Top 10 similar words or synonyms for kaakdieren

gnathostomata    0.982463

tuskenstamme    0.972194

vertebrata    0.947906

boppeklasse    0.937614

tuskenklasse    0.929907

kreakbienfisken    0.925801

ûnderklasse    0.920059

ûnderstamme    0.916897

chondrichthyes    0.916477

nijkakigen    0.911138

Top 30 analogous words or synonyms for kaakdieren

Article Example
Kaakdieren Kaakdieren ûnderskiede har fan oare wringedieren trochdat se in boppe- en in ûnderkaak hawwe, en dêrnjonken troch it besit fan tosken, trije ynstee fan twa healsirkelfoarmige kanalen yn it binnenear, en lidden dy't by twaen komme. Men is fan tinken dat de kaken har ûntwikkele hawwe út 'e foarste ûnderstipingsbôgen fan 'e kiuwen, nei't dy in nije rol krigen hiene, nammentlik om wetter oer de kiuwen te pompen troch de bek op in effektivere wize iepen en wer ticht te dwaan. Dat iepen-en-tichtmeganisme evoluëarre meitiid ta in sterker en hurder lichemsdiel en waard sa de ûnderkaak, dy't dêrnei grutter en wider waard om't der dan makliker proaidieren mei fongen wurde koene.
Kaakdieren De kaakdieren, kakedieren of tsjeakdieren (Latynske namme: "Gnathostomata", letterlik: "kaakmûnigen") foarmje in tuskenstamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren ("Metazoa"), de boppestamme fan 'e nijmûnigen ("Deuterostomata"), de stamme fan 'e rêchstringdieren ("Chordata") en de ûnderstamme fan 'e wringedieren ("Vertebrata"). Ta dizze tuskenstamme, dy't soms ek wol as in boppeklasse beskôge wurdt, hearre sa'n 60.000 libbene soarten, wat 99% fan alle wringedieren omfiemet. Dêrûnder binne û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en de measte fisken.
Kaakdieren Resint ûndersyk liket út te wizen dat moderne kaakdieren har ûntwikkele hawwe út 'e (útstoarne) klasse fan 'e pânserfisken ("Placodermi"). Op grûn fan fossile fynsten wurdt oannommen dat de ierste kaakdieren har ûntwikkelen yn it lette Siluer en talryk waarden oan it begjin fan it Devoan.
Kreakbienfisken De kreakbienfisken (Latynske namme: "Chondrichthyes") foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren ("Metazoa"), de stamme fan 'e rêchstringdieren ("Chordata"), de ûnderstamme fan 'e wringedieren ("Vertebrata") en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren ("Gnathostomata"). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske χονδρ, "chondr-", dat "kreakbien" betsjut, en ἰχθύς, "ichthys", dat "fisk" betsjut.
Seekatten (fisken) De seekatten (Latynske namme: "Holocephalimorpha") foarmje in boppeskift fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren ("Chordata"), de ûnderstamme fan 'e wringedieren ("Vertebrata"), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren ("Gnathostomata"), de klasse fan 'e kreakbienfisken ("Chondrichthyes") en de ûnderklasse fan 'e seekateftigen ("Holocephali"). Dit is in taksonomyske groep fan fisken, mei as iennichste libbene subgroep de draakfisken ("Chimaeriformes"). De seekatten moatte net te betize wurde mei de groep fan inketfisken mei deselde namme.