Top 10 similar words or synonyms for drumband

wâldsang    0.852067

ijlstra    0.843685

eensgezindheid    0.842939

csl    0.837890

udiros    0.837478

jitze    0.836218

broekster    0.835656

bienze    0.835201

shantykoar    0.830336

æbe    0.828788

Top 30 analogous words or synonyms for drumband

Article Example
Vliezier De Vliezier ferskynde foar it earst yn 1999 as opfolger fan "Het Baken". Het Baken wie it klupkrantsje fan de drumband dat letter doarpsblêd waard. De Vliezier ferskynde ûnder redaksje fan Berend Hazenberg. Earst mei twa maten, letter allinnich. It krantsje ferskynt yn in oplage fan 800 stiks 46 kear yn it jier.
Tromme Trommels binne de grutste groep muzykynstruminten binnen de membranofoanen. It lûd fan trommels wurdt makke troch op in spand fel (membraan) te slaan. Dat kin mei stokken of mei de hannen. Dêrom de term slachynstrumint. De trommel is yn de muzyk hast altyd oanwêzich. Tink dêrby oan fanfares, brassbands, harmonyen, orkesten, kombo's en oan pop- en rockbands. In drumband bestiet út hast allinnich trommels.
Zware Jongens Fokko Dam en Arie Kuipers binne eigeners fan it artysteburo BME Bookings yn Wytmarsum. Dêr wurde de boekingen dien fan artysten as Anny Schilder, Rob Ronalds, Country Wytske en Django Wagner, fan bands as "Dakkeraf", "Stream" en de nije band fan Koos Keus, Sytse Haima (Pigmeat) en Sipke de Boer (Beugelband): De Suskes. Ek fan ferneamde DJ’s as Robert Abigail (Mojito-song fan de Bacardi reklame) en DJ Diva wurdt de agenda fierd. Fokko waard al op syn tolfde lid fan de drumband út Snits. Hy wie drumbandynstrukteur foar in hiel soad bands en skriuwt sels muzyk. Fokko is ek in foaroansteand lid fan de Blauhúster Dakkapel. Fokko hâldt de boerdsjes mei teksten yn'e loft. Yn 2003 fierde er it 25-jierrich jubileum as ynstrukteur fan Drumband Hallelujah Makkum. Neist in soad oare dingen wie er ek presintator fan de Haidiho-show, in programma mei foaral Hollânske muziek dat op GPTV útstjoerd waard.
Ingelum It doarp hat likegoed in bloeiend ferieningslibben. Foar skoallen is it oanwiisd op Bitgummole. Ek binne gâns Ingelumers lid fan ferienings yn Bitgum/Bitgummole. Dan giet it om bygelyks fuotbaljen, muzyk (fanfare, brassband en drumband) en reedriden. De trije doarpen Ingelum, Bitgummole en Bitgum wurde dan ek gauris as trije-ienheid beskôge. Mei dy doarpen en Marsum foarmet it in tsjerklike mienskip. Ingelum hat sûnt 1973 in eigen doarpshûs: 'Skerne Wibe', neamd nei de fetkeaper Skerne Wibe (Wijbe Sjoerds van Grovestins). It kafee 'De nieuwe ridder van Sint Joris' waard begjin santiger jierren sluten.
Sjoerd Nieuwland Hy hat in skoft lang dirigint west; sa wie er tusken 1956 en 1974 dirigint fan Soli Deo Gloria út Ljouwert. Sûnt Nieuwland dirigint wie, feroare de muzykstyl fan it orkest fan fanfare nei brassband. De foarkar fan Nieuwland, dy't ôfkomstich wie fan it Leger des Heils, gie út nei in dûbele besetting fan de brassband. "Soli Deo Gloria" spile yn dy tiid in protte yn tsjerketsjinsten, konserten en faak foar de radio. Under lieding fan Nieuwland groeide Soli Deo Gloria ta 130 leden; mei trije orkesten wie it sels ien fan de grutste muzykferienings fan Fryslân. Sa wie der in drumband mei trompetters, letter ek doedelsekspilers en dêrneist wiene der in soad muzyklearlingen. Sjoerd Nieuwland woe prinsipieel net meidwaan oan konkoersen, it gie him mear om de de feriening en har funksje yn de maatskippij. Jannewaris 1974 naam de 22 jier jonge dirigint Jan de Haan it roer fan Sjoerd Nieuwland oer by "Soli Deo Gloria". De brassband helle yn de jierren dêrnei ferskate súksessen.