Top 10 similar words or synonyms for follybal

gymnastyk    0.821589

fuotbal    0.805221

kuorbal    0.796988

tennis    0.791689

badminton    0.790497

basketbal    0.788715

sport    0.768290

keatsen    0.756573

strânfollybal    0.755722

hurdfytsen    0.739793

Top 30 analogous words or synonyms for follybal

Your secret weapon. Online courses as low as $11.99

Article Example
Follybal It heechste nivo in Nederlân is de A-League, earder hjitte dat de earedifyzje. Dêrûnder folgje, op nasjonaal nivo, de B-League, de earste en twadde difyzje. Dy fjouwer heechste nivo's fan Nederlân wurde organisearre troch it haadkantoar fan de NeVeBo. Op regionaal nivo, dus per disktrikt organisearre, binne der de regiodifyzje, dat foarhinne de tredde difyzje hjitte, de promoasjeklasse en dêrnei folgje de klassen 1 o/m 4-6 (ôfhinklik fan de regio). Promoasje en degredaasje giet yn dy folchoarder. Foar de wedstriden op regionaal nivo is Nederlân ferdield yn fiif regio's, eltse regio organisearret op ferskate nivo's regionale kompetysjes. De regio's en it haadkantoar wurkje soms ek gear: mei elkoar organisearje hja in tal fan nasjonale kampioenskippen.
Follybal Dêrnjonken wie it mooglik om ien tsjin ien te spiljen, mar ek tsien tsjin tsien. Om de fingers fan de froulju te beskermjen koene hja de bal earst ek fange en dan opgoaie.
Follybal Nederlân kaam yn 1925 yn oanrekking mei it follybal. Pater Simon Buis (1892-1960) hie it follybal sjoen yn de Amerikaanske steat Illinois. De Amsterdamse Maatschappij voor Jongemannen, AMVJ, nûge yn 1928 de Ingelske YMCA út om in demonstraasje te jaan fan it follybal. Dat sloech tige oan, de AMVJ waard yn 1930 dan ek de earste follybalklup fan Nederlân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard follybal yn Nederlân hieltyd populêrder, omdat soldaten út ûnder mear Amearika, Kanada en Poalen rûnom yn it lân follybal spilen. Yn de jierren nei de oarloch waard follybal dan ek in echte skoalsport. No wie der in probleem: yn Nederlân waarden net deselde regels hantearre, dat der koene gjin echte wedstriden spile wurde. De rop om in organisaasje dy't alles regelje soe, waard nei de oarloch hieltyd grutter. Dêrom waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam de NeVeBo oprjochte, it Nederlânske follybalbûn.
Follybal Foar de lanneteams binne de folgjende kampioenskippen it wichtichst:
Follybal – Wikipedy hat ek in temaside oer follybal
Follybal De nethichte hinget ôf fan de kategory dêr't yn spile wurdt. By jongerein jonger as 13 jier wurdt ek de grutte fan it fjild oanpast.
Follybal Morgan helle spulregels út besteande sporten as tennis, basketbal en honkbal. Dy regels by elkoar waard follybal. De bal moast sûnder de grûn te reitsjen oer it net spile wurde. Dat hjit in folly. In netservice mocht ien kear oerdien wurde en ek mocht der yn it spul dribbele wurde oant ien meter foar it net. Mei it dribbeljen wurdt dan de bal foar dysels omheech spilje bedoeld. In wedstriid bestie út innings. Sa'n inning wie oer at alle spilers fan beide team ienris opslein hiene.
Follybal Omdat it follybal yn Amearika útfûn waard, waard it dêr earst it meast spile. It duorre in skoftke ear't oare parten fan de wrâld ek de sport begûnen te beoefenjen. As earste kamen de minsken yn Aazje yn oanrekking mei it follybal. Pas yn 1917 kaam it follybal yn Jeropa. It follybal waard earst fral spile yn East-Europeeske lannen, lykas Tsjechje, Bulgarije en Poalen, ek waard der in protte follyballe yn benammen Japan en Súd-Korea. Yn 1947 waard de Fédération Internationale de Volleyball (FIVB) oprjochte. Dêrnei waard it earste Wrâldkampioenskip follybal foar manlju hâlden yn 1949, foar froulju wie dat yn 1952. De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) waard pas offisjeel oprjochte op 21 oktober 1963, mar follybal wie dêrfoar al tige populêr yn Jeropa.
Follybal De Nederlânske frouljusploech draait ek al jierren mei yn de top. Nederlân stiet op dit stuit op plak 11 op de wrâldranglist. De ploech hat ferskate súksessen helle, sa waard de ploech op it Europeesk Kampioenskip 1995 Europeesk Kampioen, dat wie ûnder lieding fan trener Bert Goedkoop. Al earder waard der op it Europeesk Kampioenskip 1991 in sulveren medalje helle en yn 1985 waard der brûns helle. Under lieding fan Avital Selinger, soan fan Arie Selinger, helle Nederlân yn 2007 ûnferwachts goud op it grutte World Grand Prix toernoai. Ek waard der yn 2009 op it Europeesk Kampioenskip sulver helle. Op it Wrâldkampioenskip fan 2010 waard in alfde plak helle. Op it Europeesk kampioenskip fan 2011 yn Itaalje en Servje waard de ploech terloarstellend útskeakele yn de kwartfinale, de ploech einige as sande. Dat betsjutte it ûntslach fan Avitel Selinger, Bert Goedkoop folge him op as ynterim-trener.
Follybal AMVJ, Dynamo, HvA Volleybal, Lycurgus, Martinus, VC Nesselande, VC Omniworld, D.O.C.-Stap Orion, Landstede Volleybal/VCZ, Kindercentrum-Alterno, Plantina Longa, Pollux, Rijnmond Volleybal, Sliedrecht Sport, Peelpush, Taurus, VC Weert, Fusion Rotterdam