Top 10 similar words or synonyms for going

come    0.947124

know    0.942663

here    0.938861

how    0.938320

never    0.937106

but    0.935356

can    0.935180

there    0.931993

got    0.931732

were    0.931117

Top 30 analogous words or synonyms for going

Article Example
We're Going to Ibiza "We're Going to Ibiza" wie basearre op 'e nûmer 1-hit "Barbados", fan 'e groep Typically Tropical, út 1975. De oanpaste tekst wie skreaun troch Jeff Calvert en Max West. "We're Going to Ibiza" makke diel út fan 'e cd "The Party Album", fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys, besteande út Kim Sasabone, Denise van Rijswijk, Robin Pors en Roy den Burger. It liet waard op 30 augustus 1999 útbrocht as in single, dy't produsearre wie troch de Nederlânske discjockeys en muzykprodusinten Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen.
We're Going to Ibiza "We're Going to Ibiza" waard in grutte hit, en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn Nederlân, Poalen, Skotlân en Ingelân. Yn Flaanderen en Sweden bleau it stykjen op it twadde plak, en yn Noarwegen op it trêde plak. Bûten Jeropa helle de single yn Nij-Seelân in 6e plak yn 'e hitlisten, mar yn Austraalje kaam er net fierder as in 26e plak en yn 'e Feriene Steaten sloech er noch gjin dûk yn in pakje bûter. Likegoed wie "We're Going to Ibiza" foar de Vengaboys ien fan 'e grutste súksessen, wêrmei't se yn Nederlân in platina plaat hellen en yn Grut-Brittanje en Austraalje in goudenien.
We're Going to Ibiza "We're Going to Ibiza" is in simpel ferske dat in fakânsje op it Spaanske eilân Ibytsa oanpriizget. Yn Ingelsktalige lannen is it nûmer berucht om 'e "ferkearde" útspraak fan "Ibiza", dat yn it Nederlânsk dan wol útsprutsen wurdt as "Ibytsa", mar yn it Ingelsk as "Ibiiza", mei in z.
We're Going to Ibiza De fideoklip fan "We're Going to Ibiza" lit de leden fan 'e Vengaboys sjen yn 'e foarm fan tekenfilmfigueren dy't nei Ibytsa ta reizge en ûnderweis plakken as Rome en Moskou foarbygeane. De iepeningssêne lit it stedhûs fan Toronto sjen. Berucht oan 'e klip is dat op 1:40 minút Washington, D.C. foarby komt, dêr't 4 tellen lang foar in rút yn it Wite Hûs de silhûetten fan presidint Bill Clinton en syn mêtresse Monica Lewinsky te sjen binne wylst se mei-inoar yn 't spier binne.
We're Going to Ibiza We're Going to Ibiza is in liet fan 'e Nederlânske dance-groep Vengaboys. It waard útbrocht yn 1999 en berikte it earste plak op 'e hitlisten yn fjouwer lannen. Yn 'e mande mei "We Like to Party!" en "Boom, Boom, Boom, Boom!!" wie it ien fan 'e grutste hits fan 'e groep.