Top 10 similar words or synonyms for donkerbroek

aldhoarne    0.902081

aldeberkeap    0.898386

makkingea    0.895766

dolsterhuzen    0.893686

skuorregea    0.887007

hoarnstersweach    0.881661

haulerwyk    0.881140

terwispel    0.879570

jobbegea    0.877129

langsweagen    0.875460

Top 30 analogous words or synonyms for donkerbroek

Article Example
Donkerbroek Keunstwurk De Klokkelieder, foar restaurant ’t Wite Hûs oer, is in oantinken oan in foarfal op 22 desimber 1749. Jongelju lieden de klokken om de ynwenners te warskôgjen foar de koamst fan belestingamtners. De amtners, kjel wurden fan de mei seines en skeppen bewapene Donkerbroeksters, naaiden út. Martien Lammers, mem fan ien fan de klokkelieders, waard yn 1750 feroardield ta twa jier tichthûs. Har ferwar dat it om Sint Tomaslieden gie waard net leaud.
Donkerbroek De befolking groeit hurd. Folkstellingen leare: yn 1838 137 húshâldings, 670 ynwenners; yn 1850 176 húshâldings, 842 ynwenners. De meast foarkommende beroppen binne dan nnoch altiten boer en arbeider. Fan turfwinning is hast gjin sprake en de yndustrialisaasje giet (ynearsten) oan Donkerbroek foarby. Der komme wol mear ambachtslju, lykas timmerlju, skuonmakkers, smidden, wevers, winkellju, grôtmakkers en weinmakkers. De Befolkingsregisters 1840-1860 en 1860-1880 skriuwe dat der al meardere (praktisearjende?) dokters yn it doarp wennen.
Donkerbroek De belestingkohieren neame yn 1749 322 ynwenners, ferdield oer 74 húshâldings. Ut de neamde beroppen is op te meitsjen dat it om in boeredoarp giet. Sa binne der 6 wevers, 4 skuonmakkers, in timmerman en in dûmny. Wa’t gjin ynkommen hie wie feroardield op leafdiedigens, fan ûnder oare de diakonij. De ûndersteuning koe ek "in natura" jûn wurde, bygelyks bôle.
Donkerbroek Yn de krisisjierren foar de Twadde Wrâldoarloch wie der frijwat middenstân dy’t grif net folle fertsjinne. Nei de oarloch begûn it doarp har stadichoan út te wreidzjen. Efter de lintbebouwing ûntstienen in tal nije wenwiken. Yn 1954 rûn it ynwennertal yn ien klap mei hûnderten werom trochdat it noardlike bûtengebiet by it nije doarp Waskemar kaam. Yn lettere jierren nei de oarloch kaam der mear lytsskalige bedriuwen yn it doarp. De middenstân waard lytser en de befolking fergrize stadichoan.
Donkerbroek Donkerbroek hat in Feriening foar Doarpsbelang dat byinoar komt yn doarpshûs "Oan 'e Feart". It doarpshûs bestiet sûnt 1990. Neidat jeugdsoas "De Trochsetters" opheft waard, is it gebou oan de Fruitier de Talmawei ferboud ta doarpshûs. It hat ien grutte seal. Oer it doarp binne in trijetal DVD's makke. Foar de jierren 2005-2015 is in takomstfyzje foar it doarp skreaun. Sa sil der bygelyks in mienskipssintrum, in passantehaven en wenningbou komme moatte. It doarp hat twa basisskoallen: 't Startblok en De Peggebult. Foar fuortset ûnderwiis binne de bewenners oanwiisd op Waskemar en Easterwâlde. Tsien kear jiers ferskynt de doarpskrante: Op'e Hichte. Troch in jierlikse Snertaksje en de advertearders is de krante gratis.
Donkerbroek Donkerbroek is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, noardwest fan Easterwâlde oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. It doarp hat likernôch 1.872 ynwenners (1 jannewaris 2011). Yn Donkerbroek wurdt fan oarsprong Stellingwerfsk sprutsen. Yn de 20e iuw ûntstie in sterke Fryske ynfloed.
Donkerbroek Yn 1408 waard de namme ferskillend skreaun. De namme bestie út twa dielen, nammentlik ‘Dunge’ of ‘Dong’ en ‘broek’ of ‘broec’. Op kaarten komme ek nammen foar mei Dom-, Doom-, Dem-, en Dam-. It twadde diel wurdt skreaun mei: -brouck, -broeck, -broik, -brek en (sels) –brug. Yn de Benefisjaalboeken (1542/1543) stiet Stellingwerf-Oosteinde Dombroeck, en by de tsjerklike besittings Dunckerbroeck. Op de Schotanuskaart (1664) stiet Donckerbroeck en op de Schotanuskaart fan 1685 wurdt foar it earst Donkerbroek skreaun. Broec, brouc, broik of broek betsjut yn it Middelnederlânsk Hânwurdboek: moeras, poel, leech lân. Donc betsjut dêryn: heger lizzend wenstee yn in leechlân, it doarp lei dus op in hichte yn in ‘broec’gebiet.
Donkerbroek Yn 1790 is it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart foarby Donkerbroek komd. Acht jier lang wurdt it doarp yn twaen dield, yn 1798 komt der pas in brêge. It doarp leit no oan it wetter, en kin dus ek mei it skip berikt wurde. Net allinnich turf mar ek foar oar ferfier. It Kasboek fan de Tsjerkefouden fan de NH Gemeente skriuwt dat al yn 1791 oan Geert Bates “agtien stuivers” betelle wurdt foar ferfier mei skip fan “een ton kalk”. Yn 1796 biedet Alle Jochems in fearskip te keap oan “varende van de Gorredijk op Lippenhuizen ……en Donkerbroek”. Keaper wurdt Thylemans Johannes van Gans. Oan de feart wurde húskes boud en (fier) bûiten de beboude kom ferrize buorskippen as Petersburg en Moskou.
Donkerbroek Neist de begoedige boargerij wienen in soad dy’t lang en hurd wurkje moasten foar in bytsje jild en dy’t oanwiisd wienen op de diakonij om troch de tiid te kommen. Yn har kasboeken steane in soad minsken mei in útkearing en it beteljen oan earmen fan kosten foar medyske help en begraffenissen. Dat yn sokke tiden nei de drank grepen waard kin opmakke wurde út it grutte oantal taappunten en kafees yn it doarp. Sa koe op it stee fan it hjoeddeiske kafee De Vosseheer midden 19e iuw al in slokje opnomd wurde. Ein 18e iuw stie op wat no Geert Wolter Smitwei is 12 al in kafee mei de namme Het Posthuys. De postkoets die dêr oan, de hyns koene yn de trochreed op ferhaal komme en, sa leart it kasboek fan de Tsjerkefouden, de lokaliteit waard ek brûkt troch neamde pommeranten. Al yn 1797 wurde betellings oantroffen oan “van verteeringen in het Posthuys”, omdat de tsjerkefouden “een brief schrieven (moasten)”, of as der stimd wurde moast oer in te beroppen predikant. Blykber liende de herberch him dêr better ta as it tsjerkegebou.
Donkerbroek Om 1900 is de befolking oangroeid nei boppe de 1300 en yn 1938 al nei 2103 ynwenners. Begjin 20e iuw krijt de út it bûtenlân oerwaaide koöperaasjegedachte hjir fêste foet oan de grûn, en ek hjir komme inisjativen fan de boeren. 1902: it koöperative Stoomsuvelfabryk (fuortsetting fan it fjouwer jier earder begûne spekulative molkfabryk); 1904: in Koöperative Feriening ta Oankeap fan Lânbouärk en yn 1911 de koöperative Raiffeisenbank ‘Donkerbroek’. Alle trije binne al wer ferdwûn. Yn 1911 rydt de earste tram Donkerbroek binnen.