Top 10 similar words or synonyms for elshout

schievink    0.916629

etten    0.913892

eeuwfeest    0.902144

odé    0.901151

kars    0.898263

cheruiyot    0.897357

wiggele    0.890983

bosscha    0.890958

bulsing    0.890285

zijsling    0.890273

Top 30 analogous words or synonyms for elshout

Article Example
Grifformearde tsjerke (Lollum) No wie it de hichte wol foar de tsjerkeried en op 2 july 1887 krigen alle gemeenteleden in brief fan de tsjerkeried dat de ried fan doel wie om de tsjerke-oarder fan 1618 wer jildich te meitsjen en te brekken mei it herfoarme tsjerkeferbân. Dy snein bepleite âlderling Elshout yn de tsjerke de úttrêding út de herfoarme tsjerke. Likernôch 90% fan de leden folge de tsjerkeried en sleat him oan by de Nederdútske Grifformearde Tsjerke. De lytse minderheid dy't lidmaat bleau fan de herfoarme tsjerke krige de doe krekt restaurearre tsjerke, it nije oargel en it besit fan de tsjerke tawiisd.
Ron van den Hout Nei't er yn 1998 weromkeard wie yn Nederlân, wie Van den Hout wurksum as parochiaal meiwurker yn Tilburch. Teffens wied er fan 1998 oant 2009 pastoar fan Drunen-Elshout, wylst er sûnt 1998 ek dosint Hebriuwsk, Judaïka en Alde Testamint wie yn it bisdom De Bosk, oan it Sint-Janssintrum. Dêropta wie Van den Donk yn dyseldichste snuorje ek noch drok mei it skriuwen fan syn dissertaasje oer it bibelboek Sacharja, eat dat him tige dreech foel. Uteinlik wist er syn proefskrift dochs te foltôgjen en promovearre er op 9 maaie 2009 oan 'e Radboud Universiteit Nimwegen ta doktor yn 'e teology.
Grifformearde tsjerke (Lollum) No wie Lollum in rjochtsinnige gemeente en doe't dûmny De Haas kaam te preken naam dy syn trekken waar om ris goed oer syn liberale opfettings oer it leauwe út te wreidzjen. Yn syn preek neamde er ta besauwing fan de gemeente û.o. de Hillige Skrift "in papieren paus", dy't de minsken yn slavernij hold. Nei ôfrin fan de tsjinst rôp âlderling Arie Elshout (1829-1922) de dûmny ta ferantwurding en lies him it ûndertekeningsformulier mei it ûnthjit foar, dat ea troch De Haas tekene wie om dûmny wurde te kinnen. Ek in tsjerkfâd die der ûnder ynstimming fan de gemeente it sines ta, en doe joegen hja De Haas de gelegenheid it tsjerkegebou te ferlitten.