tine de Vries (reedrydster) Neist reedriden die De Vries oan atletyk en kuorbal, by de ferienings ODK út Koartsweagen en Lintjo út Aldeberkeap. Fan beide ferienings wie hja mei-oprjochtster.
C. Kan Hal Njonken folleybal waard ek op heech nivo kuorbal spile yn de C. Kan hal. KV De Lege Geaen spile har haadklasse wedstriden yn dizze hal.
Nico Broekhuysen Nicolaas Broekhuijsen (Doardt, 30 desimber 1876 – Hilversum, 13 maaie 1958) wie in Nederlânsk ûnderwizer, dy't ferneamd waard as útfiner fan it kuorbal.
Olympyske Simmerspullen 1928 Nasjonale sporten dy’t as demonstraasjesport yn 'e beneaming kamen foar de Olympyske Spullen fan 1928 wienen bôgesjitte, rugby, kegelje, kuorbal en keatsen. De earste trije opsjes foelen, om ferskate redenen, al gau ôf, wêrnei’t keatsen en kuorbal oerbleaunen as mooglike ûnderdielen. De ôfspraken mei it Nederlânske Keatsbûn wienen al frij betiid makke. It bûn hie sels al in brief tastjoerd krigen dêr't yn sein waard dat it keatsen sa goed as wis keazen wurde soe as demonstraasjesport, der moast lykwols al rekkenskip mei hâlden wurde dat der op it lêst dochs noch in oare sport keazen wurde koe. Lang om let keas it Nederlânsk Olympysk Komitee dochs foar kuorbal en net foar it keatsen, om't Baron Van Tuyll van Serooskerken, foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee, it Nederlânske Kuorbalbûn al tasein hie dat kuorbal de demonstraasjesport wurde soe by de Spullen.