Top 10 similar words or synonyms for keunstkritisy

komkommer    0.824520

schreur    0.819546

hypertragulidae    0.818197

nederprusysk    0.816178

lophiomerycidae    0.814559

stouthart    0.813386

leptomerycidae    0.809334

actressnom    0.808695

legac    0.807211

nmr    0.806215

Top 30 analogous words or synonyms for keunstkritisy

Article Example
Keunstkrityk Keunstkritisy en keunstteoretisy publisearje tsjintwurdich harren kritiken en ferslaggen yn sawol blêden en kranten as online, benammen op spesjalisearre blogs. Sy wurkje faak as kurator en jouwe les oan akademys as universiteiten. Keunstkritisy hawwe in eigen UNESCO-organisaasje, de "Ynternasjonale Feriening fan Keunstkritisy".
Milo Moiré Moiré hat harsels mei opsetsin op it reitsflak fan keunst en pornografy pleatst, mei fideo's op har webside dy't se sels omskriuwt as "ûnsinsurearre", en dy't men tsjin betelling besjen kin. Hja liket aktyf te sykjen nei sinsuer fan 'e tradysjonele keunstkanalen (lykas museä en tillefyzje). Neffens har eigen sizzen, fynt Moiré dat keunst gjin grinzen heart te kennen. Sadwaande is de dea de iennichste grins dy't hja akseptearret. Moiré har optredens hawwe in protte krityk oproppen, net inkeld fan skokte museumbesikers, mar ek fan 'e keunstkritisy, fan wa't ien har wurk yn 'e Britske krante "The Independent" omskreau as ""it jongste wanhopige besykjen om te shockearjen yn 'e namme fan 'e keunst.""
David Pendleton Oakerhater Pratt joech syn finzenen ek de beskikking oer grutboeken, eins bedoeld foar it byhâlden fan 'e boekhâlding. Yn Fort Marion waarden se lykwols brûkt foar it meitsjen fan keunst, benammen tekenings. De finzenen borduerren datoangeande fuort op 'e tradysjonele keunst fan harren folk, mei as ûnderwerpen folksdûnsen, jachtpartijen, hofmakkerij en it libben yn Fort Marion, mar ek foarfallen út it ferline. Dizze saneamde 'grutboekkeunst' wie doe al populêr ûnder blanke besikers, dy't der grif jild foar op 'e tafel lizze woene. Oakerhater wie de earste dy't mei sokke tekenings begûn, en hy produsearre se ek it meast. Syn wurk wurdt troch hjoeddeistige keunstkritisy omskreaun as "ferrifeljende nayf, mar eins tige kompeks yn opbou en ûnderwerp". Oakerhater ûndertekene syn wurk meast mei de namme 'Makket-Medisyn' ("Making Medicine"), in net-letterlike oersetting fan syn Sjajinske namme 'Sinnedûnser', dy't him troch de blanken taparte wie nei syn oerjefte. Tsjintwurdich binne syn tekenings tige kostbere samlersfoarwerpen, wêrfan't guon ta de kolleksje behearre fan it ferneamde Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C..