Top 10 similar words or synonyms for feepleatsen

goudmyn    0.729843

selskipshûnen    0.725718

ranches    0.722230

driuwtille    0.713788

brânnettel    0.711980

grenaten    0.710823

ferkavele    0.710572

copying    0.709329

melanoleuca    0.708419

gersstjer    0.707516

Top 30 analogous words or synonyms for feepleatsen

Article Example
Crow Creek Yndianereservaat Tsjintwurdich wurdt it grutste part fan it reservaat pachte troch in pear famyljes dy't grutte "ranches" (feepleatsen) besitte. De wurkleazens is heech en de earmoede grut, ek al hat de stamme yn it reservaat, dat bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt, in eigen kasino sette litten (it "Lode Star Casino and Hotel"), dat, yn 'e mande mei de archeologyske fynplakken en it boatsjefarren en angeljen op Lake Sharpe, in protte toeristen lûkt.
Kapibara Kapibara's bringe in grut part fan 'e tiid yn it wetter troch, en libje sadwaande altyd deunby iepen wetters, lykas sompen, rivieren, marren of puollen. Dêrby komme se foar yn sawol ticht tropysk oerwâld as op frij iepen savannes. Se mije kultuerlân net, en sette har ek graach op iepen gerslân (deunby wetter) op feepleatsen nei wenjen, dêr't se it gers opfrette dat bestimd is foar it fee, en sadwaande troch de boeren as ûngedierte beskôge en navenant behannele wurde.
Wylde Westen De útrûging fan 'e bizonkeppels makke hûnderttûzenen kante kilometers frij foar feeweiderij. Spaanske feeboeren hiene dat al yn 'e santjinde iuw op lytse skaal yntrodusearre yn it Súdwesten, dêr't se langhoarne kij fokten dy't nei it weidzjen byinoar dreaun waarden troch saneamde "vaqueros", de earste echte "cowboys" fan it Westen. De Amerikanen neamden letter harren feepleatsen "ranches" (nei it lokale Spaanske wurd foar pleats, "rancheria"), en harren grutte feeboeren "ranchers" (net te betiizjen mei "farmers", dat mear de Fryske gerniers en komelkers fan âlds wiene).
Wylde Westen Yn trochsneed fertsjinne in "cowboy" $30 oant $40 de moanne. Om't it wurk lichaamlik en geastlik swier wie (en noch ientoanich dêropta), wie it útsûnderlik as men langer as in jier as sân "cowboy" bleau. Yn 'e 1880-er jierren, doe't troch de fuortgeande kolonisaasje fan it Westen it feeweidzjen op 'e iepen prêrje en it feedriuwen oer lange ôfstannen stadichoan plakmakke foar ôffrede feepleatsen, rekke it berop fan "cowboy" dêrmei ek yn it neigean, en tsjin 'e midden fan 'e 1890-er jierren wie it dien mei de gloarjedagen fan 'e "cowboys", wylst doe de myten dêroer krekt de kop begûnen op te stekken.
Kalifornje Yn 1821 wûn Meksiko syn ûnôfhinklikheid fan Spanje, en kaam Kalifornje by it nije lân te hearren, al bleau it ûnder de namme Opperkalifornje in ôfhandige úthoeke dêr't troch it regear yn Meksiko-Stêd net folle nei omsjoen waard. Yn súdlik Kalifornje waarden yn 'e Meksikaanske tiid grutte feepleatsen of "ranchos" oanlein, dy't it eigendom wiene fan Kalifornyske Meksikanen fan Spaansk komôf, de saneamde "Californios". Yn Noard-Kalifornje arrivearren yn 'e 1820-er jierren fia it "Oregon Trail" en it "California Trail" de earste Ingelsktalige jagers en kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten wei.
Cowboy Yn trochsneed fertsjinne in cowboy $30 oant $40 de moanne. Om't it wurk lichaamlik en geastlik swier wie (en noch ientoanich dêropta), wie it útsûnderlik as men langer as in jier as sân cowboy bleau. Yn 'e 1880-er jierren, doe't troch de oanhâldende kolonisaasje fan it Westen it feeweidzjen op 'e iepen prêrje en it feedriuwen oer lange ôfstannen stadichoan plakmakke foar ôffrede feepleatsen, rekke it berop fan cowboy dêrmei ek yn it neigean, en tsjin 'e midden fan 'e 1890-er jierren wie it dien mei de gloarjedagen fan 'e cowboys, wylst doe de myten dêroer krekt de kop begûnen op te stekken.
Newport Beach (Kalifornje) Lange tiid waard krite fan Newport Beach bewenne troch de Tongva, Juaneño- en Luiseño-Yndianen. De earste Jeropeeske besiker wie de Spanjert Juan Cabrillo, dy't yn 1542 in tocht by de Kalifornysje kust lâns ûndernaam. Fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw ôf waard súdlik Kalifornje kolonisearre troch Spanjerts út 'e koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) wei, en waarden de Yndianen kristene. Yn 'e Meksikaanske tiid (1821-1848) wie it gebiet opdield yn grutte feepleatsen. Nei't it yn 1848 oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, mei de rest fan it súdwesten troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, kaam de kolonisaasje troch de Amerikanen op gong.
Western (sjenre) De western (benammen de westernfilm, mar westernliteratuer faak ek) nimt yn prinsipe de eleminten fan sokke ferhalen en foarmet se om ta ienfâldige moraliteiten, hoewol't guon útsûnderings op moreel mêd folle dûbelsinniger binne, lykas de mei fjouwer "Oskars" bekroande film "Unforgiven", fan Clint Eastwood. De western mei graach de klam lizze op 'e wredens fan 'e wyldernis, en fynt sadwaande faak plak yn in ûnfruchtber, desolaat lânskip. Spesifike dekôrs binne isolearre forten, feepleatsen ("ranches") en boerespultsjes ("farms" of "homesteads"), it Yndiaanske doarp of kamp, en benammen it lytse, stoffige stedsje oan 'e foargrins fan 'e beskaving, mei in kroech ("saloon"), winkel ("general store"), hierstâl ("livery stable") en "sheriff"skantoar mei selleblok ("jailhouse"), dêr't de wyn wite amaranten ("tumbleweeds") oer de haadstrjitte blaast.
Chatsworth (Los Angeles) Chatsworth waard yn 1888 stifte as in selsstannige delsetting, en waard ferneamd nei Chatsworth House, de famyljeresidinsje fan 'e hartoggen fan Devonshire, yn it Ingelske greefskip Derbyshire. Yn 'e tweintiger jierren fan 'e tweintichste iuw ûntstiene der yn 'e heuvels om Chatsworth hinne ferskate filmranches, feepleatsen dy't poer en allinnich oanlein waarden om der westernfilms op te nimmen. Dat de kar dêrfoar op Chatsworth foel, hie sawol te krijen mei it dramatyske lânskip dêre, as mei de neite ta de filmyndustry fan Hollywood. Behalven films waarden der yn dy krite ek in protte tillefyzjesearjes en reklamespotsjes opnommen. Chatsworth behold syn plattelânske karakter fierhinne oant yn 'e jierren sechstich, doe't it langsum mar seker opslokt waard troch it almar úttynjende Los Angeles.
Santa Barbara (Kalifornje) Hoewol't de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wat wie dat him fier fuort yn it Easten ôfspile en gjin direkte ynfloed op Santa Barbara hie, hie de rampsillige drûchte fan 1863 dat wol. It grutste part fan it fee kaam om en de grutte feepleatsen giene hast allegear oer de kop; de grûn waard yn lytse stikken ferkocht oan nije kolonisten út it Easten. Yn dyselde snuorje priizge de skriuwer Charles Nordhoff Santa Barbara oan as in kueroard foar begoedige reizgers út oare dielen fan it lân. In protte fan 'e lju dy't dêrop ôf kamen, hiene it yn 'e stêd sa nei't sin dat se har der foargoed nei wenjen setten. Tsjin 1900 hie Santa Barbara in befolking fan hast 6.600 minsken.