Top 10 similar words or synonyms for farus

odoaker    0.859299

aetius    0.847365

desius    0.812651

barkas    0.810108

aëtius    0.807642

pompeius    0.800245

eugenius    0.798795

stilicho    0.796785

germanikus    0.795965

sassaniden    0.790421

Top 30 analogous words or synonyms for farus

Article Example
Slach by Abrittus Neffens de Romeinske skiedskriuwer Ammianus Marsellinus wie de delsach fan Desius fergelykber mei de nederlaach dy't Farus oprûn tidens de Farusslach eartiids.
Arminius Nei dy earste klap lutsen de restanten fan de trije legioenen fierder. Lykwols meitsje de Romeinen, sûnder help fan Germaanske gidsen, fier fan de wênstige rûte, net folle kâns te oerlibjen. Farus docht himsels tekoart en mar in inkeling kin oan de slachting ûntkomme. Tegearre mei de manlju geane de "aquilae" (earnen) fan it XVIIe, XVIIIe en XIXe legioen ferlern.
Arminius Wat Arminius der ta brocht hat om yn opstân te kommen tsjin de Romeinen is net bekend. Mooglik hawwe syn persoanlike ûnderfiningen yn Germaanje dêrby in rol spile. Wis is, dat Arminius himsels yn in ideale posysje brocht om de opstân útein te setten. Dat die er troch yntinsyf kontakten te ûnderhâlden mei de ferskillende stammen en troch Farus syn fertrouwen te winnen. Mei it berjocht dat ferskillende stammen yn opstân komd wiene, lokke hy Farus fuort fan de gebrûklike rûte nei in smelle stripe tusken de Kalkrieser Berch by Osnabrück en it fean, sadat hy de lange en swier bepakte kolonne yn de flank oanfalle koe en de legionêrs allinnich de kar hiene tusken berchopwerts oan te fallen of it fean yntreaun te wurde, sûnder de tiid te hawwen harren yn slachoarde groepearje te kinnen.
Farusslach Under lieding fan Herman, in haadling fan de stam Sjerusken dy't in skoft yn it leger fan de Romeinen tsjinne hie, kamen de Germanen massaal yn opstân. De Romeinen stjoerden de Romeinske generaal Farus op him ta mei in leger dat út likernôch 18.000 soldaten bestie. De Germanen gongen de konfrontaasje út 'e wei. Doe't it Romeinske leger op 'e weromreis wie nei syn kampen yn Ksanten om dêr de winter troch te bringen rûn it tichtby Kalkriese yn in leach. De Romeinen waarden troch de feriene Germaanske kriichsmacht ûnder lieding fan Herman hieltyd fierder it úngastfrije "Teutoburgerwâld" ynlutsen. It wâld wie sa min troch te kommen dat de Romeinen harren slachlynje net byinoar hâlde koenen. De útstrekte leger koe dêrtroch maklik oanfallen wurde troch de Germanen. Yn in pear dagen tiid waard it Romeinske leger útmoarde. Doe't by de slach de ûndergong net mear te kearen wie, sloech de Romeinske oanfierder Farus de hân oan himsels.
Arminius Pas fiif jier letter, yn 14 nei Kristus, stekt Germanikus de Ryn wer oer, ynearsten om de skande fan de rebûlje yn Germania Inferior mei it bloed fan de Marsen út te wiskjen, letter iepentlik mei as doel de nederlaach fan Farus te wreken. Nei diverse moardpartijen oanrjochte te hawwen ûnder de neat yn de gaten hawwende Marsen en de Sjatten, set Germanikus de efterfolging yn op Arminius.