Top 10 similar words or synonyms for fergryp

dekor    0.715952

byldspraak    0.665422

ûnrjochtlike    0.661895

ôfgryslike    0.642989

depressyf    0.634197

reklamespotsje    0.633509

oanklacht    0.632510

ynjûn    0.631190

oerbringing    0.628768

nijenien    0.627826

Top 30 analogous words or synonyms for fergryp

Article Example
Okke Geerts Kluin Op 12 april 1838 waard er foar dit fergryp op de Grutte Merk (Grins) ophongen; syn deadshimd wurdt bewarre yn it Grinzer Museum.
Lieuwe Pietersen De earste romans wiene yn it Hollânsk: "Femke B." (1984) en "Draaiers mythe" (1991). Dêrnei stapte er oer op it Frysk. Syn roman "It fergryp" waard yn 1998 bekroand mei de Kristlik Fryske Folksbibleteek Priis foar romans. In weromkearend tema yn syn boeken is in haadpersoan dy't op 'e siik giet nei eat dat yn har ferline bard is.
Herfoarme tsjerke (Boerum) By de tsjerke waard fan 1500 oant 1682 rjochtsprutsen troch doarpsrjochters, dy't troch it kleaster en letter de grytman oanwiisd wiene. De stien dêr't de rjochter op siet waard yn 1969 werom fûn tidens wurksumheden op it tsjerkhôf. Dêrnei krige de stien syn oarspronklike plak werom op de súdeastlike hoeke fan it hôf. By de stien stie eartiids in kaak, dêr't in feroardielde oan "de kaak steld wurde koe". Foar in swier fergryp gyng de feroardielde nei it galgefjild oan de feart.
Earste Brief oan de Korintiërs Yn 'e tiid dat Paulus "1 Korintiërs" skreau, stie it der mei de gemeente yn Korinte net sa fleurich foar. Behalven dat der ynterne rebûlje wie, hie ien fan 'e gemeenteleden gedoente mei syn eigen pleechmem en de oare kristenen lieten dat gewurde. Mannichien fûn huorkerij gjin slim fergryp en der wiene sels bruorren dy't leaver nei heidenske rjochters tastapten om oare kristenen oan te kleien, as dat se fan eigen folk wat ûnrjocht ferneare woene. It wie dúdlik dat der immen regaad meitsje moast, en om't Paulus de Korintyske gemeente stifte hie, foel him dy taak ta.
Snitser Bloednacht De twadde groep kaam om healwei twaen hinne by it hûs fan Jan Hendrik Bakker yn de Wide Noarderhoarne. Neidat hy meinomd waard hearde syn famylje letter in skot. Meidat it te nuodlik wie om nei bûten te gean, fûn syn soan de oare deis syn lyk. In pear minuten letter kaam it eskader oan by it hûs fan de famylje Van der Heide. Soan Feike hie inkele dagen dêrfoar spul hân mei in NSB'er, in fergryp dat dizze jûn syn dea betsjutte soe. Neidat hy fan hûs meinomd wie foel koart dêrnei it deadlike skot.
Fizioen fan Ezra It "Fizioen fan Ezra" beskriuwt hoe't God in gebed fan Ezra om moed beäntwurdet troch him sân ingels te stjoeren dy't him rûnliede yn 'e himel. Ek litte se him de hel sjen, dêr't guon sûnders oan 'e eachlidden ophongen binne. Yn 'e himel geane de rjochtfeardigen ûnskeind troch in ûnbidich fjoer en by fjoerazemjende liuwen lâns. As sûnders de himel yn glûpe wolle, wurde se lykwols troch hûnen ferskuord en troch it fjoer ferbaarnd. In ingel fertelt Ezra dat it fergryp fan dyjingen wie, dat se ""de Heare ûntkenden, en sûndigen mei froulju op 'e Dei fan 'e Heare.""
Links ride Yn Japan rydt men links omdat de Samurais harren swurd links drage (se binne dus rjochtshandich), en it oanreitsjen fan in Samuraiswurd gou as in swier fergryp. Troch links lâns in Samurai te rinnen (as men elkoar temjitte rint) gie men lâns syn rjochterkant en is der dus net folle kâns om it swurd te reitsjen. Ek hjir jildt lykwols wer dat it foar de drager fan it swurd makliker is om in slag ôf te warren of ta te bringen troch links oan te hâlden.
Federico García Lorca Geandewei de jierren tweintich rekke er almar mear behelle yn 'e Spaanske "avant-garde". Syn "Romancero Gitano" ("Sigeunerballade"), út 1928, waard syn bekendste dichtwurk en brocht him rom en ferneamdens net inkeld yn Spanje, mar ek yn Latynsk-Amearika. Troch syn homoseksualiteit, yn dy tiid noch op syn bêst in maatskiplik taboe en op syn minst in krimineel fergryp dêr't men jierren foar it tichthús yndraaie koe, kaam er geastlik almar mear yn 'e knipe en rekke er yn djippe depresjes. Syn famylje, dy't fan syn swierrichheden (sij it faaks net fan 'e oarsaak derfan) ôfwist, beävensearre yn 1929-1930 in lange reis nei de Feriene Steaten en Kuba foar him. Yn New York studearre er Ingelsk, mar hy wie mear dwaande mei syn skriuwwurk as mei syn stúdzje.
Seksuële oantaasting Seksuële oantaasting (Nederlânsk: "aanranding"; offisjeel: "aanranding der eerbaarheid") is in misdriuw wêrby't men immen tsjin dyjinge syn wil twingt om in ûntuchtige hanneling te ûndergean of te ferrjochtsjen. Gauris komt it dêrby del op it oanreitsjen of oanreitsje litten fan 'e geslachtsdielen, mar ek immen tútsje of jin tútsje litte troch immen sûnder dat dyjinge dat wol, falt ûnder seksuële oantaasting. De grins mei ferkrêfting leit oer it algemien by it binnenkringen fan it lichem fan it slachtoffer of it twingen fan it slachtoffer om jins eigen lichem binnen te kringen. Sadwaande foel in tongtút, wêrby't men ommers mei de tonge it lichem fan 'e oare binnengiet, foarhinne neffens de Nederlânske wet ek ûnder ferkrêfting, mar sûnt maart 2013 wurdt foar dat relatyf ûnskuldige fergryp in útsûndering makke, en falt tongtútsjen ûnder seksuële oantaasting. Der stiet yn Nederlân op seksuële oantaasting op syn heechsten acht jier finzenisstraf.
Selsmoard Hoe't men tsjin selsmoard oansjocht, ferskilt fan kultuer ta kultuer. Wichtige eksistinsjele tema's as leauwe, eare en de betsjutting fan it libben hawwe dêr ynfloed op. De grutte monoteïstyske religyen (joadendom, kristendom, islaam, bahaïsme) beskôgje selsmoard tradysjoneel as in fergryp foar God oer, mei't it libben sjoen wurdt as in geskink fan God dat in minske net sels weromjaan mei. It moderne idee fan it selsbeskikkingsrjocht stiet datoangeande rjocht foar dizze sjenswize oer. Yn Japan wie yn it tiidrek fan 'e samûrai's "seppuku" (in foarm fan selsdeading troch jinsels yn 'e búk te stekken dy't bûten Japan bekender is ûnder de beneaming "harakiri") in maatskiplik folslein akseptearre middel om boete te dwaan nei in slim falen of as foarm fan protest. Yn 'e hindoeïstyske kultueren fan it Yndiaaske subkontinint en it Yndonezyske eilân Baly wie sûttiïsme, dêr't yn 'e njoggentjinde iuw troch de Britske, resp. Nederlânske kolonisators it near op lein waard, in praktyk wêrby't (libbene) widdo's mei ferbrând waarden by it kremearjen fan it lichem fan harren man (sij it út eigen wil of ûnder maatskiplike druk).