Top 10 similar words or synonyms for eilândialekt

molkwardersk    0.736851

beware    0.722400

selkearn    0.717670

synkretisme    0.717109

atypyske    0.716918

saurisia    0.714517

nederfrankysk    0.713952

homsjetysk    0.713215

fallax    0.712468

sinnestien    0.709826

Top 30 analogous words or synonyms for eilândialekt

Article Example
Tekselsk Yn 'e klanklear komt sa mei-iens it foarnaamste ferskil tusken it Tekselsk en it Lânwestfrysk nei foarren ta: typysk Westfryske klanken as de "ai" en de "oi", fan "kaike" of "koike" ("sjen", Ned.: "kijken") ûntbrekke yn it eilândialekt. De reden dêrfoar is dat sokke wurden yn it Tekselsk de oarspronklike i-klank beholden is ("kieke"). Krektsa is hat it Tekselsk noch "huus" ("hûs"), dêr't men yn it Lânwestfrysk fan in "huis" sprekt.
Noardfrysk Troch harren relative isolaasje op it Waad en harren hegere maatskiplike status steane de eilândialekten, dy't noch sprutsen wurde troch yn totaal sa'n 7.000 minsken, der oer it algemien better foar as de fêstelândialekten, dy't mei-inoar mar sa'n 3.000 sprekkers hawwe. It dialekt mei de measte sprekkers is it eilândialekt fan Feer, it Fering, dat noch troch sa'n 3.000 minsken sprutsen wurdt. Feer hat sa'n 11.000 bewenners en men kin stelle dat likernôch in trêde part dêrfan Fering sprekt of ferstean kin.
Skiermûntseagersk Wat de konsonanten oangiet, komt it Skiermûntseagersk grutdiels oerien mei it Standertfrysk. Sa stiet ek hjir nea in z, v of ch oan it begjin fan in wurd. En in g dy't in wurdinisjale posysje hat, wurdt altyd útsprutsen as de "hurde" plofklank [ɡ] (fan "goed"), en nea as de "sêfte" wriuwklank [ɣ] (fan "drage"). Lykwols besteane der sterke oanwizings dat soks net altyd sa west hat, en dat de "hurde" g in frij resinte ûntliening oan it Standertfrysk is, dy't oarspronklik yn it eilândialekt net foarkaam. Krekt as de Fryske eilândialekten fan Skylge (it Skylgersk en it Aastersk) beskikt it Skiermûntseagersk oer de konsonantekluster [sx] ("sch" fan "school") as ekwifalint foar de Standerfryske [sk] ("sk" fan "skoalle"), lykas yn "schúele" ("skoalle") en "schiimer" ("skimer"). It is al nuveraardich dat it ferhollânske Amelânsk dêrfoaroer krekt de [sk] beholden hat. Ek de troch-Fryske klank [ʧ] (tsj fan "tsjerke") komt net yn it Skiermûntseagersk foar, dat dêrfoar as ekwifalint de [c] (tj fan "tjems") oanhâldt, lykas yn "tjattel" ("tsjettel") en "tjúenderee" ("tsjoenderij"), en ek "tjiis" ("tsiis"), mei't de [ʦ] (ts fan "tsien") yn it eilândialekt krektlyk ûntbrekt.
Skiermûntseagersk Sûnt de jierren tachtich bestiet op Skiermûntseach de "Taalplúech", in wurkgroep wêrfan't de leden koarte ferhalen en gedichten yn it eilândialekt skriuwe. Teffens fersoarget dizze organisaasje kursussen foar oarstaligen om it dialekt ûnder de knibbel te krijen; yn 2001 wiene der sa'n tweintich minsken dy't op dy wize it dialekt learden, wylst der yn 2004 sa'n tritich dielnimmers wiene. It Skiermûntseagersk wurdt ek noch brûkt foar muzyk. Sa hawwe Henriëtte Pieperiet-Van Bon en Greta Hoogvliet in cd útbrocht mei lietsjes yn it dialekt, mei as titel "Eilander Liêten, fan de Lytje Pole".
Skiermûntseagersk In foarbyld fan 'e behâldende kwaliteiten fan dit eilândialekt is bygelyks dat it Skiermûntseagersk foarhinne stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden hie, sa't it Frysk dat lang lyn ek hân hawwe moat. Dus wurden as "raid" ("read") en "root" ("rôt") hiene net deselde einklank (mei't de d oan 'e ein fan "raid" net ferwaard ta in t-klank, of, yn taalkundich jargon, om't der gjin einûntstimming plakfûn). Dit ferskynsel is lykwols ek yn it Skiermûntseagersk hast útstoarn en inkeld by de âldste sprekkers komt it tsjintwurdich noch foar.
Tekselsk Der besteane ek typysk Tekselske wurden, dy't logyskerwize oer it algemien te krijen hawwe mei saken dy't karakteristyk foar it eilân Teksel binne. Sa is it gjin tafal dat der yn it eilândialekt wol tweintich oantsjuttings foar it begryp "skiep" binne. In "boetje" is in "skieppehok"; in "overkonter" immen dy't ôfkomstich is fan it fêstelân; in "duunknien" ien dy't in protte yn 'e dunen omswalket; en in "óóstewiendjutter" in jutter dy't in oar syn ferskûle jutguod ûntnaderet. In "seumerfeugel" is op Teksel de oantsjutting foar baaigasten, wylst men "kneppelfeugel" is as men jin tige min fielt, om hokfoar reden dan ek (ntl. as in fûgel dy't mei in kneppel delslein is). In "tuunwòòl", ta einsluten, is in fan grûn en seadden makke ôffreding tusken de greiden.
Skiermûntseagersk De twaklanken "aai", "ai" en "ei" wurde útsprutsen lykas yn it Wâldfrysk. De "au" komt gauris yn it stee fan 'e â, dy't yn it eilândialekt ûntbrekt; ferlykje foarmen as "aud" ("âld"), "haun" ("hân"), "laun" ("lân"), "saun" ("sân") en "straun" ("strân"). De "ea" fan "beam" en "eo" fan "freon" komme yn it Skiermûntseagersk allinne mar foar as se foàr in r steane, yn 'e kombinaasjes "eer" en "eur". Wol is dêrby mooglik dat dy r stom is (yn 'e taalkunde r-deleesje neamd), lykas yn it wurdt "meurn" ("moarn"), dat rymt op "gleon". It iennichste Skiermûntseagerske lûd dat net foarkomt yn it Standertfrysk is de twaklank "eeuw", dy't útsprutsen wurdt as [ɛ.ṷ], dus de ê fan "bêd", folge troch de û fan "rûch".
Douwe Fokkema sr. Njonken wurdlisten publisearre Fokkema yn yn 1960 ek de "Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs", in Nederlânsktalich wurk wêryn't er sekuer de grammatika fan it eilândialekt útinoar sette. Fierders skreau er noch ferskate artikels oer syn memmetaal, dy't yn ferskillende tydskriften ôfprinte waarden. Ek wie Fokkema aktyf as oersetter, wêrby't er û.m. it "Evangeelje fan Mattéus", it boek "Ruth" en ferskaten fan 'e "Psalmen" nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Teffens fertaalde er in grut diel fan it tsjerklik lietboek en fierders ferskynde yn 1959 fan him in bondeltsje mei oersette koarte ferhalen fan û.m. Nicolaas Beets (Hildebrand) en Multatuli. Yn 1979 kaam ûnder syn redaksje fierders ek noch it earste lêsboek foar skoalbern yn it Skiermûntseagersk út, it "Schiermonnikoger Lôzbúek".
Lammert Wiersma Wiersma begûn yn 'e earste helte fan 'e jierren tweintich fan 'e tweintichste iuw yn Den Helder mei it skriuwen fan Nederlânsktalige boeken en ferhalen. Syn earste publikaasje wie in berneboek, "Willem van den Lichtwachter" (1921). Dêrnei folgen "Vervuld", foar it Dorus Rijkersfonds, "Het Eiland Schiermonnikoog" (1938), "Uit de Zeiltijd" (1940) en "Tussen Noordzee en Wad" (1947). Pas doe't er al aardich op jierren wie, om 'e tiid hinne dat er mei pinsjoen gie, sette Wiersma útein mei te dichtsjen yn syn memmetaal, it Skiermûntseagersk. Der ferskynden sa'n acht dichtbondels mei fersen yn it eilândialekt fan syn hân. Yn syn gedichten ferhearlike er de natoer, de taal en kultuer en it ienfâldige libben op Skiermûntseach, sa't him dat noch bystie út syn jonkheid. Ek joech er utering oan syn religieuze (kristlike) gefoelens, bgl. yn 'e bondel "Herfsttridden" (1962).
Tekselsk Fierders is yn it Tekselsk de begjinklank [sk] (lykas yn "skom") beholden bleaun, krekt as yn it Amelânsk en it eardere Flylânsk, dat ek Hollânske dialekten binne, wylst dizze klank frjemd genôch yn 'e Fryske dialekten fan 'e eilannen Skylge en Skiermûntseach feroare is yn in Hollânske [sx] ("sch", lykas yn "school"). In oare begjinklank dy't yn it Tekselsk in protte foarkomt, mar yn it Standertnederlânsk fierhinne ûntbrekt, is de [c] (tj fan "tjems"). Dizze konsonantekluster is yn it eilândialekt fierhinne ekwifalint oan 'e [ʧ] (tsj fan "tsjerke") yn it Frysk. Lykwols besteane der ek wurden mei "tj-" dy't yn it Frysk net foarkomme, lykas "tjoutere" ("mei muoite prate"), "tjoert" ("skieppestront") en "tjoempe" ("yn it wetter batse", ek fig. "in soad ite").