Top 10 similar words or synonyms for ijada

rish    0.783097

ekaterin    0.767699

taura    0.766186

liadan    0.766064

goreu    0.764624

illvin    0.762799

delstutsen    0.760591

falsk    0.757587

wencel    0.754468

brabantio    0.754353

Top 30 analogous words or synonyms for ijada

Article Example
Yn it Skaad fan de Wolf No't de taak folbrocht is, freget Ingrey Ijada oft hja mei him trouwe wol en kriget tawurd. Sa bart, en prins Biast en segelmaster Hetwar soargje dat de saak tsjin Ijada nea foar it gerjocht komt, wylst de trije learde preesters foar Ijada in ûntheffing bemachtigje foar it yn har dragen fan 'e geast fan it loaihoars. De ein fan it boek liket te ymplisearjen dat de âlde religieuze praktiken fan it Wold yn in nije foarm werlibje sille.
Yn it Skaad fan de Wolf "The Hallowed Hunt" iepenet as der op in ôfhandich jachtslot in prins, de jongste soan fan 'e hillige kening, fermoarde wurdt, en Hetwar Ingrey dêrhinne stjoerd om it spul te berêden. As er dêr ienris oankomt, docht bliken dat prins Boleso omgriemde mei de âlde wâldtsjoenderijen en bisteketterijen. Hy hie frouwe Ijada, syn moardneresse, opeaske fan syn suster, prinsesse Fara, wa har hofdame oft hja wie, blykber mei as doel om har tsjin har wil te twingen om syn mêtresse te wurden. Mar Ingrey ûntdekt dat er op deselde jûns dat er fan doel wie om Ijada te ferkrêftsjen, ek in loaihoars smoard hat op 'e manear sa't yn it Alde Wold offers brocht waarden: mei in sidene koarde oan in ikene balke. Wat er krekt fan doel wie, is ûndúdlik; wol is klear dat er syn plannen net ferwêzentlikje kind hat, mei't frouwe Ijada him mei syn eigen striidhammer de harsens ynslein hat.
Yn it Skaad fan de Wolf Nei't se yn 'e haadstêd oankommen binne, wurdt Ijada op foarspraak fan Wencel net yn in tsjerker smiten, mar fêstset yn in kibige boargerwente dy't de greve yn eigendom hat. Yn 'e dagen dêrnei besykje Ingrey en Ijada tegearre wiis te wurden út alle winken, riedsels en gekmeitsjende fraachstikken dy't har foarlein binne. Wa hat Ingrey de moardsuchtige beswarring oplein? Wêrom woe dyjinge Ijada dea hawwe? En wat hawwe de fiif goaden mei dit alles te krijen? Want dàt se der wat mei te krijen hawwe, liket wis, yn acht nommen dat se Ijada fan it Bloedfjild dreame litten hawwe en harren op ferskate oare manearen mei de gong fan saken bemuoie. Boppedat hat Ingrey sels yn dy snuorje twaris in godsûnderfining. De earste kears sprekt de Bastert him ta as er midden op it timpelplein yn 'e haadstêd in dûme iisbear delbêdet, en de twadde kears kriget er ûnder de begraffenis fan prins Boleso in fizioen wêryn't de Soan fan 'e Hjerst him Boleso syn siel lotterje lit fan in ferskaat oan bistegeasten, sadat de prins tagong krije kin ta it hjirneimels. Underwilens is dan oan it ljocht kommen dat syn wolvegeast Ingrey net inkeld ta in geastekriger makke hat, mar ta in sjamaan, mei sels noch gruttere krêften.
Yn it Skaad fan de Wolf Op har blôch op har offisjele webside leit Bujold út dat "The Hallowed Hunt" by har yn 'e holle begûn wie as in românse tusken Ingrey en Ijada, mar, sa skriuwt se, it ferhaal ""waard de heldinne ûntnadere troch de smjunt "[Wencel]", en fuortkroade yn in folslein oare rjochting. (Jim begripe no sa stadichoan wol dat ik in soad fan dit spul ûnder it skriuwen wei optink.)"" Se leit fierders út dat dit mei feroarsake waard troch har eardere beslissing om it ferhaal út ien eachpunt (Ingrey sines) wei te fertellen, ynstee fan ek Ijada har eachpunt te brûken of it út in ferskaat oan eachpunten te skriuwen. As it ferhaal ek fan Ijada út ferteld wie, soe Wencel it folle dreger fûn hawwe om it te kapen. Mar doe't bliken die dat de wichtichste bân net dy tusken de held en de heldinne wie, mar dy tusken de held en de smjunt, begûn it boek folle mear te gean oer de dea, it hjirneimels en wat der mei de sielen fan 'e ferstoarnen bart, as oer leafde.
Yn it Skaad fan de Wolf De moardsuchtige beswarring dy't Ingrey oplein wie om Ijada har dea te beävensearjen liket in útwaaks fan Wencel syn oarloch tsjin 'e goaden te wêzen, al is it Ingrey noch altiten net alhiel dúdlik wêr't de ein datoangeande fêstsit. Mar hy hat op it stuit wichtiger soargen, want Wencel hat yn harren petear ek foarsteld dat Ingrey mar better by him yn 'e tsjinst komme kin, no't er safolle oan 'e weet kommen is. Ingrey wol syn hjoeddeiske wurkjouwer Hetwar freegje om 'e boat ôf te hâlden as Wencel him om Ingrey freget, mar Hetwar, dy't mei gragens in spion yn Wencel syn hofhâlding pleatse wol, is krekt hiel ynnommen mei it idee. Sa komt Ingrey by syn neef yn 'e tsjinst. Hy hopet yn elts gefal in warskôging ôfjaan te kinnen as Wencel einlik fanwegen komt.