Top 10 similar words or synonyms for hynstefolk

ruterij    0.712198

washakie    0.693013

kweaferneamde    0.691053

oanfieren    0.682037

fetterman    0.681104

fijanlike    0.678613

pânsere    0.671141

willemityske    0.671021

tobruk    0.667917

sheriffmuir    0.665886

Top 30 analogous words or synonyms for hynstefolk

Article Example
Kavalery Yn it Ynterbellum waarden yn 'e measte legers de kavalery-ienheden omfoarme ta motorisearre ynfantery, meganisearre ynfantery of tankienheden. Lykwols tsjinne der noch altyd wier hynstefolk yn 'e Twadde Wrâldoarloch (1939-1945), benammen yn 'e legers fan Poalen, de Sovjet-Uny, Mongoalje en Itaalje. Yn oare legers ferfolle ruterij faak spesjalisearre funksjes, lykas de Finske kavalery, dy't ynset waard yn tichtbeboske gebieten dêr't moderne ferfiersmiddels net praktysk wiene. Tsjin 1950 wie foar gefjochtstroepen kavalery op hynders lykwols yn hast alle legers ôfskaft. Tsjintwurdich tsjinnet wier hynstefolk yn it leger inkeld noch in seremonieel doel.
Kavalery De kavalery (fan it Frânske "cavalerie", dat wer ôflaat wie fan "cheval", "hynder"), foarhinne ek wol it hynstefolk of de ruterij neamd, is in ûnderdiel fan 'e lânmacht fan 'e striidkrêften fan 'e measte lannen. Foarhinne gie it dêrby om troepen dy't op hynders rieden, mar tsjintwurdich is it in oantsjutting foar de tanks en loftmobile troepen.
Ynfantery De ynfantery ûnderskiedt him fan 'e oare beide tradysjonele lânmachtûnderdielen, de artillery (it swiere geskut) en de kavalery (foarhinne it hynstefolk, no de tanks en loftmobile troepen). Histoarysk sjoen is de ynfantery de âldste fan dizze trije ûnderdielen, en ek hjoed de dei noch is de ynfantery foar in leger fan grutte wearde, mei't soldaten har geandefoets yn gebieten en op terreinen bejaan kinne dy't ûntagonklik binne foar fiertugen (bergen, sompen, oerwâlden, ensfh.).
Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale Op 11 augustus 1332 fûn de Slach by Dupplin Moor plak, wêrby't it Skotske regearingsleger it opnaam tsjin 'e ballingen en hierlingen fan Edwert fan Balliol, en dêrby ferrassend in swiere nederlaach litte. Robert fan Bruce, hear fan Liddesdale, kaam yn dy slach om doe't er in oanfal fan it Skotske hynstefolk late. Yn deselde slach sneuvele ek Donald II fan Mar, sadat Skotlân yn dusoarder efterbleau. Liddesdale wie net troud en hie ynsafier bekend gjin bern. Der wurdt wol tocht dat Tomas fan Bruce, 1e baron fan Clackmannan, syn soan wie, mar dat is net mear as in teory, mei't der gjin bewiis foar bestiet.
Lânmacht De lânmacht is it âldste en meast foarkommende diel fan 'e kriichsmacht, mei't lang net alle lannen in kustline en dus in marine hawwe, wylst de loftmacht in frij resinte útfining is. Fan âlds bestie de lânmacht út trije saneamde wapens: de ynfantery (it fuotfolk), de kavalery (it hynstefolk) en, fan 'e fjirtjinde iuw ôf, de artillery (de kanonnen). Letter kamen dêr spesjalisearre troepen by, lykas de sjeny en de kommando's. It is ek mooglik dat in lânmacht oare kriichsmachtûnderdielen ynkorporearret, lykas in eigen loftmachtkorps.
Skotlân Histoaryske boarnen oer (sij it net út) Skotlân begjinne mei de ferovering troch de Romeinen fan it súdlike twatrêde part fan it eilân Grut-Brittanje, yn it jier 43. Yn dy tiid waard Skotlân fan Kaledoanje neamd, en de bewenners fan dat lân hiene neat op mei útlânske oerhearsking. Neffens de Romeinske skiedskriuwer Tasitus namen de Kaledoaniërs as ien man de wapens op tsjin 'e Romeinen. Se foelen Romeinske fortifikaasjes oan en fierden in soarte fan guerilja-oarloch tsjin 'e Romeinske legioenen, wêrby't se soms spektakulêre súksessen behellen. Sa wisten se by in nachtlike oanfal hast it hiele Romeinske 9e Legioen út te rûgjen foar't dat ûntset wurde koe troch in ôfdieling hynstefolk.
Kavalery Fan 'e ierste tiden ôf hie de kavalery it foardiel fan mobiliteit boppe de gewoane ynfantery. Boppedat hie immen dy't fan 'e rêch fan in hynder ôf focht it foardiel fan hichte boppe ien dy't op 'e grûn stie. En dêropta waarden striidhynders faak treend om 'e fijân fan 'e berider te skoppen en te biten. In neidiel wie lykwols dat de kavalery yn 'e regel lichter bewapene wie as de ynfantery. Mei lju dy't net treend wiene om it tsjin hynstefolk op te nimmen of formaasjes dy't útinoarfallen wiene, makke de kavalery sadwaande ornaris koarte metten, mar in wisberette kloft ynfanteristen dy't in oaniensletten formaasje behold en oer wapens beskikte (lykas spearen of gewearen) wêrmei't men de kavaleristen fan in ôfstân te liif koe, koe him de kavalery oer it algemien goed fan it liif hâlde. Om't de beide ûnderdielen ferskillende funksjes ferfollen, beskikten frijwol alle legers oer sawol kavalery as ynfantery.
De Kening Komt Wer De legers fan Mordor, ûnder lieding fan de freze heksekening fan Angmar, de machtichste fan 'e njoggen Nazgûl of ringsjammen, slagget it einlings om troch de poarten fan Minas Tirith te brekken, mar de oanfal fan it Rohander hynstefolk komt krekt op 'e tiid. Wylst de Rohirrim it oarkeleger bûten de stêd de wringe brekke, en de Gondoreeske ferdigeners de fijân dy't al yn 'e stêd trochkrongen wie, weromslane, komt Pepyn by Gandalf om him te warskôgjen dat Denethor op it punt stiet om himsels en Faramir libben te ferbrânen. It slagget Gandalf om Faramir te rêden, mar Denethor is te fier hinne om noch fan syn bedoelings ôfbrocht te wurden en hy ferbaarnt himsels.
Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch Wallace stelde syn mei spearen tariste fuotfolk op yn fjouwer rûne, stikelbaarcheftige formaasjes, dy't omjûn wiene troch in ferdigeningsmuorre fan skean foarútwizende houtene peallen mei skerpe punten. De Ingelsen setten lykwols Welske bôgesjitters yn, dy't harren de taktyske superioriteit joegen. De eigen bôgesjitters fan 'e Skotten waarden fan it fjild fage troch in oanfal fan it Ingelske hynstefolk, en doe't dêrnei de Skotske ridders, ûnder it befel fan Skotske eallju, harren leger yn 'e steek lieten en fuortrieden, wie it Skotske fuotfolk oerlevere oan 'e Ingelsen, dy't fan alle kanten de de fjouwer rûne formaasjes begûnen oan te fallen. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.
William Wallace Wallace stelde syn mei spearen tariste fuotfolk op yn fjouwer rûne, stikelbaarcheftige formaasjes, dy't omjûn wiene troch in ferdigeningsmuorre fan skean foarútwizende houtene peallen mei skerpe punten. De Ingelsen setten lykwols Welske bôgesjitters yn, dy't harren kant de taktyske superioriteit joegen. De eigen bôgesjitters fan 'e Skotten waarden fan it fjild fage troch in oanfal fan it Ingelske hynstefolk, en doe't dêrnei de Skotske ridders, ûnder it befel fan Skotske eallju, harren leger yn 'e steek lieten en fuortrieden, wie it Skotske fuotfolk oerlevere oan 'e Ingelsen, dy't fan alle kanten de de fjouwer rûne formaasjes begûnen oan te fallen. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.