Top 10 similar words or synonyms for ipatjev

wettin    0.681425

bharaputra    0.668526

plantagenêt    0.642505

prestene    0.639986

bewar    0.636385

wassenberch    0.636138

habsburch    0.635646

bewarring    0.634017

boerbon    0.604336

basa    0.603695

Top 30 analogous words or synonyms for ipatjev

Article Example
Ipatjevhûs Ta oantinken fan de moard op de keizerlike famylje fan Ruslân en har persoaniel waard yn de jierren 2000-2003, op it plak dêr't ea it Ipatjev-hûs stie, de monumintale Tsjerke op it Bloed boud.
Ipatjevhûs Alhoewol't yn 1974 it Ipatjev-hûs as in histoarysk monumint klassifisearre waard, naam Michail Sûslov, in lid fan it Politburo, in pear jier letter it beslút dat it Ipatjev-hûs sloopt wurde moast. De offisjele reden wie dat it hûs wike moast foar it ferbetterjen fan it ferkear yn dit diel fan de stêd, mar de wiere reden wie dat Moskou gjin ferlet hie fan in beafeartsplak foar de fermoarde keninklike famylje. It wie de earste presidint fan de Russyske Federaasje, Boris Jeltsyn, dy't doedestiids noch haad wie fan de regionale Kommunistyske Partij, dy't twongen waard om de opdracht út te fieren. Letter neamde Boris Jeltsyn de sloop in "barbaarske died"
Ipatjevhûs Krapoan in wike letter waard Jekaterineburch ûnder lieding fan de Tsjechyske generaal Radola Gajda fan it Westlike Wite Leger ynnommen. It hûs waard werom jûn oan de eigner, mar moast brûkt wurde foar ûndersyk troch de rjochter Ivan Serguéjev en letter Nikolaj Sokolov nei wat der krekt bart wie mei de keizerlike famylje. Nettsjinsteande dat koe Ipatjev trije keamers fan it hûs brûke.
Ipatjevhûs Op 27 april 1918 hieten de bolsjewiken de keapman Nikolai Nikolajewitsj Ipatjev syn hûs binnen twa dagen leech op te leverjen. Hy mocht ûnder yn de kelder in romte brûke om syn guod op te slaan. Dizze romte waard dêrnei fersegele en lei njonken de keamer dêr't trije moannen letter de keizerlike famylje mei harren persoaniel eksekutearre wurde soene. De bolsjewiken lieten it hûs mei in dûbele houten palisade fan fjouwer meter hichte omheine en op it dak waard in masjinegewear opsteld.
Ipatjevhûs It Ipatjevhûs (Russysk: Дом Ипатьева) wie it hûs yn de Russyske stêd Jekaterineburch yn it distrikt Oeral, dêr't tsaar Nikolaas II en syn famylje en persoaniel finzen holden en letter fermoarde waarden. It stiennen hûs, dat yn it bêste diel fan de stêd stie oan it Himelfeartsplein net fier fan de Himelfearttsjerke, waard yn 1977 ôfbrutsen. Op it plak fan it Ipatjev-hûs waard yn de jierren 2000-2003 ta oantinken fan de keninklike famylje de Tsjerke op it Bloed boud.
Ipatjevhûs Ein 1919 foel Jekaterineburch op'e nij yn de hannen fan de Bolsjewiken. It hûs bleau no foar in lange tiid leech stean, oant it yn 1927 iepene waard as in museum foar de revolúsje. Besikers koene de keamers op de earste ferdjipping besjen, mar de kelder bleau sluten om't der de argiven fan de pleatslike sovjet opslein leine. It museum gyng yn 1932 wer ticht. Nei de Twadde Wrâldkriich krige it hûs meardere bestimmingen. It hûs waard brûkt om argiven fan de kommunistyske partij op te slaan, it wie in Museum fan it Ateïsme. Fanwegen de skiednis bleau it Ipatjev-hûs belangstellenden lûken, ek al wie it net mooglik om it hûs te besjen. Alle jierren wer leine boargers op 17 july blommen by it hûs tan oantinken oan de keizerlike famylje.
Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch) Nei de Febrewarisrevolúsje waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn Tsarskoje Selo bûten Sint-Petersburch. Om't Aleksander Kerensky, de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan Tobolsk. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterineburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterineburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It Tsjechysk Legioen, dat oan de kant fan de Witen tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterineburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.
Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch) It Ipatjevhûs wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de Oktoberrevolúsje joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne op ôf kamen. Dit omtinken liede yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter Joeri Andropov en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte te ferlingen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillig plak en nei it begjin fan de Perestrojka kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak dat no in stik ûnlân wie. Oan de earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols ferwidere waard. Letter folgen in twadde en in tredde, no metalen krús.